Birmingham (Alabama)
Birmingham | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Alabama | |
County | Jefferson County Shelby County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 212.038 (2012) | |
Oerflak | 393 km² (ynkl. wetter) 388 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 546,7 / km² | |
Stêdekloft | 1.136.650 (2012) | |
Hichte | 196 m | |
Oar | ||
Stifting | 1871 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 33°31′03″N 86°48′34″W | |
Offisjele webside | ||
www.birminghamal.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Birmingham yn Jefferson County en yn 'e steat Alabama. |
Birmingham is de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama, en teffens it haadplak fan it omlizzende Jefferson County, al stekke guon bûtenwiken út oer de grins fan Shelby County. Birmingham is ferneamd nei Birmingham yn Ingelân, en hat de bynammen The Magic City ("de Magyske Stêd") en Pittsburgh of the South ("it Pittsburgh fan it Suden"), om't it krekt as Pittsburgh in sintrum fan 'e izer- en stielyndustry wie. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe likernôch 212.000 ynwenners. As alle foarstêden, lykas Hoover, Vestavia Hills en Alabaster, meirekkene wurde, komt Birmingham as stêdekloft út op in befolking fan rom 1.135.000 minsken, wat rûchwei in fearn fan it totale ynwennertal fan Alabama is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Birmingham ûntstie ûnder de weropbou fan it Suden nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, doe't de Elyton Land Company op 1 juny 1871 perselen grûn begûn te ferkeapjen dy't oan it spoarkrúspunt leine fan 'e Alabama & Chattanooga Railroad en de South & North Alabama Railroad. Datselde jiers noch, yn desimber, krige de nije delsetting offisjeel de status fan stêd. Deunby Birmingham wiene kalkstiengatten en hie men foarrieden izererts en stienkoal fûn, dat it wie yn alle opsichten in gaadlike lokaasje. De groei fan Birmingham waard yn 't earstoan noch in hoart tsjinkeard troch in útbraak fan goalera en troch de Beurskrach fan 1873, mar dêrnei begûn it eksplosyf te groeien; tsjin 'e iuwwiksel hie it rom 38.000 ynwenners, en yn 1911 anneksearre it Elyton, it stedsje dêr't it út fuortkommen wie, mei ferskate oare lytsere plakken yn 'e omkriten.
Birmingham ûntjoech him ta in stêd dy't swier stipe op 'e izer- en stielyndustry. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw wie dat in grut foardiel, al hie de Birmingham slim te lijen ûnder de Grutte Depresje. Fan 'e fyftiger jierren ôf kaam de stêd lykwols yn in postyndustriële krisis telâne fan in soartgelikens aard as dy't de noardlike Rust Belt-stêden trof, wat ta grut baneferlies en hege wurkleasheidssifers late.
Yn deselde snuorje kaam de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging op foar de rjochten fan 'e Afro-Amerikanen. Oant de sechtiger jierren wie Birmingham in folslein segregearre stêd, dêr't blanken en swarten op alle mooglike terreinen útinoar holden waarden. De pleatslike lieder fan 'e Boargerrjochtebeweging wie de swarte dûmny Fred Shuttlesworth, waans ûnferfeardens legindaryske proporsjes oannaam doe't der in hiele rige rasistysk motivearre bomoanslaggen op Afro-Amerikaanske doelen dien waard (wêrmei't Birmingham de skelnamme "Bombingham" fertsjinne). Yn 1963 helle Shuttlesworth dûmny Martin Luther King, de nasjonale lieder fan 'e Boargerrjochtebeweging, nei Birmingham ta. Tegearre setten se útein mei in kampanje om in ein te meitsjen oan 'e rasseskieding. De pleatslike plysje griep hurd yn, wêrby't triengas, plysjehûnen en brânslangen ynset waarden tsjin freedsume demonstranten en mear as 3.000 minsken, wêrûnder King sels, oppakt waarden. Letter dat jier fûn de beruchte bomoanslach op de 16th Street Baptist Church plak, wêrby't fjouwer jonge swarte famkes de dea fûnen. Uteinlik wie der twang fan it nasjonale regear yn Washington, D.C. foar nedich om it stedsbestjoer fan Birmingham safier te krijen dat it rasseskiedingssysteem opheft waard. Yn 1979 waard der foar it earst in swarte boargemaster keazen, Richard Arrington jr.
Fan 'e santiger jierren ôf rekke Birmingham ekonomysk noch fierder yn it ûnleech trochdat de blanken, dy't earder de grutste befolkingsgroep yn 'e stêd west hiene, massaal nei de foarstêden ferfearen. Dêrtroch bleaune inkeld minder woltierige befolkingsgroepen, benammentlik de swarten, yn 'e fluch ferpauperjende binnenstêd efter. Boppedat waard troch dizze migraasje de stêd in grut part fan syn belestingynkomsten ûntnommen. It ynwennertal fan Birmingham gie omleech fan 341.000 yn 1960 nei 212.000 hjoed de dei. De lêste tritich jier hat it stedsbestjoer him op alderlei mêd ynset om 'e ekonomy fan Birmingham te diversifiëarjen, wat sûnt 2000 ienige foarútgong opsmiten hat.
Birmingham hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de izer- en stielyndustry net mear sa beskiedend is foar de ekonomy fan Birmingham as dat it ienris wie, is it noch altiten in tige wichtige sektor. Dêrnjonken is it bank- en fersekeringswêzen fan belang, en sûnt de jierren tachtich hawwe ynvestearrings yn 'e biotechnology en medysk ûndersyk ek dêrfan sektors fan belang makke. Kwa berikberheid wurdt Birmingham betsjinne troch it Birmingham Shuttlesworth International Airport, dat jiers mear as 3 miljoen reizgers kriget en deis mear as 160 flechten fersoarget. Op it mêd fan heger ûnderwiis hat Birmingham de Universiteit fan Alabama te Birmingham (UAB), stifte yn 1969 as in ûnderdiel fan 'e gruttere Universiteit fan Alabama. Fan 'e oare universiteiten en hegeskoallen is de Samford Universiteit it wichtichst.
Wat toerisme en ferdivedaasje oangiet, hat Birmingham it Birmingham Museum of Art, mei ien fan 'e grutste keunstkolleksjes fan it Amerikaanske súdeasten, en fierders it Birmingham Civil Rights Institute, dat de pleatslike boargerrjochtestriid beljochtet. Ek binne yn 'e stêd fêstige: de Alabama Jazz Hall of Fame, in museum oer de jazzmuzyk en de grutheden fan dat sjenre; de Birmingham Zoo, de pleatslike dieretún; en twa botanyske tunen, de Birmingham Botanical Gardens en de Aldridge Botanical Gardens.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Birmingham 13,5% âlder as 65 jier en 25,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,0% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 73,4% swarten; 18,7% blanken; 3,6% Latino's; 1,0% Aziaten; 0,2% Yndianen; 3,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Birmingham hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 12,1 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 29 july 1930 en –21 °C op 21 jannewaris 1985. Birmingham kriget jiers trochinoar 1.363,7 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 4,3 sm snie. Op 13 maart 1993, ûnder de saneamde Stoarm fan 'e Iuw, foel op ien dei 26,2 sm snie. Birmingham leit fierders middenyn 'e saneamde Dixie Alley, in lytser gebiet yn sintraal Alabama dat relatyf sjoen hast likefolle tornado's kriget as de mear ferneamde Tornado Alley, dy't fierder nei it westen ta leit en in folle grutter gebiet bestrykt. Yn 1977, 1998 en 2011 waard de stêdekloft fan Birmingham troffen troch swiere tornado's dy't grutte skea oanrjochten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|