Olympysk Skiereilân

Ut Wikipedy
In lânkaart fan it Olympysk Skiereilân, mei yn grien it Olympysk Nasjonaal Park.
It Olympysk Skiereilân yn 't read op in kaart fan it westen fan de FS

It Olympysk Skiereilân (Ingelsk: Olympic Peninsula) is in grut skiereilân oan 'e noardwestkust fan 'e Feriene Steaten, yn 'e steat Washington. It wurdt omjûn troch Stille Oseaan yn it westen, de Strjitte fan Juan de Fuca yn it noarden, en de Puget Sound en it Hoodkanaal yn it easten. Dy trije lêste wetters meitsje diel út fan 'e Salisjaanske See. Oan 'e súdkant sit it Olympysk Skiereilân fêst oan it fêstelân fan Washington. De metropoal Seattle leit oan 'e oare kant fan 'e Puget Sound. It grutste plak op it skiereilân sels is de stêd Port Angeles, mei mear as tsientûzen ynwenners. Oare plakken, mei tusken de tûzen en tsientûzen ynwenners, binne: Belfair, Forks, Hoquiam, Ocean Shores, Port Hadlock, Port Ludlow, Port Townsend, Sequim en Shelton.

Kaap Alava, oan 'e westkust fan it Olympysk skiereilân, is it westlikste punt fan 'e legere 48 Amerikaanske steaten, krekt sa't Kaap Flattery, ek op it skiereilân, it noardwestlikste punt is. Yn it binnenlân fan it skiereilân strekke har de Olympyske Bergen út, mei as heechste punt de Mount Olympus. In grut diel fan it berchtme foarmet no it Olympysk Nasjonaal Park. Dy krite omfieme guon fan 'e langst ûnferkend bleaune dielen fan 'e kontinintale Feriene Steaten, oant se tusken 1898 en 1900 yn kaart brocht waarden troch Arthur Dodwell en Theodore Rixon.

Hurricane Ridge, yn 'e Olympyske Bergen.

Op it Olympysk Skiereilân lizze fierders sân ûnderskate Yndianereservaten:

reservaat stamme
it Ho Yndianereservaat de Ho Yndianestamme
it Jamestown Yndianereservaat de Jamestown S'Klallam Stamme
it Kwiliût Yndianereservaat de Kwiliût Stamme
it Kwinôlt Yndianereservaat de Kwinôlt Yndianenaasje
it Lower Elwha Yndianereservaat de Lower Elwha Klallam Stamme
it Makah Yndianereservaat de Makah Yndianenaasje
it Skokomis Yndianereservaat de Skokomis Yndianestamme

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.