Húshâldskoalle
De húshâldskoalle wie in skoaltype yn Nederlân en Flaanderen. Yn Nederlân hiet dizze skoalsoarte op it lêst offisjeel de Legere Húshâld- en Niverheidsskoalle (Nederlânsk: Lagere Huishoud- en Nijverheidsschool, LHNO). Yn de stêden wiene yndustry- en húshâldskoallen, op it plattelân lânbou-húshâldskoallen.[1]
De Nederlânske húshâldskoalle of itensierdersskoalle hearde ta it leger beropsûnderwiis en late op foar húshâldster of tsjinstfaam of woe froulju tariede op harren klassike rol as húsfrou. Op dizze skoallen learden allinnich famkes itensieden, húshâlden, fiedingslear en oare húshâldlike feardichheden sa as it byhâlden fan in húshâldboekje en hantwurkjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It húshâldûnderwiis is yn 1888 úteinset mei de Haagsche Kookschool. De húshâldskoalle waard ek wol smeulend de spinaazje-akademy of pudding-akademy neamd. Mei de ynfiering fan de mammoetwet fan 1968 krige it de namme Leger Húshâld- en Nijverheidsûnderwiis (LHNU) en is it ek foar jonges tagonklik wurden, dy't oant dan ta allinne nei de Ambachtsskoalle koenen. Yn 1992 is it LHNU mei oare foarmen fan leger beropsûnderwiis opgien yn it tariedend beropsûnderwiis (TBU). Mei it mafû (mavo) en in grut part fan it fuortset spesjaal ûnderwiis waard it tbû yn 1999 gearfoege ta it TMBU (VMBO).
Lykas oare maatskiplike organisaasjes wie ek it húshâldûnderwiis tige ferpyldere.
List fan legere húshâldskoallen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plak | Fan | Oant | Adres | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Akkrum | Lange Miente/Feansterdyk | |||
Aldeberkeap | Wolvegeasterwei | |||
Bakkefean | 1973 | Allardseach | ||
Balk | 1930 | 1992 | Wilhelminastrjitte | [2] |
Beetstersweach | ||||
Berltsum | 1955 | kristlik; nijbou De Fûgelsang yn 1963 | ||
Boalsert | 1931 | 1987 | Twibaksdyk | kristlik niverheidsûnderwiis Nijenhove begûn yn 1931 as naaikursus, groeide út ta in skoalle op trije nivo's mei mear as 500 learlingen ynklusyf in learare-oplieding en in eigen ynternaat.[3] |
Burgum | kristlik ; De Twadde Hikke | |||
Dokkum | 1940 [4] | Us Hiem | neutraal, tusken 1940 en 1957 mei de kristlike húshâldskoalle yn ien gebou oan de Ieleane | |
Dokkum | 1940? | Wiekslag, Ieleane | kristlik | |
Donkerbroek | ||||
Drachten | 1961 | 1990 | Maria Louise Skoalle; 1e Parallelstrjitte / sûnt 1964 Brouwerssingel (kristlik) | |
Droegeham | 1956 | 1988 | Slotstrjitte | kristlik; Koningin Juliana; Het Anker, yn 1988 fúzje mei mafû Surhústerfean |
Easterwâlde | 1955 | lânbou- en húshâldskoalle, fúzje yn 1973 mei LTS | ||
Frjentsjer | Willem de Swijerleane 7 [5] | nije fleugel yn 1952 | ||
Garyp | 1956 | Westerein | kristlik | |
De Gordyk | 1955 | 1989 | Dûbele Strjitte | fúzje yn 1968 ga Harmsmaskoalle |
Harns | Julianastrjitte | Yndustry- en Húshâldskoalle | ||
It Hearrenfean | Anjelierstrjitte | S.K. Hornstraskoalle, yn 1984 fusearre mei de technyske skoalle | ||
De Jouwer | 1957 | Skien | kristlik, lânbouhúshâldskoalle | |
Kollum | Eyso de WendtstrJitte | |||
Koudum | Binnendyk | |||
De Lemmer | Strjitwei | yn 1980 fúzje mei Mulo | ||
Ljouwert (1e LHNO) | 1906 | Skrok | earste Ljouwerter Yndustry- en Húshâldskoalle, yn 1983 fusearre mei 2e LHNO ta de Esken [6] | |
Ljouwert (2e LHNO) | Speelmanstrjitte 13, Cornelis Trooststrjitte (1964) | twadde Ljouwerter Yndustry- en Húshâldskoalle, letter de Wikel | ||
Ljouwert (3) | 1932 | hoeke Ruysch- en Kochstrjitte | kristlik; Prinses Marijkeskoalle, begûn oan de Heerestrjitte | |
Mantgum | His van Botnialeane | |||
Marrum | 1956 | De Tille | kristlik; yn de tachtiger jierren fierder gien as skoallemienskip Noard West Fryslân | |
Mûntsebuorren | 1943 | earst mei de reidflechtskoalle yn ien gebou | ||
Noardwâlde | Hoofdstraat | earst mei de reidflechtskoalle yn ien gebou | ||
Sânhuzen | 1962 | |||
Sint Anne | lânbouhúshâldskoalle ‘Kinkhoorn’ | |||
Sint Nyk | ||||
Snits | 1925 | Oude Koemarkt 20/Ooievaarslaan 13 | ||
Wolvegea | 1943 | Sickengastrjitte |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|