Paukalkoen
Paukalkoen | ||
![]() | ||
paukalkoen (Meleagris ocellata) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | hineftigen (Galliformes) | |
famylje: | fazantfûgels (Phasianidae) | |
ûnderfamylje: | kalkoenfûgels (Meleagridinae) | |
skaai: | kalkoenen (Meleagris) | |
soarte: | paukalkoen (Meleagris ocellata) | |
Cuvier, 1820 |
De paukalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris ocellata) is ien fan de twa soarten fan it skaai fan de kalkoenen út de famylje fan de fazantfûgels (Phasianidae). De oare soarte is de folle bekendere (gewoane of wylde) kalkoen (Meleagris gallopavo) út Kanada, de Feriene Steaten en Meksiko.
De paukalkoen is in grutte, glânzend brûns-blau-griene fûgel mei blauwe keale kop. De mantsjes binne likernôch 100 sm. lang en weage 4-5 kg, de wyfkes sa'n 80 sm. en 3-4 kilo. De paukalkoen libbet op de grûn, maar sliept ek op beamtakken. It fiedsel bestiet foaral út blêden, lizen en fruchten, mar ek soms wringeleaze dieren.
De paukalkoen komt foar op it Jûkatanskiereilân yn Meksiko, Belize en Gûatemala. De soarte is bedrige: der binne noch sa'n 20.000-40.00 briedfûgels op de wrâld.
De soarte is monotypysk, d.w.s. der binne gjin ûndersoarten.