Salisjaanske See
Salisjaanske See | ||
In satellytfoto fan 'e Salisjaanske See. | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Vancouvereilân, it Olympysk Skiereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en Washington yn | |
lân | Feriene Steaten Kanada | |
koördinaten | 48°21′N 123°11′W | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 394 km | |
maks. breedte | 58 km | |
oerflak | 14.000 km² |
De Salisjaanske See (Ingelsk: Salish Sea), is de beneaming foar in yngewikkeld stelsel fan seestrjitten en wetterwegen foar de westlike kust fan Noard-Amearika. De see makket diel út fan 'e Stille Oseaan, en leit tusken Vancouvereilân, it Olympysk Skiereilân en it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en de Amerikaanske steat Washington yn. De namme 'Salisjaanske See' waard yn 2009 ynfierd, en ferwiist nei de Yndiaanske Kust-Salisjaanske folken, dy't al tûzenen jierren lang oan 'e ûnderskate kusten fan 'e see wenje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Salisjaanske See is in rânesee fan 'e Stille Oseaan, dy't ynklamme leit tusken it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en fan 'e Amerikaanske steat Washington (yn it easten), de súd- en eastkust fan it grutte Vancouvereilân, dat ta Britsk-Kolumbia heart (yn it noardwesten), en de noard- en eastkust fan it Olympysk Skiereilân, dat ta Washington heart (yn it súdwesten). De see hat in oerflak fan likernôch 14.000 km². It wetter is san 394 km lang en mjit op it breedste punt 58 km.
De Salisjaanske See bestiet út trije dielen: de Strjitte fan Georgia (tusken Vancouvereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en Washington yn), de Strjitte fan Juan de Fuca (tusken Vancouvereilân en it Olympysk Skiereilân yn) en de Puget Sound (tusken it fêstelân fan Washington en it Olympysk Skiereilân yn). Dy trije grutte bekkens wurde faninoar skaat troch inkele eilannegroepen en steane mei-inoar yn ferbining troch in tal smelle see-ingten. De Boundary Pass, de Harostrjitte en de Rosariostrjitte liede tusken de Golfeilannen en de San Juaneilannen troch fan 'e Strjitte fan Georgia nei de Strjitte fan San Juan de Fuca, wylst Admiralty Inlet, Deception Pass en it Swinomish-kanaal út 'e Puget Sound wei, by de eilannen Whidbey, Camano en Fidalgo lâns, tagong jouwe ta de Strjitte fan Juan de Fuca. Der binne twa tagongen ta de iepen Stille Oseaan: de wiid iepen westlike útein fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca, en de smelle Discovery-passaazje tusken de Discovery-eilannen troch, dy't út it noarden fan 'e Strjitte fan Georgia wei fia de Johnstonestrjitte nei de oseaan liedt.
Trochdat de Strjitte fan Georgia en de Puget Sound troch Vancouvereilân en it Olympysk Skiereilân skaat wurde fan 'e iepen Stille Oseaan, binne dy wetters relatyf feilich foar stoarmen dy't fan 'e oseaan ôf op 'e kust fan Noard-Amearika ta komme. De Salisjaanske See is in wichtich gebiet foar de skipfeart, fanwegen de grutte havenstêden dy't dêr oan 'e kust lizze. De wichtichste stêden yn 'e krite binne Vancouver, Nanaimo en Bellingham oan 'e Strjitte fan Georgia, Seattle, Tacoma en Olympia oan 'e Puget Sound, en Victoria en Port Angeles oan 'e Strjitte fan Juan de Fuca.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krite fan 'e Salisjaanske See wurdt al tûzenen jierren bewenne troch de Kust-Salisjanen, in kloft nau besibbe Yndiaanske folken, dy't foarhinne yn harren libbenswize sterk op 'e see rjochte wiene. De earste Jeropeaan dy't de see ynfear, wie mooglikerwize de Ingelske kaper en seefarder sir Francis Drake, yn 1579. Fan 1787 oant 1792 waard de Salisjaanske See yngeand ferkend troch de Spaanske ûntdekkingsreizgers Manuel Quimper, Gonzalo López de Haro, Juan Carrasco en José María Narváez en de Ingelsen Charles William Barkley en George Vancouver. Nei 1810 fêstigen har de earste blanke pelshannelers oan 'e kust, en fan likernôch 1820 ôf waard de hannel systematysk oanpakt troch û.m. de Britske Hudsonbaaikompanjy. De earste kolonisten arrivearren yn 'e 1840-er jierren yn it gebiet fan 'e Salisjaanske See.
De beneaming Salish Sea waard foar it earst brûkt yn 1988, doe't de seebiolooch Bert Webber, út Bellingham, fûn dat der ferlet wie foar ien oerkoepeljende term foar de Strjitte fan Georgia, de Strjitte fan Juan de Fuca en de Puget Sound. Hy ferneamde de see nei de Kust-Salisjanen om 'e oandacht te fêstigjen op harren oarspronklike bewenning fan en lânseigen rjochten yn it gebiet. Yn maart 2008 stelde de Tsjemainus Earste Naasje, in Kust-Salisjaanske stamme-organisaasje yn Britsk-Kolumbia foar en neam de Strjitte fan Georgia om ta de 'Salisjaanske See'. Dat idee waard oernommen troch Mike de Jong, de Britsk-Kolumbiaanske minister fan Relaasjes mei Lânseigen Folken, dy't it op 't aljemint brocht yn it provinsjaal regear. Underwilens wie yn 'e Feriene Steaten lykwols it inisjatyf fan Webber troch oaren oernommen. It wie dat lêste foarstel dat op 12 novimber 2009 oannommen en ynfierd waard troch it Amerikaanske regear, en yn febrewaris 2010 troch it Kanadeeske regear. Sûnt is de namme Salish Sea offisjeel yn beide lannen, wylst yn Kanada ek de Frânsktalige foarm Mer des Salish in offisjele status hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |