Hybride (biology)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ligers, krusings tusken liuwen en tigers

Yn de biology is in hybride, krusing of bastert it resultaat fan seksuele fuortplanting fan twa ferskillende types planten of bisten. De âlders fan de krusing moatte werkenbere ienheden wêze, lykas:

Bastardearring by planten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarming fan eupolyploïden
 
Foarâldersoart
diploïde genoom: ZZ
soartfoarming of spesiaasje (evolúsje)
diploïde soart A
genoom: AA
diploïde soart B
genoom: BB
 ↙
  autopoly-
ploïdy
bastar-
dearring
autopoly-
ploïdy
↓ 
autotetraploïde
AAAA
hybride
AB
autotetraploïde
BBBB
 ↘
bastardearring hybridogene
polyploïdy
 
triploïde
AAA
allotetraploïde
AABB
diploïdisaasje diploïdisaasje diploïdisaasje
diploïde soart
AA
diploïde soart
AB
diploïde
BB
skema fan boppe nei ûnderen lêze

Soartkrusings komme yn de natuer geregeld foar. In krusing is meast tusken twa soarten út itselde skaai (yntragenetyske hybride), mar ek krusings tusken twa soarten út ferskillende skaaien komme foar (yntergeneryske hybride), bygelyks xTriticale, in krusing fan Triticum (weet) en Secale (rogge).

Hybriden binne faak fertyl of sels steryl. Der kin foarming fan (haploïde) gameten optrede as der earst ferdûbeling fan de gromosomen west hat, sadat by de meioaze de homologe gromosomen neist elkoar komme te lizzen.

Hybride en polyploïde planten binne wolris min fan elkoar te ûnderskieden; by hybriden binne de stomoalkerrels of de spoaren gauris sichtber minder ûntwikkele as by polyploïde planten.

By planteferedeling wurdt in soad gebrûk makke fan hybriden. De earste generaasje nei in krusing neame jo in F1-hybride, de twadde generaasje in F2-hybride, ensafh. In soad as sied ferhannele kultivars binne F1-hybriden tusken twa yntylde linen. Dit hat as foardiel dat dêrmei in grutte mjitte fan unifoarmiteit te berikken is.

Hybriden by bisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de karpereftigen yn Jeropeeske en Aziatyske wetters treed ek gauris hybridisaasje op yn natuerlike omstannichheden, foar’t neist troch de massale pearings fan ferskillende soarten yn itselde seizoen en itselde wetter, wêrby’t aaien en sperma frij-út yn it wetter ferspraat wurde. Oer it algemien is de neiteam fan twa ferskillende soarten net fruchtber.

De hybriden fan Pelophylax-soarten (griene kikkerts) hawwe in aparte status. Se wurde klepton neamd om’t se har wer mei ién fan de âldersoarten fuortplantsje kinne en yn guon gefallen ek ûnderling, mar sûnder ferminging fan it genetysk materiaal fan de geslachtssellen.[1] De mingfoarm is ek te machtich om ôfkomstich te wêzen fan krusings tusken de âldersoarten. De bastertkikkert is in klepton. Mei de puolkikkert en de markikkert foarmet er in synklepton.

By it fokken fan bisten wurdt in soad gebrûk makke fan hybriden. De measte lishinnen, slachtpiken en fleisbargen binne hybriden tusken twa bot yntylde rassen. De foardielen binne heteroasis en in grutte unifoarmiteit fan de neiteam.

Foarbylden fan hybriden binne:

Dûkeinen en guozzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan bistesoarten út in tal skaaien wurde relatyf faak hybriden waarnommen. Dat jildt ûnder oare foar de dûkeinen út it skaai Aythya en foar guozzen út de skaaien Anser en Branta. It relatyf hege tal hybriden ûnder dûkeinen en guozzen kin ûnder oare ferklearre wurde troch in lege ynterspesifike barriêre en út domestikaasje en ferwyldering fan sierwetterfûgels út wetterwyldparken. Dat wol noch net sizze dat der gjin skaaien an fûgelsoarten binne wêryn’t hybriden faker foarkomme, lykas ûnder de sjongfûgels, mar dat dizze hybriden minder faak opmurken wurde.[2]

