Springe nei ynhâld

Kraachhin

Ut Wikipedy
kraachhin

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kraachhinnen (Bonasa)
Stephens, 1819
soarte
Bonasa umbellus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De kraachhin (wittenskiplike namme: Bonasa umbellus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e kraachhinnen (Bonasa). It is in stânfûgel yn syn hiele ferspriedingsgebiet, dat rûchwei de noardlike helte fan Noard-Amearika omfettet. De kraachhin is in middelgrutte fûgel mei in fearrekleed yn skutkleuren by sawol de hoannen as de hinnen. Der is folle minder seksuele dimorfy tusken de geslachten as by guon oare rûchpoathinnen, mar wol besteane der twa kleurfarianten, dy't los steane fan 'e geslachten en de ûndersoarten. De IUCN klassifisearret de kraachhin as net bedrige.

Taksonomy en nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kraachhin waard foar it earst yn 1766 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tolfde edysje fan syn Systema Naturæ. Hy pleatste de fûgel as Tetrao umbellus yn it skaai by de Jeropeeske rûchpoathinnen. Yn 1819 ferskode de Britske biolooch John Francis Stephens de kraachhin nei in eigen skaai, dat de namme Bonasa krige.

In pronkjende hoanne.

Yn Noard-Amearika, dêr't de kraachhin in populêre foarm fan jachtwyld is, stiet de fûgel bekend ûnder ferskate ûnspesifike of planút foutive beneamings. Sa wurdt er gauris partridge ("patriis") neamd, hoewol't er mar hiel út 'e fierte oan 'e patrizen (Perdix) besibbe is. Dêrby wurdt partridge dan gauris ferbastere ta pa'tridge (sûnder r), en dêrfan komt de ôfkoarting pat. Ek wurdt de kraachhin faak in "fazant" of in "prêrjehin" neamd, ek al binne dat eins hiel oare fûgels.

It ferspriedingsgebiet fan 'e kraachhin omfettet yn Alaska it meastepart fan it binnenlân mei yn it suden in útrinner nei it Chugachberchtme en teffens in diel fan Súdeast-Alaska, mar net de eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel. Yn Kanada komt dizze fûgel foar yn 'e Yukon útsein it uterste noarden, yn it suden en westen fan 'e Noardwestlike Territoaria, hiel Britsk-Kolumbia, Alberta útsein it sudeasten, hiel Saskatchewan, Manitoba útsein it uterste noarden, Ontario útsein de kuststripe fan 'e Hudsonbaai, súdlik en sintraal Kebek (ynkl. it eilân Anticosti yn 'e Saint Lawrencebaai), súdlik Labrador, de noardwestlike helte fan Nijfûnlân, en de Kanadeeske Kustprovinsjes.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten beslacht it ferspriedingsgebiet fan 'e kraachhin de kuststripe fan Washington, Oregon en Noardlik Kalifornje, de noardlike Rocky Mountains yn eastlik Washington, noardeastlik Oregon, noardlik, sintraal en súdeastlik Idaho, westlik Montana en noardlik en westlik Wyoming. It rikt yn it suden oan noardlik en sintraal Utah ta. Der bestiet in isolearre populaasje yn 'e Black Hills fan westlik Súd-Dakota. Fierder eastlik libje der ek kraachhinnen yn it noardeasten fan Noard-Dakota, noardlik Minnesota, Wisconsin en Opper- en Neder-Michigan. Se komme ek foar yn Nij-Ingelân, New York, Pennsylvania, Nij-Jersey en de Appalachen oan noardlik Georgia ta.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kraachhin is in middelgrutte fûgel mei in trochsneed kop-sturtlingte fan 40–50 sm, in wjukspanne fan 50–64 sm en in gewicht fan 450–750 g.

Wat it fearrekleed oangiet, komt dizze fûgel foar yn twa ferskillende foarmen: griis en brún. By grize kraachhinnen binne de kop, hals, nekke en rêch grizich brún, it boarst ljochter mei swarte streken en hat de bealch in protte wyt. De sturt hat winliken deselde kleur as de rêch, mar mei deunby de útein lâns (subterminaal) in brede bân swart. By brune kraachhinnen hat de sturt deselde kleuren en itselde patroan, mar is de rest fan it lichem folle bruner mei hast gjin wyt op 'e bealch en folle minder swarte spikkels en streken. Dêrtroch liket er in folle unifoarmere kleur te hawwen, útsein de grizere sturt, dy't troch de ôfwikende kleur mear opfalt. Der besteane oergongsfoarmen tusken de beide kleurtypen. Oer it algemien komme brune kraachhinnen mear foar yn waarmere en wietere libbensomstannichheden, wylst grize kraachhinnen de boppehân fiere yn kâldere en drûgere gebieten.

In kraachhin lit de subterminale bân op syn sturt sjen.

