Montgomery (Alabama)
Montgomery | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Alabama | |
County | Montgomery County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 205.293 (2012) | |
Oerflak | 404,5 km² (ynkl. wetter) 402,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 510,2 / km² | |
Stêdekloft | 377.149 (2012) | |
Hichte | 73 m | |
Oar | ||
Stifting | 1817 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 32°21′42″N 86°16′45″W | |
Offisjele webside | ||
www.montgomeryal.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Montgomery yn Montgomery County en yn 'e steat Alabama. |
Montgomery (útspr.: /mɔnt'ɡʌməri/, likernôch "montgamry") is de haadstêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama, en teffens it haadplak fan it omlizzende Montgomery County. It leit oan 'e rivier de Alabama, op 'e binnenlânske kustflakte fan 'e Golf fan Meksiko. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe goed 205.000 ynwenners, wêrmei't it kwa grutte de twadde stêd fan Alabama is, nei Birmingham. As stêdekloft, mei alle foarstêden en it heal ferstedske plattelân derby, hat Montgomery in befolking fan goed 377.000 minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de krite fan Montgomery it wengebiet fan 'e Alabama- en de Kûsjatta-Yndianen. De earste Jeropeaan dy't troch it gebiet reizge, wie de Spanjert Hernando de Soto, yn 1540. Tsjin 'e tiid dat in Abraham Mordecai, in Amerikaanske oarlochsfeteraan út 'e Unôfhinklikensoarloch, dy't fan Sefardysk-Joadsk komôf wie, om 1785 hinne in hannelspost yn it gebiet stifte, wiene de Alabama en Kûsjatta ferdreaun nei Mississippy, Louisiana en Teksas, dêr't se ûnder Spaansk bewâld better behannele waarden. Harren ûntfolke eardere wengebiet wie ûnderwilens yn besit nommen troch de Kriik. Dy wisten, oant harren úteinlike nederlaach yn 'e Kriikoarloch, yn 1814, de kolonisaasje fan Alabama troch de blanken noch in goed fearnsiuw op te kearen.
De delsetting Alabama Town waard yn 1817 stifte op it plak dêr't Montgomery no leit. Yn 1818 en 1819 waarden dêr fuortby noch twa oare delsettings stifte: New Philadelphia en East Alabama Town. Hoewol't fral Alabama Town en New Philadelphia yn 't earstoan inoars rivalen wiene, waarden de trije plakjes op 3 desimber 1819 gearfoege ta Montgomery, dat doe mei-iens de status fan stêd taparte krige. Mei in ekonomy dy't folslein stipe op 'e bloeiende katoenhannel begûn de nije stêd te groeien as koal. Yn 1822 waard Montgomery it haadplak fan Montgomery County, en yn 1846 waard de haadstêd fan Alabama derhinne ferpleatst út Tuscaloosa wei.
Yn febrewaris 1861 kamen ôffurdigen fan Alabama, Georgia, Floarida, Louisiana, Mississippy en Súd-Karolina yn Montgomery gear, dêr't se besleaten om 'e Feriene Steaten te ferlitten en de ûnôfhinklike Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen. Montgomery waard oanwiisd as de earste haadstêd fan it nije lân, mar letter datselde jiers waard de haadstêd ferpleatst nei Richmond, nei't ek Firginia, Noard-Karolina, Tennessee, Arkansas en Teksas har by de Konfederaasje oansletten hiene. De Amerikaanske Boargeroarloch, dy't op 'e Súdlike ûnôfhinklikheidsferklearring folge, ferrûn lykwols min foar it nije lân. Op 12 april 1865, koart foar't de oarloch einige mei de Súdlike oerjefte, waard Montgomery nei de Slach by Selma troch de Noardlike generaal James H. Wilson ferovere. Nei de Boargeroarloch en de weropbou dy't dêrop folge, waard Montgomery de earste Amerikaanske stêd dy't in systeem fan elektryske trams oanlizze liet. Sadwaande wie Montgomery ek de earste Amerikaanske stêd wêrfan't de binnenstêd foar in diel ûntfolke rekke trochdat dy fanút de bûtenwiken maklik berikber wie.
