Springe nei ynhâld

Rosa Parks

Ut Wikipedy
Rosa Parks
Rosa Parks yn 1955, mei op 'e eftergrûn Martin Luther King.
Rosa Parks yn 1955, mei op 'e eftergrûn
Martin Luther King.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rosa Louise McCauley Parks
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 febrewaris 1913
berteplak Tuskegee (Alabama)
stoarn 24 oktober 2005
stjerplak Detroit (Michigan)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Ulstersk
Sjeroky
wurkpaad
berop/amt naaister, siktaresse
aktyf as minskerjochte-aktiviste
jierren aktyf 19431957 (as aktiviste)
reden
  bekendheid
wegere har plak yn it iepenbier
    ferfier ôf te stean oan in blanke
bekendste
  wurk(en)
Rosa Parks: My Story (autobiogr.)
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1996

Rosa Parks (berne as: Rosa Louise McCauley; Tuskegee (Alabama), 4 febrewaris 1913Detroit (Michigan), 24 oktober 2005), wie in Amerikaansk polityk aktiviste en minskerjochte-aktiviste fan mingd Afro-Amerikaansk komôf. Hja waard ferneamd doe't hja yn 1955 wegere om har plak yn in bus yn it segregearre Amerikaanske Suden ôf te stean oan in blanke mei-passazjier, wat late ta har arrestaasje en berjochting foar boargerlike oerhearrigens. Parks wie jierrenlang belutsen by de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, wêrfan't sy as de wichtichste froulike lieder beskôge wurdt. It Amerikaanske Kongres hat har útroppen ta "de first lady fan 'e boargerrjochten" en ta "de mem fan 'e frijheidsbeweging". Nei har ferstjerren yn 2005 waard har op oerweldigjende wize eare betoand troch it Amerikaanske regear en folk.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parks waard yn 1913 berne as Rosa Louise McCauley yn it stedsje Tuskegee, yn 'e súdlike steat Alabama. Har heit, James McCauley, wie timmerman, en har mem, Leona Edwards, wie skoaljuffer. Se wie foar it meastepart fan Afro-Amerikaansk komôf, hoewol't ien fan har oerpakes in blanke wie dy't ôfstamme fan Noardierske protestanten, en ien fan har oerbeppes in slavinne mei Sjeroky-bloed wie. Parks wie in lyts en swak bern, dat geregeldwei oanhelle wie mei amandelûntstekking.

Doe't har âlden útinoar giene, ferfear se mei har mem nei Pine Level, in stedsje krekt bûten Montgomery, de steatshaadstêd fan Alabama. Dêr groeide se op it boerespultsje fan har pake en beppe oan memmekant op mei har jongere broer Sylvester. Nei de legere skoalle learde Parks troch oan 'e Industrial School for Girls, yn Montgomery, in húshâldskoalle, en dêrnei oan 'e kweekskoalle fan it Alabama State Teachers College for Negroes. Se joech har oplieding der lykwols oan om 'e fersoarging fan har beppe en letter fan har mem op har te nimmen, doe't dy siik waarden.

De rasseskieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 'e iuwwiksel hinne wiene yn Alabama, krekt as oeral yn it Amerikaanske Suden, nije grûnwetten en kiesrjochtwetten oannommen dy't fia snoade maatregels it federaal opleine algemien kiesrjocht foar manlju omsylden, troch bygelyks te easkjen dat kiezers lêze en skriuwe koene. Dêrmei waard de hiele Afro-Amerikaanske mienskip en teffens in grut part fan 'e earme blanken op elektoraal mêd bûtenspul set. Fierders wiene wetten ynfierd dy't de blanken en swarten op safolle mooglik maatskiplike terreinen faninoar skaten. Sa wiene der bygelyks aparte iepenbiere húskes, aparte drinkfonteintsjes en aparte skoallen en tsjerken foar de beide groepen, en teffens wiene der ferskillende ôfdielings yn it iepenbier ferfier. Dizze apartheid utere him net inkeld yn skate fasiliteiten, mar ek yn 'e steat fan dy fasiliteiten. De skoallen foar blanke bern, bygelyks, waarden goed ûnderholden en fan learnedichheden foarsjoen, wylst men de skoallen foar swarte bern willensmoeds fertutearzje liet en de nedichheden foar it ûnderwiis dêre foar de helsdoarren weisleept wurde moasten.

De eigentlike bus wêryn't Rosa Parks wegere te fersitten en arrestearre waard, no in museumstik yn it Henry Ford Museum.

