Springe nei ynhâld

Autoploïde

Ut Wikipedy
Foarming fan eupolyploïden
 
Foarâldersoart
diploïde genoom: ZZ
soartfoarming of spesiaasje (evolúsje)
diploïde soart A
genoom: AA
diploïde soart B
genoom: BB
 ↙
  autopoly-
ploïdy
bastar-
dearring
autopoly-
ploïdy
↓ 
autotetraploïde
AAAA
hybride
AB
autotetraploïde
BBBB
 ↘
bastardearring hybridogene
polyploïdy
 
triploïde
AAA
allotetraploïde
AABB
diploïdisaasje diploïdisaasje diploïdisaasje
diploïde soart
AA
diploïde soart
AB
diploïde
BB
skema fan boppe nei ûnderen lêze

Yn de plantkunde wurdt de term autoploïde brûkt foar in mutearre genoom wêrby’t alle gromosomen fan itselde komôf binne, fan deselde plantesoart. Dat yn tsjinstelling ta alloploïden, wêrby’t net alle gromosomen fan itselde komôf binne, dus in part fan de gromosomen fan de iene plantesoart en in part fan in oare. Auto(poly)ploïden binne genoommutaasjes.

In autoploïde tetraploïde plant wurdt in autotetraploïde neamd. Der binne ek autotriploïde, autoheksaploïde en auto-oktoploïde planten: de ierdappel is in autotetraploïde en hat 2n=48 gromosomen en ek Kofjeplant (Coffea arabica) is autotetraploïde.

Yn de plantetylt hat bliken dien dat autopolyploïden wat minder groeie en minder fruchtber binne. De pôlebuis groeit ek stadiger as by diploïden (sertaasje).[1]

Autopolyploïden kinne spontaan of keunstmjittich ûntstean mei help fan kolgisine ynduksearre wurde. Yn de lânbou ha polyploïden foardielen om’t de te rispjen organen grutter útgroeie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hermsen, J.G,Th., Ploïdie en soorts- en geslachtskruisingen,Landbouwhogeschool Wageningen vakgroep Plantenveredeling (06 30 1204)