Nuete kalkoen

Ut Wikipedy
nuete kalkoen
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kalkoenen (Meleagris)
soarte kalkoen (Meleagris gallopavo)
ûndersoarte
Meleagris gallopavo domesticus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: n.f.t. (domestisearre bist)

De nuete kalkoen of hûskalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris gallopavo domesticus) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e kalkoen (Meleagris gallopavo). Dit bist waard teminsten twatûzen jier lyn en miskien noch wol earder nuet makke troch de Yndiaanske beskavings fan Meso-Amearika, en mooglik letter nochris yn 'e súdwestlike kontreien fan wat no de Feriene Steaten binne. Alle hjoeddeistige nuete kalkoenerassen stamje lykwols ôf fan 'e kalkoenen dy't domestisearre waarden yn sintraal Meksiko en dêrwei troch de Spanjerts fan 'e sechstjinde iuw ôf yn Jeropa yntrodusearre waarden. De nuete kalkoen is tsjintwurdich nei de hin ien fan 'e populêrste soarten plomfee, om't it libbensûnderhâld fan 'e fûgel goedkeap is yn ferhâlding ta de hoemannichte fleis dy't er leveret.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nuete kalkoen stammet ôf fan 'e Súdmeksikaanske kalkoen (M. g. gallopavo), de súdlikste ûndersoarte fan 'e kalkoen (Meleagris gallopavo). Dy is lânseigen op it Plato fan Anahuac, de súdlike helte fan it Heechlân fan Meksiko, dêr't no de stêdekloft fan Meksiko-Stêd leit. Eksimplaren fan dy ûndersoarte waarden djip yn it Prekolumbiaanske Tiidrek, omtrint it begjin fan 'e Westerske jiertelling of mooglik noch earder, domestisearre troch de Yndianen fan 'e preklassike beskavings fan Meso-Amearika. Yn 2010 kaam by nij ûndersyk oan it ljocht dat der letter, tusken 200 en 500, mooglik in twadde domestikaasje fan 'e kalkoen plakfûn troch de foarâlden fan 'e lettere Pueblokultuer yn Arizona en Nij-Meksiko. It fleis en de aaien fan 'e nuete kalkoen foarmen foar de Yndianen in wichtige boarne fan aaiwiten, wylst de fearren, benammen út 'e sturt en fan 'e wjukken, brûkt waarden as fersiering foar pronkdracht. De Azteken assosjearren de kalkoen mei de godlike trickster Tezcatlipoca, mooglik fanwegen it as grappich opfette hâlden en dragen fan 'e fûgels.

In keramysk fluitsje yn 'e foarm fan in kalkoen út 'e Westmeksikaanske skachttombekultuer (200 f.Kr.500 n.Kr.).

Nei de oerweldiging fan it Azteekske Ryk troch de Spaanske conquistador Hernán Cortés yn 1521 waarden nuete kalkoenen troch de Spanjerts nei Jeropa brocht. De sechstjinde-iuwske seefarder William Strickland wurdt ornaris sjoen as dejinge dy't de kalkoen út Spanje wei yn it Keninkryk Ingelân yntrodusearre. Syn famyljewapen is ien fan 'e ierst bekende ôfbyldings fan in kalkoen. Yn 1573 wie de kalkoen yn Ingelân al sadanich ynboargere dat kalkoenefleis troch boer en dichter Thomas Tusser neamd waard as in, miskien doe noch net tradisjoneel, mar al wol gebrûklik ûnderdiel fan it krystmiel fan begoedige lju. Ek doe't de Ingelsen fan 1608 ôf sels koloanjes yn Noard-Amearika stiften, waarden kalkoenen dêr net, sa't men faaks ferwachtsje soe, út it wyld wei domestisearre, mar ynstee út Ingelân wei meinommen werom nei de Nije Wrâld.

