Happy end

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
1rightarrow.png Dizze side giet oer de ferteltechnyk 'happy end'. Foar oare betsjuttings, sjoch: happy end (betsjuttingsside).

In happy end (Ingelsk foar "lokkich ein") is in ferteltechnyk dy't de beëiniging fan 'e plot omfettet fan in fiksjewurk (lykas in ferhaal, boek, film of tillefyzjesearje), wêrby't alles úteinlik (dochs noch) goed beteard foar de haadpersoanen, de byfigueren en frijwol eltsenien behalven de smjunten, dy't har fertsjinne lean krije. It happy end kin gearfet wurde yn 'e formule "en se libben noch lang en lokkich," dêr't de measte mearkes mei einigje. De term happy end komt út it Ingelsk, dêr't itselde begryp lykwols altyd in happy ending neamd wurdt en frijwol nea in happy end.

In happy end kin derút bestean dat dat de held, heldinne of helden alle gefaren oerlibje dy't op harren paad komme, en dat se harren missy ta in goed ein bringe. It kin lykwols ek in romantyske lading hawwe, wêrby't de held en heldinne inoar oan 'e ein fan it ferhaal krije, en harren leafde konsummearje of beslute inoars libben te dielen nettsjinsteande alle faktors dy't dat geandewei it ferhaal ûnmooglik lieken te meitsjen. It komt ek gauris foar dat it folbringen fan in missy kombinearre wurdt mei in romantysk gearkommen.

De measte lêzers en sjoggers meie graach oer in happy end, om't dat harren in goed gefoel jout, al ûnderfine dielen fan it publyk beskate happy ends as te swiet en salverich. Yn 'e narratology kinne der ferskate oare ferteltechniken foar in happy end oer pleatst wurde. Ien is in ein wêryn't de haadpersoan of ien fan 'e haadpersoanen syn doel dan wol berikt, mar dat mei syn of har dea bekeapje moat. Fierders is der de saneamde iepen ein, wêrby't de skriuwer of regisseur de ein fan 'e plot sa beskriuwt of yn byld bringt, dat dy foar mearderlei útlis fetber is. Ta einbeslút hawwe guon plots, wêrby't it faak giet om wier barde ferhalen, in ein wêryn't de haadpersoan stjert sûnder dat er syn doel berikt hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.