Swartboarstboskhin

Ut Wikipedy
swartboarstboskhin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai boskhinnen (Tetrastes)
soarte
Tetrastes sewerzowi
Przewalski, 1876
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartboarstboskhin (wittenskiplike namme: Tetrastes sewerzowi) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e boskhinnen (Tetrastes). It is in stânfûgel dy't foarkomt yn sintraal Sina. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme ferwiist nei de Russyske ûntdekkingsreizger en natoerûndersiker Nikolaj Aleksejevitsj Severtzov. De IUCN klassifisearret de swartboarstboskhin as gefoelich, mar de Sineeske oerheid beskôget it as in bedrige soarte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartboarstboskhin komt inkeld foar yn it sintrale diel fan Sina. It ferspriedingsgebiet rikt fan 'e midden fan Gansu oant it suden fan Qinghai, it easten fan Tibet, it noardwesten fan Yunnan en it noardwesten fan Sichuan.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartboarstboskhin is ien fan 'e lytste rûchpoathinnen, mei in kop-sturtlingte fan trochinoar 33–36 sm. De hoannen hawwe in gewicht fan 290–375 g, mar de hinnen weagje mar 270–310 g. Fan uterlik liket de swartboarstboskhin tige sterk op syn neiste sibbe, de boskhin (Tetrastes bonasia), allinnich in slachje lytser. Beide geslachten binne op 'e boppedielen fan it lichem grizich brún en fan ûnderen witich oant krêmkleurich mei brune spikkels. De snaffel is kompakt en swart. De seksuele dimorfy is frij subtyl foar in rûchpoathin: de hoanne ûnderskiedt him fan 'e hin (behalven trochdat er justjes grutter is) troch in readbrune toef en in wyt omrâne swart plak op 'e kiel.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swartboarstboskhinnen binne fûgels dy't fral yn bosken yn berchlân foarkomme. Se jouwe dêrby de foarkar oan berchbosken dy't dominearre wurde troch nullebeammen, mar dêr't ek in protte bjirken, jeneverbeibeammen en wylgen groeie. Ek meie se graach oer de neite fan rivieren. Yn hichte is de swartboarstboskhin beheind ta in fersprieding tusken 2.400 en 4.700 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De libbenswize fan 'e swartboarstboskhin moat noch neier ûndersocht wurde, mar saakkundigen geane derfan út dat de fûgel strikt monogaam is. De solitêr libjende hoannen fêstigje territoaria dy't se yn 'e regel ek winterdeis beset hâlde. Ut en troch foarmje har lykwols bûten de peartiid om groepkes hoannen, dy't dan omtrint maart wer útinoar geane. Yn 'e peartiid, dy't begjin maaie úteinset, dogge hoannen war om mei ymposante sprongen by de hinnen op te fallen. Dêrby meitsje se in protte leven troch te klapwjukjen. Nei de pearing leit de hin 5–8 aaien yn in nêst dat se op in skûlplak makke hat. De briedtiid duorret trochinoar 25 dagen.

Winterdeis grave swartboarstboskhinnen gjin hoalen yn 'e snie, lykas de nau besibbe boskhin (Tetrastes bonasia) docht, mei't dêr yn it ferspriedingsgebiet fan 'e swartboarstboskhin net genôch snie foar falt. Ynstee bringe de fûgels de nacht troch yn 'e tûken fan dinnen of spjirren, dêr't se deunby de beamstamme yn 'e rêst geane. Oerdeis befine se har ornaris oer de grûn om te foerazjearjen. Foar de minske oer is de swartboarstboskhin net botte skou; se duldzje sels in neieroankommen oant likernôch 21/2 m.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartboarstboskhin is in herbivoar, foar wa't bjirken en wylgen in grutte rol yn it menu spylje. Undersyk fan beskate regionale populaasjes hat útwiisd dat wol oant 80% fan it dieet by 't winter bestiet út wylgekatsjes en knoppen en twigen fan dy beide beamsoarten. Simmerdeis is it ferskaat oan fretten grutter en omfettet it ek de sieden fan in protte oare planten.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartboarstboskhin hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't der in delgeande trend yn 'e populaasjegrutte waarnimber is. De totale populaasje bestie neffens in skatting út 2007 út 10.000  eksimplaren. De oerheid fan 'e Folksrepublyk Sina hat de fûgel dêrom wetlik ta in bedrige soarte ferklearre. De oarsaken fan 'e efterútgong fan 'e swartboarstboskhin binne ûntbosking en dêrtroch habitatferlies en fragmintaasje fan populaasjes.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 2 (stân fan saken yn 2013) erkende ûndersoarten fan 'e swartboarstboskhin (Tetrastes sewerzowi):

  • T. s. sewerzowi (noardlike ûndersoarte)
  • T. s. secunda (súdlike ûndersoarte)

De skieding tusken de beide ûndersoarten liket de Giele Rivier te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.