Yn har autobiografy helle Parks letter oantinkens op oan dy tiid. Dêrby fertelde se dat se altyd de skoalbus riden seach, doe't se nei de legere skoalle yn Pine Level gie. Dy bus helle lykwols inkeld de blanke bern op om se nei har moaie nije skoalgebou te bringen. Foar swarte skoalbern wie skoalbusferfier yn it hiele Suden yn gjin inkele foarm te besetten. Dat Parks en de oare swarte bern moasten nei skoalle rinne. Se skreau dêroer: "Eltse dei seach ik de bus foarbykommen [...] Mar foar my wie dat gewoan sa't it libben wie; we moasten ús wol dellizze by wat no ien kear wenst wie. Dy bus wie ien fan 'e earste dingen dy't my it besef bybrochten dat der in swarte wrâld en in blanke wrâld bestie."

Hoewol't Parks yn har boek ek oantinkens beskriuwt dêr't de freonlikheid fan blanke frjemden út blykt, wie it ynherinte rasisme yn 'e maatskippij fan it doetiidske Suden dochs net te negearjen. As de Ku Klux Klan troch de strjitte marsearre, foar de doar fan har pake' hûs lâns, dan stie pake midden yn 'e keamer mei it jachtgewear op 'e foardoar rjochte oant de optocht foarby wie. De húshâldskoalle yn Montgomery, dêr't Parks letter fierder learde, wie foar betelle troch blanke noarderlingen, en baarnde twaris oan 'e grûn ta ôf troch brânstifting. En de blanke learaars dy't dêr lesjoegen, waarden troch de rest fan 'e pleatslike blanke mienskip mei de nekke oansjoen.

Presidint Barack Obama yn 'e bus wêryn't Rosa Parks yn 1955 har die stelde. (Hy sit yn deselde rige, mar oan 'e foaroerlizzende sydkant as dêr't Parks dy deis siet.)

Yn 1932 troude Parks mei Raymond Parks, in swarte hierknipper út Montgomery. Hy wie lid fan 'e boargerrjochte-organisaasje NAACP, en behelle har yn 'e aktiviteiten dêrfan. Parks hie in grut tal ferskillende banen, fan húshâldster oant ferpleechster. Op oanstean fan har man makke se yn 1933 as noch de middelbere skoalle ôf, yn in tiid wêryn't minder as 7% fan 'e Afro-Amerikanen in skoaldiploma hie. Nettsjinsteande de wetjouwing om soks foar te kommen, slagge it har om har as kiezer te registrearjen doe't se dat foar de trêde kear besocht.

Yn 1943 waard Parks op eigen namme lid fan 'e NAACP-ôfdieling yn Montgomery en doe waard se fuort oansteld as siktaresse fan 'e pleatslike foarsitter, Edgar Nixon, in funksje dy't se oant 1957 útoefenje soe njonken har betelle wurk as naaister. Sels sei se dêr letter oer: "Ik wie dêr de iennichste frou, en se hiene ferlet fan in siktaresse, en ik wie te bleu om fan nee te sizzen." Fia de NAACP rekke Parks wat langer wat mear belutsen by de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging. Sa spile se yn 1944 in rol by it ûndersyk nei de groepsferkrêfting fan Recy Taylor, in swarte frou út Abbeville, en by de kampanje foar gerjochtichheid yn dy saak dy't út dat ûndersyk fuortkaam, en spriek se yn 1955 op 'e begraffenis fan Emmett Till, in swarte tiner dy't op brute wize fermoarde wie nei't er beskuldige wie fan it flirten mei in blanke frou. Fierders folge se yn 'e earste helte fan 'e fyftiger jierren in kursus oan 'e Highlander Folk School, in trainingssintrum foar boargerrjochte-aktivisten yn Tennessee.

Op tongersdei 1 desimber 1955 naam Parks oan 'e ein fan 'e dei de bus werom nei hûs. Dy bus waard bestjoerd troch bussjauffeur James F. Blake, in man dy't har al earder nuver te fiter hân hie. Yn 1943 wie Parks nammentlik ris by him yn 'e bus kommen, hie se foar de rit betelle en soe se nei har sitplak gean, doe't Blake har hiet dat se útstappe moast om fia de efterdoar nei de sitplakken foar swarten efteryn 'e bus te gean. Dat Parks stapte wer út, mar ear't hja der troch de efterdoar wer yngean koe, ried Blake fuort en liet har yn 'e rein stean, sadat se nei hûs ta rinne moast. Dy deis yn desimber 1955 koe Parks de man dy't har tolve jier earder bestellen hie, net daliks werom. Se betelle foar de busrit en gie sitten op 'e foarste rige fan 'e stuollen efteryn dy't foar swarten bedoeld wiene. Geandewei de rit kamen der almar mear passazjiers, oant it diel dat foar blanken bestimd wie, fol rekke. Doe't Blake seach dat der blanken stean moasten, ferhong er it buordsje dat it begjin fan it diel foar swarten oanjoech nei de rige efter Parks, en sommearre er Parks en de trije Afro-Amerikaanske passazjiers dy't mei har op dy earste rige sieten om har sitplakken op te jaan oan 'e blanken. Parks har trije swarte mei-passazjiers foldiene dêroan, mar Parks wegere. Dêrop skille Blake de plysje, dy't har, doe't se yn har wegering folhurde, arrestearre foar boargerlike oerhearrigens en meinaam nei it plysjeburo.

