Springe nei ynhâld

Skerpwjukhin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sichtewjukhinnen)
skerpwjukhin

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai sichtewjukhinnen (Falcipennis)
D.G. Elliot, 1864
soarte
Falcipennis falcipennis
Hartlaub, 1855
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De skerpwjukhin (wittenskiplike namme: Falcipennis falcipennis) in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e sichtewjukhinnen (Falcipennis). It is in stânfûgel dy't foarkomt yn it Fiere Easten fan Sibearje. De skerpwjukhin is in middelgrutte fûgel mei in koart stal dat wat rûnich fan foarm is. Foarhinne waard tocht dat de bosksniehin (Canachites canadensis) út Noard-Amearika nau oan 'e skerpwjukhin besibbe wie, mar nij ûndersyk hat útwiisd dat dat net sa is. De IUCN klassifisearret de skerpwjukhin as gefoelich.

De skerpwjukhin waard yn 1855 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Gustav Hartlaub. Dyselde parte de fûgel de wittenskiplike namme Dendragapus falcipennis ta en dielde him yn by de beamsniehinnen (Dendragapus). Yn 1864 pleatste Daniel Giraud Elliot de skerpwjukhin oer nei in eigen skaai, dat fan 'e sichtewjukhinnen (Falcipennis). Dêr waard ek de bosksniehin (Canachites canadensis) út Noard-Amearika by yndield, wêrfan't lange tiid oannommen waard dat er nau oan 'e skerpwjukhin besibbe wie. Mar yn 'e ienentweintichste iuw hat nij taksonomysk ûndersyk op basis fan mitogondriaal DNA útwiisd dat de yndieling fan 'e bosksniehin en de skerpwjukhin yn ien skaai parafyletysk is om't de skerpwjukhin neat nauwer oan 'e bosksniehin besibbe is as oan 'e auerhinnen (Tetrao) en de kuorhinnen (Lyrurus). Sadwaande is de bosksniehin yn 2021 wer werompleatst yn syn eigen skaai Canachites.

In skerpwjukhinwyfke yn 'e beam.

It ferspriedingsgebiet fan 'e skerpwjukhin leit yn súdeastlik Sibearje. It rint fan it Sichote-Alinberchtme yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten by de kust fan 'e Tataresont lân nei it noarden ta. De mûning fan 'e rivier de Amoer heart derta en teffens it Dzjûgdzjoerberchtme oan 'e westkust fan 'e See fan Ochotsk. Behalven dielen fan it Kustterritoarium beslacht it areaal fan 'e skerpwjukhin op it fêstelân fan Sibearje ek dielen fan 'e provinsje Amoer en it terriroarium Chabarovsk. Fierders heart dêrta ek it grutste part fan it eilân Sachalin, foar de Eastsibearyske kust, útsein it súdeastlike part. Foarhinne wie der ek in lytse populaasje yn Sina, yn it noardeasten fan Mantsjoerije, mar dêr is dizze fûgel no útstoarn.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skerpwjukhin hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 38–43 sm. It gewicht ferskilt justjes nei geslacht. De hoannen weagje trochinoar 580–735 g, wylst de hinnen in gewicht hawwe fan 650–740 g. Dêrmei binne de hinnen troch de bank nommen justjes swierder as de hoannen, wat unyk is ûnder de rûchpoathinnen. De sturt is relatyf koart en de wjukken, dy't by in protte rûchpoathinnen in wat ôfrûne foarm hawwe, rinne by de skerpwjukhin út op in punt (dêrfandinne de namme).

De hoannen hawwe in fearrekleed dat oer it meastepart fan it lichem dûnkerbrún oant swart is, wylst de kleur fan 'e hinnen ljochtbrún is mei dûnkerbrune streken dertrochhinne. Beide geslachten hawwe oer dy grûnkleuren hinne in yngewikkeld patroan fan ljochtbrune streekjes op 'e rêch en fan wite spikkels op 'e bealch, siden en de ûnderkant fan 'e sturt. Der sitte wite streken oer de ûnderkant fan 'e wjukken en op 'e stuten, en de sturt hat oan 'e útein in wite bân. De hoannen hawwe fan suver swarte fearren in soarte fan kraach om 'e nekke hinne sitten en in swarte bef mei in wite râne op 'e hals. Boppe elts fan 'e eagen hawwe se in reade kaam dy't wol in healrûne wynbrau liket. By de hinnen ûntbrekke kraach en bef, wylst de eachkammen gjin felle kleur hawwe en dêrom amper opfalle.

