Rotsauerhin
rotsauerhin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tetrao urogalloides | ||||||||||||
Middendorff, 1853 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De rotsauerhin (wittenskiplike namme: Tetrao urogalloides, syn. Tetrao parvirostris), ek wol de Sachalinauerhin neamd, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao). Dit bist komt foar yn eastlik Sibearje en Mongoalje. It is in stânfûgel dy't him better as de gewoane auerhin (Tetrao urogallus) oanpasse kin oan iepen biotopen. Lichaamlik is de rotsauerhin in slachje lytser as de gewoane auerhin. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e rotsauerhin beslacht de eastlike helte fan Sibearje, útsein it Arktyske noarden. De westgrins fan it areaal rint fan 'e kontreien fan Irkûtsk, bewesten de Baikalmar, noardoan troch it Middensibearysk Berchlân nei it streamgebiet fan 'e rivier de Kotuj. Yn it uterste easten omfiemet it yn it noarden it Kolymaberchtme en folget dan de kust fan 'e See fan Ochotsk nei it suden oant healwei it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten. Ek de noardlike helte fan it grutte eilân Sachalin heart derta. Oan 'e súdkant hearre inkele noardlike dielen fan 'e Sineeske regio Mantsjoerije ta it ferspriedingsgebiet fan 'e rotsauerhin, en teffens it noarden en noardeasten fan Mongoalje. In isolearre populaasje libbet op it Russyske Kamtsjatkaskiereilân.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as by oare rûchpoathinnen (Tetraonini) bestiet der frijwat seksuele dimorfy by de rotsauerhin. Hoannen hawwe trochinoar in kop-sturtlingte fan 89–97 sm en in gewicht fan 3,4–4,6 kg, wylst hinnen trochinoar in lingte hawwe fan 69–75 sm en in gewicht fan 1,7–2,2 kg. De wjukspanne fan 'e rotsauerhin bedraacht 75–115 sm. Yn ferhâlding ta syn bekendere miich, de yn Jeropa foarkommende auerhin (Tetrao urogallus), is de rotsauerhin in slachje lytser en lichter en hat er in ranker lichemsprofyl en in langere hals. Ek de sturt is wat langer en kylfoarmiger. Mar it dúdlikste ferskil is dat de rotsauerhin in swarte snaffel hat, wylst dy by de gewoane auerhin giel is.
It fearrekleed fan 'e hoanne fan 'e rotsauerhin is swart oant dûnkerbrún op 'e kop en hals en yn 'e nekke. De rêch en sturt hawwe deselde kleur, yn 't bysûnder de fearren dy't de waaier fan 'e sturt foarmje. De rest fan 'e sturt is bespikkele mei gâns wite plakken. It boarst hat in metaaleftige dûnkere turkwaze kleur. De bealch en wjukken binne brún mei safolle wite plakjes dat men wol sprekke kin fan spikkelbûntens. Boppe de eagen hat de hoanne reade "wynbrauwen", dat eins lytse healrûne kammen binne. De hin hat op 'e kop, rêch, wjukken en sturt griisbrune fearren dy't yn 'e breedterjochting swarte en sulverne streken hawwe en op 'e sturt ek wite plakken. Op 'e bealch en de ûnderkant fan 'e sturt hawwe hinnen in ljochtere kleur, bêzje oant krêm.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsauerhin is in wâldfûgel, dy't libbet yn folwoeksen nullewâlden fan 'e taiga mei in relatyf iepen blêdetek, benammentlik besteande út lieren. Yn ferhâlding ta de auerhin (Tetrao urogallus) kin de rotsauerhin him better oanpasse oan mear iepen biotopen. Hy mijt ticht begroeide wâlden, dêr't er mei syn grutte troch romtegebrek net út 'e fuotten kin.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rotsauerhinnen binne deidieren, dy't har fretten op 'e wâldflier byinoar sykje. De nacht bringe se troch yn 'e beammen om feilich te wêzen foar rôfdieren. Se binne territoriaal, fral de hoannen, mar dat spilet benammen yn it simmerhealjier in rol. Neffens in ûndersyk fan 'e Universiteit fan Nebraska soene de territoaria fan rotsauerhinnen ornaris likernôch 30 by 30 m mjitte en dus in oerflak hawwe fan 900 m². Dat komt oerien mei de grutte fan 'e territoaria fan 'e kuorhin (Lyrurus tetrix), mar is folle lytser as de territoaria fan 'e gewoane auerhin (Tetrao urogallus).
Yn 'e peartiid, dy't let yn 'e maityd falt, binne de hoannen fan 'e rotsauerhin fan moarns ier oant jûns let besteld mei pronkjen om 'e oandacht fan 'e hinnen te lûken. Dat dogge se troch har fearren op te setten, har sturt as in waaier út te sprieden, de wjukken út te stekken nei de grûn en de kop opheech te rjochtsjen nei de loft. Harren sang bestiet út it fuortbringen fan klepperjende en kreakjende lûden, dy't oant op oardel kilometer ôfstân te hearren binne (folle lûder as de sang fan 'e gewoane auerhin). In oare taktyk fan 'e hoannen om 'e belangstelling fan 'e hinnen op te wekjen is om oant 2 m heech fan 'e grûn ôf te springen en dan wer del te fladderjen. Dêrby wurdt troch it klapwjukjen in tongerjend lûd feroarsake.
Nei de pearing leit de hin har aaien yn in nêst op 'e grûn. It brieden en letter it grutbringen fan 'e piken bemuoie de hoannen har net mei. De piken binne nêstflechters, dy't harsels al rillegau fierhinne rêde kinne en inkeld ferlet hawwe fan 'e mem foar waarm en tafersjoch. Tsjin 'e ein fan 'e simmer binne de jongen selsstannich en geane se by de hin wei.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsauerhin fret yn it simmerhealjier benammen sied en blêden, mar ek wol ynsekten en oar lyts wrimelt, lykas spinnen en wjirms. Winterdeis bestiet it menu hast hielendal út 'e nullen fan lierebeammen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsauerhin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan 'e rotsauerhin (Tetrao urogalloides):
- gewoane rotsauerhin (T. u. urogalloides) (eastlik Sibearje, it Russyske Fiere Easten, noardlik Mongoalje en noardlik Mantsjoerije)
- Kamtsjatkarotsauerhin (T. u. kamtschaticus) (it Kamtsjatkaskiereilân)
Yn it westen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e rotsauerhin, yn sintraal Sibearje, besteane fierders hybriden troch natuerlik foarkommende krusings mei de gewoane auerhin (Tetrao urogallus).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|