Fûgels yn de Lege Lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under fûgels wurde yn België en Nederlân hieltyd faker hybriden waarnommen.[3][4] Benammen ûnder de wetterfûgels binne in tal soarten dy’t frij geregeld hybriden fuortbringe. Benammen de stiging fan it tal waarnommen krusings mei domestisearre skiere guozzen en wylde einen, ek wol sopguozzen en sopeinen neamd, falt op. [5][6][7][8][9][10][11][12][13][14]

Fierder falle de ynsidintele waarnimmings fan krusings tusken rôffûgels op. Dat giet foar ’t neist om neiteam fan eksoatyske rôffûgels dy’t út finzenskip ûntsnapt binne. In soad rôffûgels dy’t yn finzenskip opgroeie fertoane, troch problemen mei de ynprinting gedrachsôfwikings.[15]

Dêrnjonken wurde geregeld hybriden waarnommen fan fûgelsoarten dy’t ek as ringsoarten beskôge wurde kinne, lykas hybriden fan kobben en lytse sulverkobben.[16] Oft it tal krusings tusken dizze kobben omheech giet is net dúdlik. Om’t guon soarten yn it ferline faak as farianten of ûndersoarten fan Larus-soarten sjoen waarden, ûntsnapten se meast oan it omtinken fan in soad fûgeltsjelju. Sûnt de topklasse fierrekikers en teleskopen foar fûgeltsjelju te beteljen binne, wurde dy kobbesoarrten en/of hybriden faker synjalearre.

Under biologen, fûgeltsjelju en natuerbeskermers wurdt ferskillend tocht oer it tellen en observearjen fan algemien foarkommende hybriden, lykas sopguozzen en sopeinen.[8][7][9][10] Yn natuergebieten en stedske omjouwings nimt it tal hybride wetterfûgels stadichoan ta en minge se harren súntsjesoan fierder mei ferskillende populaasjes wylde wetterfûgels. Dêrtroch wurdt it hieltyd lestiger om de kleurôfwikings yn it dek fan krusings te ûnderskieden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dubois, A. & Günther, R. (1982), Klepton and Synklepton: Two New Evolutionary Systematics Categories in Zoology. Zool. Jahrb. Syst. 109: 209-305
  2. ANWB Vogelgids van Europa, s. 58, Tirion Uitgevers BV, Baarn, tredde pr, 2003, ISBN 9018015687
  3. Hybriden in Nederland, list mei waarnimmings op waarneming.nl
  4. Hybriden in België, list mei waarnimmings op waarnemingen.be
  5. Sopein en Wylde ein - wat binne de ferschillen? op YouTube
  6. Vroege Vogels - Eend met kleintjes op YouTube, de piken ha ferskillende kleuren
  7. 7,0 7,1 Parkeend - Anas platyrhynchos forma domestica op waarneming.nl
  8. 8,0 8,1 Parkgoess - Anser anser forma domestica op waarneming.nl
  9. 9,0 9,1 Soepeend Anas platyrhynchos f. domesticus yn it Nederlânsk Soarteregister
  10. 10,0 10,1 Soepgans Anser anser f. domesticus yn it Nederlânsk Soarteregister
  11. Foto's fan hybride Sopgoes x Paugoes - Anser anser forma domestica x Branta leucopsis
  12. Waarnimmings fan hybride Sopgoes x Yndyske Goes - Anser anser forma domestica x Anser indicus
  13. Foto's fan hybride Parkgoes x Grutte Kanadeeske Goes - Anser anser forma domestica x Branta canadensis
  14. Foto's fan hybride Wylde Ein x Readkopein - Anas platyrhynchos x Netta rufina
  15. Foarbyld: hybride Sakerfalk x Jachtfalk - Falco cherrug x Falco rusticolus
  16. Foto's fan hybride Kobbe x Lytse Sulverkobbe - Larus argentatus x Larus fuscus