Kaam (lichemsdiel)
In kaam is in fleizich útgroeisel dat by beskate fûgels, yn 't bysûnder by beskate hineftigen, op of oan 'e kop groeit. It hat ornaris in kartele foarm; dêrfandinne de namme 'kaam' (om't it liket op in kaam dêr't men jins hier mei kamt).
It bekendste is de kaam fan 'e gewoane hin (Gallus gallus domesticus). Dy hat in inkele kaam, dy't boppe-op 'e kop groeit, en dy't by it mantsje, de hoanne, ornaris folle grutter en opfallender is as by it wyfke. Dêrom wurdt foar dit lichemsdiel ek wol sprutsen fan in hoannekaam. Hoannen hawwe faak (ôfhinklik fan it hinneras) in grutte kaam, dy't oer it algemien fjoerread is en faak rjochtop stiet (hoewol't hingkammen ek foarkomme). Ferskate oare hineftigen, lykas de auerhin (Tetrao urogallus), de kuorhin (Lyrurus tetrix) en de bosksniehin (Canachites canadensis), hawwe twa kammen, ien boppe elts each, dy't wol healrûne, reade wynbrauwen lykje.
De foarm, stevichheid en kleur fan 'e kaam of kammen is in goede yndikator fan sûnens en libbenskrêft. By guon soarten hineftigen wurdt de tastân fan 'e kammen fan 'e hoannen troch de hinnen brûkt as ien fan 'e kritearia om in pearingspartner te kiezen. By beskate soarten rûchpoathinnen (Tetraonini) kleurje de eachkammen yn 'e peartiid dêrom fel read, oranje of giel, wylst se de rest fan it jier in minder opfallende kleur hawwe.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|