Yn 'e tweintichste iuw wie Montgomery, lykas it hiele Amerikaanske Suden, lange tiid in segregearre maatskippij, wêrby't blanken en swarten safolle mooglik útinoar holden waarden. Yn 'e fyftiger jierren stie de stêd oan 'e widze fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging fan Afro-Amerikanen dy't har tsjin it systeem fan rasseskieding kearden. Op 1 desimber 1955 waard in swarte frou, Rosa Parks, oppakt om't se wegere út it part fan 'e stedsbus wei te gean dat foar blanken reservearre wie. Dat joech oanlieding ta de Busboykot fan Montgomery, wêrby't de swarten ûnder lieding fan 'e pleatslike predikant Martin Luther King de busmaatskippij boykotten. Yn juny 1956 fûniste rjochter Frank M. Johnson dat de rasseskieding yn it iepenbier ferfier tsjin 'e Amerikaanske Grûnwet yngie, en nei't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf dy't útspraak yn novimber datselde jiers befêstige hie, wie Montgomery twongen om it busferfier te desegregearjen.
Sa einige de boykot, mar net de boargerrjochtestriid. Under de saneamde Freedom Ride fan boargerrjochte-aktivisten mei bussen troch it Suden, fan maaie 1961, organisearren blanke rasisten yn gearwurking mei de pleatslike plysje in geweldseksploazje op it autobusstasjon fan Montgomery. De skandalisearre nasjonale reäksje op dat ynsidint resultearre úteinlik yn 'e desegregaasje fan it yntersteatsbusferfier. Yn 1965 kearde Martin Luther King nei Montgomery werom om lieding te jaan oan 'e Mars fan Selma nei Montgomery, nei't it swarten yn Selma, in foarstêd fan Montgomery, belet wie om in stimfergunning oan te freegjen en der by in minskerjochtedemonstraasje in man deasketten wie. It geweld dat de freedsume demonstranten ûnderweis fan Selma nei Montgomery tsjinkamen, droech by ta it ta stân kommen fan 'e Stimrjochtwet fan 1965, dêr't eksplisyt it rjocht fan swarten om te stimmen yn fêstlein waard.
Montgomery hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Montgomery draait hjoed oan 'e dei foar goed 84% op 'e tsjinstesektor, wêrby't fral oerheidstsjinsten, ûnderwiis, hannel en detailhannel, de sûnenssoarch en it toerisme wichtich binne. Fierders hat de sintrale lokaasje fan Montgomery yn Alabama it ta it mulpunt makke fan 'e ferwurkingsyndustry fan lânbouprodukten út 'e steat, lykas katoen, pinda's en sojabeane. De grutste wurkjouwer fan 'e stêd is lykwols de Amerikaanske Loftmacht, dy't op 'e Loftmachtbasis Maxwell-Gunter wurk biedt oan mear as 12.000 minsken. De steat Alabama folget op it twadde plak mei 9.500 banen. Wat berikberheid oangiet, wurdt Montgomery betsjinne troch it Montgomery Regional Airport, dat ek tsjinst docht as in basis foar de Nasjonale Loftgarde.
Yn Montgomery binne ferskate foaroansteande ynstellings foar heger ûnderwiis fêstige, wêrûnder de Steatsuniversiteit fan Alabama, in histoarysk swarte hegeskoalle dy't yn 1887 yn 'e stêd kaam, en dêr't 5.600 studinten in oplieding folgje. Fierders binne der de Troy Universiteit, de Auburn Universiteit te Montgomery en de Faulkner Universiteit (dy't liëarre is oan 'e protestantske Church of Christ). Op 'e Loftmachtbasis Maxwell-Gunter is ek de Loftmachtuniversiteit fêstige, dy't leden fan 'e Amerikaanske Loftmacht in profesjonele militêre oplieding biedt.
Op it mêd fan toerisme en ferdivedaasje beskikt Montgomery oer it Montgomery Museum of Fine Arts, mei in kolleksje dy't sawol Amerikaanske as Jeropeeske keunst en ek porselein en glêswurk omfiemet. De Montgomery Zoo is de pleatslik dieretún, dêr't mear as 500 bisten ôfkomstich fan fiif ûnderskate kontininten holden wurde. Jierliks wurdt yn Montgomery fierders it Alabama Shakespeare Festival holden.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Montgomery 11,8% âlder as 65 jier en 24,9% jonger as 18 jier. Fierders libbe 21,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 56,6% swarten; 36,1% blanken; 3,9% Latino's; 2,2% Aziaten; 0,2% Yndianen; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Montgomery hat in fochtich subtropysk klimaat, mei lange hjitte wiete simmers en koarte mylde winters. De maitiden en hjersten binne koart mar waarm. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 14,1 °C. De rekôrtemperatueren stamje allegear út 'e njoggentjinde iuw: 42 °C op 7 july 1881 en –21 °C op 13 febrewaris 1899. Montgomery kriget jiers trochinoar 1.344,4 mm delslach. Snie falt der mar inkeldris, lang net yn eltse winter, mar slimme sniestoarms komme wol ienris yn 'e tsien jier foar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|