Beide geslachten hawwe in 'kraach' yn 'e nekke en oan 'e sydkanten fan 'e hals dêr't de fearren fan opset wurde kinne. Se hawwe ek in toef boppe-op 'e kop dy't soms plat leit. Beide geslachten hawwe deselde kleuren yn itselde patroan, sadat se dreech útinoar holden wurde kinne, sels as men se fongen of sketten hat en yn 'e hân hâldt. De subterminale swarte bân op 'e sturt is by hinnen faak ûnderbrutsen, wylst dat by de hoannen oer it algemien net it gefal is. Mar yn seldsume gefallen kinne hoannen in ûnderbrutsen subterminale bân hawwe en hinnen in ûnûnderbrutsen-ien. In oar ridlik sekuer ûnderskie is dat de fearren op 'e stuten by hinnen almeast mar ien wite stip hawwe, wylst se by hoannen mear as ien wite stip hawwe of wyt bespikkele binne.

Kraachhinnen libje benammen yn biotopen mei bosken, wêrby't se de foarkar jouwe oan mingd wâld mei in protte espen. Yn 'e bergen komme se op hast alle hichten wol foar, mar binne se it algemienst tusken de 750–1.250 m boppe seenivo.

It 'trommeljen' fan in kraachhoanne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kraachhin libbet, krekt as oare rûchpoathinnen, foar it meastepart op 'e grûn, dêr't er op 'e wâldflier syn kostje byinoar foerazjearret. Hy siket lykwols ek wol fretten yn 'e beammen, dêr't er op in tûke de nacht trochbringt. As kraachhinnen kjel wurde, fleane se soms ynienen op, wêrby't de beweging fan 'e wjukken in tige lûd leven makket. Winterdeis grave se in ûndjippe hoale út ûnder it snietek om waarm te bliuwen. As in minske of in rôfdier dêr te deunby komt, sjitte se soms dwers troch de snie fan it dak fan 'e hoale hinne omheech om te ûntkommen.

Kraachhinen binne polygyn, wat betsjut dat de hoannen mei safolle mooglik hinnen pearje, wylst hinnen mar mei ien hoanne pearje. Krekt as by oare soarten rûchpoathinnen pronkje de hoannen yn 'e peartiid om harren territoaria ôf te setten en hinnen te lokjen, mar oars as by besibbe soarten wurde dêrby gjin fokalisaasjes fuortbrocht. It iennichste leven dat makke wurdt, is wat dat 'trommeljen' neamd wurdt: in wjukklapjen dat in leechtoanich lûd feroarsaket troch stadich te begjinnen en hieltyd flugger te gean: "bom… bom… bom bom-bom-bom-bom". Sels yn tichte wâlden is dat noch op in ôfstân fan 400 m of mear te hearren. Hoannen geane by it pronkjen soms op in omfallen beamstammen sitten. Der wurdt wol sein dat se trommelje troch op 'e stammen te slaan mei har wjukken, mar dat is net wier: se reitsje de stamme net by it klapwjukjen en brûke de stamme inkeld as in soarte fan poadium. Hinnen pronkje soms op krekt deselde manear as hoannen.

In nêst fan 'e kraachhin, heal ferstoppe ûnder in omfallen beam.

Nei de pearing makket de hin op 'e wâldflier in nêst troch in ûndjip dobke yn 'e grûn út te skraabjen, dat ferburgen leit tusken de woartels fan in beam, efter in omfallen beamstamme of tusken strewelleguod. Dêr leit se trochinoar 11–12 krêmkleurige aaien yn. Mocht it earst lechsel ferlern gean, om hokfoar reden ek, dan leit se nei in twadde pearing in twadde nêst dat yn trochsneed út 7–8 aaien bestiet. It lizzen fan 'e aaien giet mei tuskenskoften fan likernôch 36 oeren en it brieden begjint pas nei't it lêste aai lein is. Yn 'e briedtiid, dy't 23–26 dagen duorret, ferlit de hin mar twaris deis it nêst om 20–40 minuten lang eefkes wat te foerazjearjen. De piken binne nêstflechters, dy't oeren nei't se út it aai kommen binne it nêst al ferlitte. Under tafersjoch fan 'e mem sykje se fan it begjin ôf oan sels har kostje byinoar. Mei 10–12 dagen kinne se ek al fleane. De maksimale libbensferwachting fan in kraachhin bedraacht 11 jier, hoewol't de measten net âlder wurde as 1 jier.

Kraachhinnen binne omnivoaren, dy't benammen knoppen, blêden, beien, sieden en ynsekten frette. Soms snippe se ek lytse wringedieren, lykas salamanders, hagedissen of lytse slangen. Neffens saakkundigen is it ferskaat fan fretten dat foar dizze fûgel op it menu stiet, de reden dat er him oer sa'n grut ferspriedingsgebiet útwreidzje kinnen hat.

De kraachhin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Kraachhinnen wurde in protte bejage, benammen yn 'e noardlike en westlike Feriene Steaten, mar ek yn Kanada. De jacht giet ornaris mei jachtgewearen, mar soms ek mei jachthûnen.

In aai fan 'e kraachhin.

Der binne 13 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e kraachhin (Bonasa umbellus):

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side,