It plysjerapport fan 'e arrestaasje fan Rosa Parks.

Oars as dat faak tocht wurdt, wie Rosa Parks net de earste persoan dy't har fersette tsjin 'e rasseskieding yn it Súdlike iepenbier ferfier. Oaren hiene soartgelikense aksjes ûndernommen, te witten: Irene Morgan yn 1946, Sarah Louise Keys earder yn 1955 en de leden fan 'e Browder v. Gayle-rjochtsaak (Aurelia Browder, Claudette Colvin, Susie McDonald en Mary Louise Smith) dy't mar in pear moanne foàr Parks har ynsidint yn Montgomery oppakt wiene. De lieding fan 'e NAACP miende lykwols dat Parks de bêste kandidate wie foar it beheljen fan in geunstige útkomst by in rjochtsaak, mei't sy in ferantwurdlike folwoeksen frou fan ûnbelekke reputaasje wie, en dêrom waard har saak út alle macht buorkundich makke. Dêrby moat trouwens opmurken wurde dat Parks it spul net útlokke foar de NAACP, mar die wat se die as in priveepersoan dy't der har nocht fan hie om altyd mar wer ta te jaan oan ûnrjocht. Se waard letter dy jûns frijlitten, doe't Edgar Nixon en Clifford Durr, in blanke freon fan harres, it jild foar har boarchtocht op it plysjeburo brochten.

Parks waard op 5 desimber by in rjochtsaak fan in healoere skuldich befûn oan fersteuring fan de iepenbiere oarder, hoewol't se net yn it blanke busdiel sitten gien wie, mar yn dat foar swarten, en se dus eins gjin wet oertrêde hie. Likegoed waard har in boete oplein fan $10 plus $4 proseskosten. Hja gie yn heger berop, mar úteinlik kaam har saak fêst te sitten yn 'e burokrasy fan 'e steatsrjochtbanken fan Alabama, wylst de Boargerrjochtebeweging mei Browder v. Gayle ûnferwachts in oerwinning boekte.

Nei oanlieding fan 'e arrestaasje fan Parks besleaten de lieders fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip yn Montgomery, wêrûnder Edgar Nixon en de jonge predikant Martin Luther King, dat der in boykot komme moast fan it iepenbier ferfier yn 'e stêd. Dêr waard op moandei 5 desimber mei úteinset. Uteinlik duorre dy Busboykot fan Montgomery 381 dagen, in perioade wêryn't 40.000 swarte forinzen fan har hûs nei har wurk en werom rûnen, foar guon in ôfstân fan wol 32 km, wylst party carpoolden of mei swarte taksys giene. Dêrmei hellen se har gelyk, en op 21 desimber 1956 waard it iepenbier ferfier yn Montgomery einlings desegregearre.

Parks nimt de Presidinsjele Frijheids-
medalje
yn ûntfangst fan presidint Bill Clinton, yn 1996.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid bleau Parks ferskate jierren belutsen by de striid foar gelykberjochtiging fan Afro-Amerikanen, en groeide se út ta in ynternasjonaal ikoan fan 'e Boargerrjochtebeweging. It wie lykwols net allegear roazegeur en moanneskyn. Se waard fanwegen it busynsidint ûntslein as naaister, en koe yn Montgomery nearne mear wurk fine. Yn 1957 ferfearen Parks en har man sadwaande nei Hampton, yn 'e steat Firginia. Ek spile dêrby in rol dat se tsjin dy tiid spul krigen hie mei Martin Luther King oer wat kant oft it út moast mei de beweging. Yn Hampton wurke se in pear moanne as gastfrou yn in herberch fan it Hampton Ynstitút, in histoaryske Afro-Amerikaanske universiteit. Letter datselde jiers ferhuzen de Parks' nochris, no nei Detroit, yn Michigan, op oantrúnjen fan har broer Sylvester McCauley en dy syn frou Daisy, dy't har dêr al nei wenjen set hiene. Ek Parks har mem joech har dêr by harren.

