Rûchpoathinnen

Ut Wikipedy
Rûchpoathinnen
Auerhoan (Tetrao urogallus)
Auerhoan (Tetrao urogallus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: goes- en hineftigen (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: rûchpoathinnen (Tetraoninae)
Vigors, 1825

De rûchpoathinnen (wittenskiplike namme: Tetraoninae) binne in ûnderfamylje fan de famylje fan de fazantfûgels (Phasianidae) yn it skift fan de hineftigen (Galliformes). Fourhinne waard dizze groep hinnen as aparte famylje Tetraonidae yn it skift fan de hineftigen beskôge. De rûchpoathinnen libje yn de tuskenbeiden en subpolêre regioanen fan it Noardlik Healrûn, fan 28° N.B. (grutte prêrjehin yn Texas) oan 83° N.B. ta (Alpensniehin yn Grienlân).

De rûchpoathinnen binne middelgrutte oant grutte fûgels. De hoanen (mantsjes) binne faak tige grutter as de hinnen (wyfkes). De grutste soarte is de auerhin (mantsje 90-100 cm, wyfke goed de helt), de lytste de wytsturtsniehin (30 cm). De poaten binne bedekt mei fearen, winters binnen ek de toanen bedekt mei fearen of skobben, dat se op de snie rinne kinne. Oars as oare hineftigen hawwe de rûchpoathinnen gjin spoaren.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 19 soarten binne ferdield oer 9 skaaien:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]