Springe nei ynhâld

Gunnisonwaaierhin

Ut Wikipedy
Gunnisonwaaierhin

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai waaierhinnen (Centrocercus)
soarte
Centrocercus minimus
Young, Braun, Oyler-McCance, Hupp & Quinn, 2000
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Gunnisonwaaierhin (wittenskiplike namme: Centrocercus minimus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e waaierhinnen (Centrocercus). It is in stânfûgel, dy't foarkomt yn it streamgebiet fan 'e rivier de Gunnison yn 'e súdlike Rocky Mountains fan 'e Feriene Steaten. De Gunnisonwaaierhin waard pas yn 2000 as soarte ûntdutsen en is nau besibbe oan 'e gruttere (gewoane) waaierhin (Centrocercus urophasianus). It is in middelgrutte fûgel, dy't yn 'e knipe kommen is troch habitatferlies. De IUCN klassifisearret dizze soarte dêrom as bedrige.

Nettsjinsteande it feit dat er foarkomt yn 'e Feriene Steaten, in lân dêr't gâns ûndersyk dien is nei fûgels, waard de Gunnisonwaaierhin iuwenlang troch ornitologen oer de holle sjoen fanwegen syn uterlike oerienkomsten mei de (gewoane) waaierhin (Centrocercus urophasianus). Pas yn 2000 waard dit bist as selsstannige soarte ûntdutsen en foar it earst wittenskiplik beskreaun troch J.R. Young, C.E. Braun, S.J. Oyler-McCance, J.W. Hupp en T.W. Quinn. Dêrmei wie it de earste nije fûgelsoarte yn 'e Feriene Steaten sûnt de njoggentjinde iuw.

In close-up fan it ferspriedingsgebiet fan 'e gunnisonwaaierhin.

De Gunnisonwaaierhin komt foar yn 'e súdlike Rocky Mountains fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It ferspriedingsgebiet is fragmintearre, mar fierwei de grutste populaasje libbet yn it streamgebiet fan 'e rivier de Gunnison, dêr't de fûgel nei ferneamd is, yn it súdwesten fan 'e steat Colorado. Lytsere, isolearre populaasjes komme westlik dêrfan foar, yn westlik en súdwestlik Colorado en yn it easten fan it oanbuorjende Utah. Foarhinne kaam de Gunnisonwaaierhin ek foar yn Arizona, Nij-Meksiko en Oklahoma, mar dêr is er no útstoarn.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gunnisonwaaierhin liket sterk op 'e (gewoane) waaierhin (Centrocercus urophasianus), mar is likernôch in trêdepart lytser. Hy hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 44–51 sm, mei in gewicht fan 1–2,4 kg. De sturt is lang en puntich en op 'e poaten rint de befearring troch oant op 'e teannen.

De hoannen hawwe boppe elts each in giele kaam, dy't wol oansjoen wurde kin foar in healrûne wynbrau. Ek beskikke se oan 'e beide sydkanten fan 'e hals oer in keal, gielich stik hûd; dat binne kielpûden dy't se by de balts folpompe mei lucht om mei te pronkjen. It fearrekleed fan 'e hoannen is spikkelbûnt grizich brún op 'e rêch, dûnkerbrún op 'e kiel, wyt op it boarst en yn 'e nekke en swart op 'e bealch. De sturt is brún mei grutte wite spikkels. De hinnen binne spikkelbûnt griis-brún mei in ljochtbrune kiel en in dûnkere bealch.

In Gunnisonwaaierhoanne oan it baltsen.

Yn ferhâlding mei de (gewoane) waaierhin is by de Gunnisonwaaierhin de sturt ljochter fan kleur. Ek hat de hoanne mear swarte sierfearren en mear swart op 'e bealch. De eachkammen binne smeller as by de waaierhin.

Biotoop en fretten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gunnisonwaaierhinnen binne alhiel ôfhinklik fan biotopen dy't dominearre wurde troch begroeiïng mei aalstplanten. Dy foarmje ntl. it hiele jier rûn in ûnderdiel fan krúsjaal belang yn it dieet fan 'e fûgels. Ek sykje se frijwol útslutend aalst op foar beskûl. It biotoop moat lykwols ek breedblêdige planten omfetsje en blommen dy't ynsekten oanlûke, om't de piken yn 't earstoan blêden fan sokke planten en ynsekten frette. Kij en skiep frette dat soarte planten lykwols ek, en oerbeweiding is sadwaande in wichtige oarsaak fan it yn it neigean reitsjen fan 'e Gunnisonwaaierhin.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gunnisonwaaierhinnen hawwe komplekse baltsrituelen. Eltse maityd tusken ein febrewaris en ein april, sadree't de grûn fierhinne sniefrij is, sammelje hoannen har op in lyts keal of rotsich stik lân omjûn troch aalststrûken. Dêr pronkje se ferskate oeren yn 'e iere moarn en jûns foar't it tsjuster wurdt mei de sturt yn 'e waaier, de wjukken ôfhingjend nei de grûn ta en de kraach opset. Groepkes hinnen sjogge fan 'e sydline ôf ta en kieze de oantreklikste hoanne út om mei te pearjen. Fan inkele tsientallen hoannen binne der mar in pear, de dominantsten, dy't dêrfoar útornearre wurde.

Nei de pearing is de rol fan 'e hoanne by de fuortplanting útspile. De hin ferlit dan it baltsterrein en siket in gaadlik plak om ûnder beskûl fan aalststrewellen in nêst oan te lizzen besteande út in dobke dat yn 'e grûn útskrabe is, beklaaid mei plantedielen. Dêryn wurde 6–8 aaien lein. De briedtiid duorret by de Gunnisonwaaierhin 25–27 dagen. Der bestiet in hege mjitte fan nêstpredaasje troch rôfdieren as it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), de waskbear (Procyon lotor) en de Firginia-opossum (Didelphis virginiana). De piken binne nêstflechters, dy't koart nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitte kinne. Dat dogge se ûnder begelieding fan 'e hin, dy't harren net fuorret, mar ynstee nei plakken ta bringt dêr't se harrensels fuorje kinne. Tsjin 'e ein fan 'e simmer binne de piken selsstannich.

In trio Gunnisonwaaierhinnen by 't winter.

De Gunnisonwaaierhin hat de IUCN-status fan "bedrige". Yn 2014 waard der rûsd dat de trotale wrâldpopulaasje út minder as 4.000 eksimplaren bestie. By in telling yn 2019 waard dúdlik dat der yn Colorado, dêr't fierwei de measte Gunnisonwaaierhinnen foarkomme, noch mar 1.800 eksimplaren libben, wêrûnder net mear as 429 geslachtsripe hoannen. Dat it mei de soarte sa yn it neigean rekke is, komt benammen troch habitatferlies, in ferskynsel dat te witen is oan minsklike aktiviteiten. Untginning fan aalstprêrje foar de bou fan lânbougewaaksen of foar de útwreiding fan stêden is in wichtige oarsaak, mar ek oerbeweiding troch kij of skiep komt in protte foar. Sok fee fret krekt dy planten op dêr't piken fan 'e Gunnisonwaaierhin ferlet fan hawwe om yn har ierste jonkheid te oerlibjen.

De gunnisonwaaierhin is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.