Yn Jeropa ûnstiene troch de iuwen hinne út 'e nuete kalkoen troch selektyf fokken, krekt as by oare domestisearre bistesoarten, ferskate rassen. Oant yn 'e njoggentjinde iuw wie kalkoenefleis yn Ingelân rikeljusiten, wylst de arbeidersklasse ek mei de kryst almeast goes of kowefleis iet. Yn it ferneamde krystferhaal A Christmas Carol, fan Charles Dickens, keapet de earme klerk Bob Cratchit fan it hongerleantsje dat de rike frek Ebeneezer Scrooge him betellet earst in goes om mei de kryst mei syn húshâlding op te iten, oant Scrooge troch it besyk fan 'e geasten fan 'e kryst fan it ferline, it hjoed en de takomst in mentale werberte trochmakket ta in goederjouske woldogger en de Cratchits in kalkoen bringt.

In hoanne fan it ras reade fan Bourbon County.

Fan 'e 1940-er jierren ôf waard de priis fan kalkoenefleis op drastyske wize ferlege troch de yntroduksje fan yntinsive feehâlderij. Dêrtroch waard it ek foar de legere maatskiplike klassen betelber. Letter yn 'e tweintichste iuw makke de útfining fan meganyske kuolling dat hiele kalkoenen beferzen nei fiere merken transportearre wurde koene sûnder ferkeard te wurden. Noch wer letter waarden ferskate stappen foarút set op it mêd fan 'e bestriding fan sykten, mei as gefolch dat de kalkoeneproduksje noch fierder útwreide wurde koe. Kalkoenefleis is dêrtroch tsjintwurdich in goedkeap en hast oeral beskikber soarte fleis wurden.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hoanne fan 'e wylde kalkoen hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 100–125 sm, mei in gewicht fan 5–11 kg. De nuete kalkoen is fan dyselde grutte, mar iuwen fan fokken foar de bêste fleisproduksje hat him folle grouwer en swierder makke, oant 39 kg. Dêrmei is de nuete kalkoen op it mêd fan maksimale massa de op sân nei grutste libbene fûgelsoarte op 'e wrâld wurden. Troch it gewicht binne se semy-flechtleas: jongere en lytsere eksimplaren kinne noch wol koarte ôfstannen fleane, mar neigeraden dat se âlder en grouwer wurde, ferlieze se dat fermogen. De swierste kalkoenen krije harren gewicht sels mei fladderjen as in hin net mear fan 'e grûn ôf. Kwa kleur besteane der grutte ferskillen tusken de ûnderskate kalkoenerassen, mei't it fearrekleed útinoar rinne kin fan hielendal swart oant bûnt of brún oant hielendal wyt.

In kalkoenepykje.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge nuete kalkoenen kinne maklikernôch koart ôfstannen fleane, op tûken yn beammen lânje en dêr sliepe. Mar wat âlder (en grouwer) de fûgels wurde, wat minder faak se dat dogge. Uteinlik berikke se in gewicht dat harren wjukken hielendal net mear drage kinne. Nettsjinsteande dat klimme folwoeksen fûgels mei gragens op net al te hege foarwerpen, lykas in pak strie, om mar net op 'e grûn sliepe te hoegen. Dêr hawwe se nammentlik in ynstinktive wjersin tsjin, dy't berne is út 'e eangst foar rôfdieren út 'e tiid dat se noch yn it wyld libben. Jonge fûgels begjinne gauris spontaan en om skynber frivoale redens te draven, wat yn 'e kalkoenehâlderij yn 'e Angelsaksyske wrâld frolicking ("mâltjirgjen") neamd wurdt. It tsjinnet gjin doel en liket poer in foarm fan boartsjen te wêzen.