Oant 1965 wurke Parks wer as naaister, en doe waard se oannommen as siktaresse troch John Conyers, in Afro-Amerikaansk lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Dy baan hold se oant se yn 1988 mei pinsjoen gie. Op 19 augustus 1977 kaam Parks har man Raymond Parks te ferstjerren oan kielkanker, wylst ek har iennichste broer Sylvester dat jiers oan kanker ferstoar. Parks sels glied út op in beïze trotwaar en briek twa bonken, in ferwûning dêr't se de rest fan har libben lêst fan hold. Mei't se gjin bern hie, besleat se om by har mem yn te lûken, dy't se doe de lêste jierren fersoarge wylst har sûnens almar minder waard mei kanker en demintens, oant se yn 1979 yn 'e âlderdom fan 92 jier kaam te ferstjerren.

Stânbyld fan Rosa Parks, sittend ôfbylde op har bankje yn 'e bus, yn Dallas (Teksas).

Nei har pinsjonearring skreau Parks har autobiografy, Rosa Parks: My Story, dy't yn 1992 publisearre waard. Yn 1994 waard se berôve en mishannele troch in ynbrekker, de jonge swarte drugsferslaafde Joseph Skipper, wat yn 'e Feriene Steaten in weach fan lulkens oprôp. Om't se har neitiid net mear feilich fielde yn har âlde buert, ferhuze Parks doe nei in appartemintegebou dêr't se de rest fan har libben wenje soe. Yn 1996 krige se út 'e hannen fan presidint Bill Clinton de Presidinsjele Frijheidsmedalje útrikt, de heechste Amerikaanske net-militêre ûnderskieding.

Tsjin 'e iuwwiksel wie Parks lykwols troch sûnensswierrichheden en begjinnende demintens oan hûs bûn rekke, en yn 2002 wie se net mear by steat om har finânsjes te regeljen. Yn 2004, doe't se 91 jier wie en in tige minne sûnens hie, drige se fanwegen ûnbetelle hier út har appartemint set te wurden. Doe't dêr omtinken oan jûn waard yn 'e media, besleat de ferhierder lykwols om har sawol de efterstallige as alle takomstige hier kwyt te skellen, sadat se de rest fan har libben fergees yn har appartemint bliuwe mocht. Rosa Parks ferstoar op 24 oktober 2005, yn 'e âlderdom fan 92 jier.

Op 27 oktober 2005 kundigen de stedsbestjoeren fan Detroit en Montgomery oan dat de foarste sitplakken yn 'e stedsbussen oant Parks har begraffenis mei roulinten ôfset wurde soene. Parks har deakiste waard nei Montgomery ta flein en dêr mei hynder-en-wein nei de Afrikaanske Metodistysk-Episkopaalske Tsjerke fan Sint-Paulus brocht, dêr't se oant 29 oktober by it alter opbiere lei, en dêr't op 'e moarn fan 30 oktober in routsjinst foar har holden waard.

Letter dy deis waard se oerbrocht nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't se as earste frou en 31ste persoan ea opbiere waard yn 'e rotonde fan it Amerikaanske Kapitoal. Foar har lei dêr âld-presidint Ronald Reagan opbiere, en nei har âld-presidint Gerald Ford. Op 31 oktober brochten nei skatting 50.000 minsken Parks dêr de lêste eare. Nei in nije routsjinst waard se weromflein nei Detroit, dêr't se noch twa dagen opbiere lei yn it Charles H. Wright Museum fan Afro-Amerikaanske Skiednis. Har úteinlik begraffenistsjinst waard holden op 2 novimber yn 'e Greater Grace Temple Church, en duorre sân oeren. Neitiid waard har stoflike omskot ûnder begelieding fan in earewacht fan 'e Nasjonale Garde fan Michigan mei hynder-en-wein troch de stêd ferfierd nei it Woodlawn Cemetery, dêr't Parks byset waard yn it famyljegrêf, tusken har mem en har man yn.

It Amerikaanske Kongres rôp Parks út ta "de first lady fan 'e boargerrjochten" en ta "de mem fan 'e frijheidsbeweging". Har bertedei, 4 jannewaris, is ûnder de namme Rosa Parks Day in offisjele betinkingsdei yn Kalifornje, wylst de dei fan har arrestaasje, 1 desimber, (ûnder deselde namme) dat is yn 'e steat Ohio.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.