Springe nei ynhâld

Tûke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Twiich)
De tûken fan in beam, in Din
Dizze side giet oer it diel fan in plant. Foar oare betsjuttings, sjoch: tûke (betsjuttingsside).

In tûke is in houtich diel fan in beam of strûk dat út 'e stamme groeit en lytser yn trochsneed is as dy stamme. Tûken kinne sawol rjocht omheech groeie, as skean omheech, as horizontaal fan 'e stamme ôf. Alle tûken heech yn 'e beam mei-inoar foarmje de beamkop. It plak dêr't in beam him yn twa of mear grouwe tûken fertakket, wurdt in beamstrampel neamd. De namme foar al soksoarte fertakkings, by beammen en by strûken, is strampel, sprantel, spranteling, útsprantel of útspranteling, en oan 'e sydkant fan 'e beam of strûk wurdt soks ek wol in sydsprantel neamd. Strampels wurde, fral by beammen in protte brûkt om in einekoer yn te befêstigjen.

In lyts tûkje hjit in twiich (of twige), riis (of rys), of ek wol, fral as der griene blêden oan sitte, in leat. In twiich fan in wylgebeam wurdt wol in gjirde, wylgetean of wylgeriis neamd. Wylgeteannen wiene yn earder tiden in wichtich boumateriaal, dat brûkt waard om it ramt fan in hutte of lyts hûs fan te meitsjen. Neitiid waard dat ramt ferskate kearen besmard mei liem, om it ticht te meitsjen. By de drúveplant hjitte de twigen ranken of wynseltriedden, en wurde se faak mei sin om in stôk of line hinne wuolle om safolle mooglik druven te kweken. In oliiftûke (of oaljetûke) is fan âlds in symboal foar de frede.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.