In skerpwjukhoanne oan it pronkjen mei opsette kraach.

Skerpwjukhinnen jouwe de foarkar oan fochtige nullewâlden mei gâns skaad en in tichte ûndergroei fan beiestrûken en moas. It wâld moat bestean út in mingeling fan dinnen, spjirren en lieren, mar mei ek leafbeammen omfetsje en útskaaie nei mingd wâld mei iepen plakken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skerpwjukhinnen foerazjearje simmerdeis op 'e wâldflier en by 't winter yn 'e beammen. Se oernachtsje yn 'e tûken fan beammen om feilich te wêzen foar nachtjeiende rôfdieren, lykas de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) en it Amoerloaihoars (Panthera pardus orientalis). It binne sosjale fûgels, dy't inoar oerdeis opsykje, mar dy't nachts útinoar geane om sa min mooglik ûnwinske oandacht te lûken fan rôfdieren dy't harren ek yn 'e beammen berikke kinne, lykas de oehoe (Bubo bubo) en oare grutte ûlen. Undersyk hat útwiisd dat se om deselde reden winterdeis ek war dogge om net op 'e snie te lânjen, mei't de spoaren dy't dat neilit foar rôfdieren in yndikaasje fan harren oanwêzigens binne.

By 't maityd beakenje de hoannen fan 'e skerpwjukhin harren territoaria ôf troch in knippend lûd mei har sturtfearren te meitsjen en har kraach rjochtop te setten. De balts bestiet fierder út in sêft breikjend roekoejen dat hieltyd heger fan toan wurdt, folge troch in sprong wêrby't de hoanne twaris horizontaal om syn as draait en yn 'e loft mei de wjukken klapt. Fan ein april oant mids maaie binne de hinnen taskôgers by dat spektakel. Se kieze in hoanne út om mei te pearjen basearre op syn fitaliteit. Dêrby giet it foar it meastepart om hoannen fan trije jier en âlder.

It nêst fan in skerpwjukhin.

Nei de pearing hat de hoanne neat mear mei de fuortplanting út te stean. De hin leit in nêst oan troch op in beskut plakje middenmank de ûndergroei in dobke yn 'e wâldflier út te skraabjen, dat beklaaid wurdt mei twiichjes en de nullen fan nullebeammen. Dêr leit se 6–12 roastkleurich bespikkele bêzjekleurige aaien. De briedtiid duorret 23-24 dagen. De piken fan 'e skerpwjukhin binne nêstflechters, dy't koart nei se út it aai kommen binne it nêst al ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har nei plakken ta laat dêr't se harsels fuorje kinne. Oan 'e ein fan 'e simmer binne de piken selsstannich en geane se by de mem wei.

Skerpwjukhinnen frette it grutste part fan it jier benammen nullen en beien. Simmerdeis wreidzje se dat menu út nei blêden en oare griene plantedielen.

De skerpwjukhin hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't er yn syn fersprieding beheind is en ûnder druk stiet troch oerbejaging en yllegale houtkap en troch klimaatferoaring oanboazjende boskbrannen dy't syn habitat ferneatigje. Ek is de skerpwjukhin fetber foar sykten dy't ferspraat wurde troch oare wylde fûgels of plomfee. De lange, tige kâlde winters fan syn areaal ûnderdrukke nammentlik de fersprieding fan in protte baktearjes en firussen, sadat de skerpwjukhin der mar komselden oan bleatsteld wurdt en dus ek gjin ymmuniteit opbout. Yn kontakt mei de minske toant de skerpwjukhin him alhiel net skruten: as in minske him benei komt, ferstivet er of giet er gewoan troch mei wêr't er mei dwaande wie, mar útnaaie komt almeast net yn him op.

De skerpwjukhin is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten besteane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.