Nuete kalkoenen fertoane in wiid ferskaat oan hâlden en dragen dat op it eigen komfôr rjochte is, lykas klapwjukjen, it opsetten fan 'e fearren, it útrekken fan 'e poaten en it nimmen fan in stofbad (wat in foarm fan parasytbestriding is). In protte types hâlden en dragen fan dizze fûgels binne sosjaal fasilitearjend, wat sizze wol dat it foarkommen fan sok hâlden en dragen by ien yndividu de kâns sterk fergruttet dat oare yndividuën út 'e selde groep dat type hâlden en dragen ek fertoane sille. Nuete kalkoenen fokalisearje in protte, en de 'sosjale spannings' binnen in groep kinne (troch lju dy't wat fan kalkoenen witte) ôflêzen wurde oan 'e fokalisaasjes fan 'e leden fan 'e groep. In heechtoanige 'gjalp' wiist derop dat de fûgels agressyf wurde, wat liede kin ta slaanderij wêrby't de kalkoenen inoar oanfeane mei harren lange, skerpe kloeren en besykje inoar te pikken. Folwoeksen fûgels fertoane mear agresje as jonge eksimplaren.

In hoanne oan it pronkjen.

Nuete kalkoenen binne tige sosjale bisten, dy't oerstjoer reitsje as se isolearre wurde fan soartgenoaten. As se troch omstannichheden allinnich libje, sykje se oar selskip. Der binne bygelyks dokumintearre gefallen fan nuete kalkoenen dy't 'freonskip' sleaten mei hûnen. Folwoeksen kalkoenen merke it fuortendaliks as der in nij yndividu arrivearret. It pleatsen fan in frjemde fûgel yn in fêstige groep sil hast altyd resultearje yn in oanfal fan 'e groep op 'e nijynkommeling, mei soms de dea fan 'e 'ynkringer' ta gefolch.

Hoannen besteegje in oansjenlik diel fan harren tiid oan it pronkjen om hinnen te lokjen. Dat hâlden en dragen liket tige sterk op it pronkjen fan wylde kalkoenhoannen yn 'e peartiid, wêrby't de sturtfearren opsteane ta in waaier, wylst de rest fan it fearrekleed opset wurdt, de wjukken delhingje nei de grûn, it boarst foarút treaun wurdt en de hals efteroer bûgd wurdt om 'e lellen en kop sa opfallend mooglik te toanen. De hûd fan 'e kop en de lellen is dêrby fel kleure yn read, wyt en blau, wylst de 'snútlel' (boppe de snaffel) langer wurdt. De fûgel 'proest' mei geregelde tuskenskoften wylst er grutsk omstapt en in 'gabbeljende' rop uteret.

In pear hoannen en in hin fan it ras Spaanske swarte.

Kalkoenerassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side List fan kalkoenerassen.

Der besteane gâns kalkoenerassen. De bekendste is nei alle gedachten de Amerikaanske wite, in ras dat, alteast yn 'e Feriene Steaten, it meast holden wurdt as fleiskalkoen. Oare bekende rassen binne de Amerikaanske brûnskalkoen, de standertbrûnskalkoen, de reade fan Bourbon County, de Amerikaanske blauwe, de Spaanske swarte (yn Ingelân de swarte fan Norfolk neamd), de Narragansett, de sûkelarjebrune, de lytse wite fan Beltsville en de wite dwerch.

Kalkoenehâlderij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e kommersjele kalkoenehâlderij leverje spesjalisearre fokbedriuwen kalkoene-aaien oan bedriuwen dy't fleiskalkoenen produsearje. De aaien wurde yn in ynkubator útbret, wêrnei't de hoannen en de hinnen apart faninoar grutbrocht wurde om't se ferskillende groeifaasjes hawwe.

In nuete kalkoen yn Pakistan.

Yn it Feriene Keninkryk giet it by de kalkoenefokkerij sa om en ta. De earste wike fan harren libben wurde de piken yn kloften yn rûne bakken mei in diameter fan 21/2 m holden. Foar de rûne foarm is keazen om't de piken de râne fan 'e bak folgje en sa altyd by fretten en drinkwetter lâns komme. Om it fretten oan te fiterjen wurde de lampen boppe de bak de earst 48 oeren faak oan ien wei troch oan holden. Om 'e piken te helpen by it op peil hâlden fan 'e eigen lichemstemperatuer wurdt de temperatuer yn 'e bakken de earste trije dagen op in konstante 35 °C holden. Dêrnei giet de temperatuer eltse twa dagen mei 3 °C omleech oant er op 't lêst op 18 °C útkomt.

