Springe nei ynhâld

Kaukazyske kuorhin

Ut Wikipedy
Kaukazyske kuorhin

hoanne
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kuorhinnen (Lyrurus)
soarte
Lyrurus mlokosiewiczi
Taczanowski, 1875
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Kaukazyske kuorhin of Kaukazyske bjirkhin (wittenskiplike namme: Lyrurus mlokosiewiczi) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kuorhinnen (Lyrurus). It is in stânfûgel dy't foarkomt yn dielen fan 'e Kaukasus en oanbuorjende berchtmen. De Kaukazyske kuorhin is nau besibbe oan 'e folle algemienere (gewoane) kuorhin (Lyrurus tetrix). De IUCN klassifisearret de Kaukazyske kuorhin as gefoelich.

De Kaukazyske kuorhin waard foar it earst yn 1875 wittenskiplik beskreaun troch de Poalske biolooch Władysław Taczanowski. It soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme Lyrurus mlokosiewiczi ferwiist nei de Poalske biolooch Ludwyk Młokosiewicz.

De Kaukazyske kuorhin komt foar yn 'e Grutte Kaukasus fan súdlik Ruslân, noardlik Abgaazje, noardlik Georgje en noardlik Súd-Osseesje. Fierder eastlik bestiet in isolearre populaasje yn 'e Grutte Kaukasus op grins fan súdlik Ruslân mei noardlik Azerbeidzjan. Behalven yn 'e Grutte Kaukasus hat dizze fûgel ek yn it Pontysk Berchtme fan noardeastlik Turkije in relatyf grutte fersprieding. Yn 'e Lytse Kaukasus fan súdlik Georgje, noardeastlik Turkije, sintraal en súdlik Armeenje, westlik Azerbeidzjan en noardwestlik Iraan is de fersprieding mear fragmintearre.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kaukazyske kuorhin ken gâns seksuele dimorfy. De hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 50–55 sm, wylst de hin folle lytser is, mei in kop-sturtlingte fan 37–42 sm. It gewicht fan 'e Kaukazyske kuorhin bedraacht 712 g oant 1 kg. Fan uterlik is de hoanne tige opfallend, mei in dûnkerbrún oant swart fearrekleed útsein by de wjukline en oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken, dêr't er wyt is. Hy hat boppe elts each in fjoerreade kaam dy't wol wat wei hat fan in healrûne reade wynbrau. It folle saaiere fearrekleed fan 'e hin is eins in folle bettere skutkleur, dêr't se ek ferlet fan hat as se op it nêst oan it brieden is, nammentlik ljochtbrún trochhelle mei swarte oerdwerse streekjes. De sturt fan 'e Kaukazyske kuorhin is lang en hat de foarm fan in swellesturt.

It biotoop dêr't de Kaukazyske kuorhin libbet, wurdt foarme troch frij keale berchskeanten mei hjir en dêr wat rododendrons of oar grienbliuwend strewelleguod. Der moatte wol leafwâld yn 'e neite wêze, oars siket dizze fûgel gaadliker oarden op.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kaukazyske kuorhin is in stânfûgel yn syn hiele ferspriedingsgebiet. Yn maaie en juny komme de fûgels yn groepkes byinoar op 'e iepen romte, wêrnei't de hoannen yn kompetysje mei-inoar harren balts opfiere om 'e hinnen ta pearing te bewegen. Oars as de nau besibbe (gewoane) kuorhin (Lyrurus tetrix) makket de Kaukazyske kuorhin frijwol gjin leven, útsein in tin floitsjen feroarsake troch it klapwjukjen wannear't de hoanne (as ûnderdiel fan 'e balts) omheech springt en yn 'e loft in heale slach om syn as draait. Dêrby is ek in flits wyt te sjen wannear't de ûnderwjukfearren koart eefkes sichtber wurde.

Yllustraasje fan in Kaukazyske kuorhoanne sittend (foargrûn) en fleanend (eftergrûn) en in Kaukazyske kuorhin (wyfke) (ek eftergrûn).

De hin kiest op basis fan 'e prestaasjes fan 'e hoannen in partner út dy't in foechsume fitaliteit oan 'en dei leit. Nei de pearing hat de hoanne fierders neat mear mei it hiele fuortplantingsproses te krijen. De hin siket in gaadlik plak, ferskûle ûnder strewelleguod of yn in rotsspjalt, dêr't se in mei fegetaasje en fearren beklaaid nêst makket yn in ûndjip dobke yn 'e grûn. Dêr leit se 5–6 krêmkleurige aaien dy't nei in briedtiid fan 20–25 dagen útkomme.

De piken binne nêstflechters, dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitte kinne. De hin hâldt tafersjoch en liedt se nei plakken dêr't fretten te finen is, mar de piken moatte harsels fuorje. Dat dogge se yn 't earstoan mei ynsekten en oar lyts wringeleas wrimelt, oant harren spiisfertarring safierhinne ûntwikkele is dat se it fegetaryske dieet fan 'e folwoeksen fûgels oankinne. De piken bliuwe by de hin oant de ein fan 'e simmer, wannear't se selsstannich binne.

De Kaukazyske kuorhin is ien fan 'e minst bestudearre rûchpoathinnen en dêrom wie de soarte foarhinne troch de IUCN klassifisearre as "ûnbekend troch te min ynformaasje". Undersyk út 2008 hat oan it ljocht brocht dat der in lichte delgeande trend bestiet, en dêrom hat de Kaukazyske kuorhin no de IUCN-status fan "gefoelich", ek yn ferbân mei it frij beheinde ferspriedingsgebiet. Yn 2010 waard de hiele wrâldpopulaasje fan 'e Kaukazyske kuorhin skatten op 30.000–60.000 eksimplaren. It krewearjen om dizze fûgel te behâlden giet earmke-om mei it oanfiterjen fan ekotoerisme yn 'e Kaukasus as in manear om bewustwêzen te kweken by de minsklike befolking fan it areaal fan 'e Kaukazyske kuorhin.

De Kaukazyske kuorhin is in monotypyske soarte dy't gjin ûndersoarten hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.