Chugachberchtme

Ut Wikipedy
Chugachberchtme
  berchtme
It Chugachberchtme sjoen fanôf de Glenn Highway benoarden Anchorage.
It Chugachberchtme sjoen fanôf de Glenn Highway benoarden Anchorage.
geografy
diel fan Pasifysk Kustberchtme
lân Feriene Steaten
steat Alaska
sifers
lingte 400 km
heechste punt Mount Marcus Baker
hichte 3.991 m
geology
yndieling heechberchtme
kaart
It Chugachberchtme sjoen fanôf de Glenn Highway benoarden Anchorage.
Alaska mei it Chugachberchtme read omrâne.

It Chugachberchtme (Ingelsk: Chugach Mountains; útspr. [ˈʧuɡæʧ], likernôch: "tsjû-getsj) is in berchtme yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It makket diel út fan it gruttere Pasifysk Kustberchtme.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Chugachberchtme leit yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Alaska, binnen de grinzen fan 'e regio Súdlik Sintraal-Alaska. It makket diel út fan in keatling fan berchtmen dy't oan 'e westlike râne fan Noard-Amearika it Pasifysk Kustberchtme foarmje. It Chugachberchtme rint rûchwei yn east-westrjochting by de súdkust fan Alaska lâns, fan it begjin fan 'e Panhandle fan Alaska by de rivier de Tana yn it easten, oant it Kenai-skiereilân en de grutte stêd Anchorage by de Cook Inlet yn it westen. It mjit likernôch 400 km yn lingte en 100 km yn breedte.

Oan 'e noardkant wurdt it Chugachberchtme begrinzge troch de dellingen fan 'e rivieren de Matanuska, de Chitina en de Koperrivier. Oan 'e súdkant rinne de bergen suver oan 'e kust fan 'e Golf fan Alaska ta, dy't diel útmakket fan 'e Stille Oseaan. It heechste punt fan it Chugachberchtme is de Mount Marcus Baker, mei in hichte fan 3.991 m. De measte berchtoppen yn it berchtme binne lykwols in stik leger, en allegear mei-inoar hawwe se in trochsneed hichte fan 1.221 m.

Hingjende marren yn it Chugachberchtme.

Troch de lizzing by de kust lâns kriget it Chugachberchtme mear snie as wêr ek yn 'e wrâld, mei in jierliks gemiddelde fan 1.500 sm (oftewol 15 m). Dat komt om't de wolkens dy't fan 'e Stille Oseaan ôf oer de Golf fan Alaska nei it noarden waaid wurde, harsels leegje moatte om lichternôch te wurden en stiigje oer de bergen hinne. De noardkant fan it Chugachberchtme leit yn in reinskaad dêr't folle minder delslach falt as gemiddeld foar Alaska. Troch de grutte hoemannichte snie is it Chugachberchtme yn 'e neite fan Anchorage in populêre bestimming foar wintersporten lykas skyen en snowboarden.

De autodiken Richardson Highway, Seward Highway, Portage Glacier Highway en Glenn Highway rinne troch it Chugachberchtme. De Anton Anderson Memorial Tunnel liedt tusken Portage Lake en Whittier oan 'e Prince William Sound sawol de Portage Glacier Highway as it spoar fan 'e Alaska Railroad ûnder Maynard Mountain troch.

Namme en skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Chugach' is in Ingelske ferbastering fan it wurd Cuungaaciiq, in endonym út it Tsjûgatsj-dialekt fan it Alûtiik. Dat is de memmetaal fan 'e Tsjûgatsj (Chugach), in subgroep fan 'e Alûtiik (Alutiiq), dy't in Eskimo-folk foarmje. De Tsjûgatsj bewenje fan âlds de kusten fan it Kenaiskiereilân en de Prince William Sound. Yn 1898 joech de Amerikaanske legerkaptein William R. Abercrombie dy namme oan it berchtme, hoewol't hy it stavere as "Chugatch".

Heechste bergen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peters Creek mei op 'e eftergrûn de Mount Rumble.

De tsien heechste bergen fan it Chugachberchtme binne:

  1. Mount Marcus Baker: 3.991 m
  2. Mount Thor: 3.698 m
  3. Mount Valhalla: 3.612 m
  4. Mount Witherspoon: 3.580 m
  5. Mount Einstein: 3.475 m
  6. Mount Tom White: 3.400 m
  7. Icing Peak: 3.339 m
  8. Mount Grace: 3.213 m
  9. Mount Goode: 3.165 m
  10. Mount Steller: 3.073 m

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.