Nei in wike wurde de rûne bakken fuorthelle, sadat de piken de hiele loads troch kinne, dêr't soms wol tsientûzenen fan harren holden wurde. Dêr wurde se fierder fetmesten oant se nei it slachthûs geane. Hinnen wurde slachte as se 14–16 wiken âld binne, en hoannen mei 18–20 wiken. Tsjin dy tiid weagje de hoannen al mear as 20 kg, wylst folwoeksen wylde kalkoenhoannen maksimaal 11 kg weagje.

Nuete kalkoenen yn in moderne kalkoenefokkerij.

Hoe ticht oft kalkoenen yn kommersjele plomfeehâlderijen opinoar holden wurde meie, ferskilt per lân. Yn Dútslân, bygelyks, jild in maksimum fan 52 kg/ foar kalkoenhoannen en 58 kg/m² foar kalkoenhinnen, wylst it maksimum yn it Feriene Keninkryk foar beide geslachten op 61 kg/m² leit (oftewol 8 fûgels de m²). De RSPCA, de Britske bistebeskerming, riedt lykwols in populaasjetichtens oan fan maksimaal 25 kg/m². Kalkoenen dy't holden wurde by de populaasjetichtens fan kommersjele fokkerijen fertoane mear en gruttere sûnensswierrichheden (yn ferhâlding ta fûgels dy't by legere tichtheden holden wurde), lykas problemen by it rinnen, swolms oan heupen en poaten, brutsen wjukken en in leger lichemsgewicht. Ek de ljochtmanipulaasje yn grutte fokkerijen liedt ta swierrichheden; sa kinne lange ljochtperioaden kombinearre mei lege ljochtyntensiteit by de kalkoenen liede ta blinens.

In oar probleem is it (sels) útroppen fan fearren. Dit wurdt troch saakkundigen beskôge as in misse utering fan foerazjeargedrach, feroarsake troch in foerazjear-earm libbensfermidden. Om dat foar te kommen wurde gauris de snaffels fan 'e kalkoen byknipt. Kalkoenen pikke inoar ek nei de kop. Yn in fermidden dêr't se sa ticht opinoar sitte dat útwiken of flechtsjen net mooglik is, liedt dat gauris ta de dea fan it slachtoffer. De fûgels moatte dêrom geregeldwei yn 'e rekken holden wurde, benammen as it giet om hoannen dy't hast folwoeksen binne, mei't dy it agressyfst binne. As in yndividu nei in skoft fan 'e kloft isolearre west te hawwen, reyntrodusearre wurdt, bestiet der grutte kâns dat er oanfallen wurde sil. As in hoanne by fersin by in kloft hinnen set wurdt, sil er nei alle wierskyn ek oanfallen wurde. As in hin by fersin by in kloft hoannen set wurdt, sille dy har fertraapje yn harren haast om mei har te pearjen.

Kalkoenefleis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likernôch 620 miljoen kalkoenen wurde elts jier slachte foar it fleis. Tradisjoneel wurde kalkoenen fral yn 'e Angelsaksyske wrâld iten as diel fan it krystmiel en yn 'e Feriene Steaten ek mei Thanksgiving. Dêrby keapet men in hiele kalkoen (minus kop, kloeren en yngewant), dy't dan yn 'e ûne bakt of roastere wurdt. Yn 'e Feriene Steaten bestiet de aparte wizânsje dat elts jier by de Nasjonale Thanksgivingkalkoenpresintaasje ien kalkoen fan 'e Amerikaanske presidint "presidinsjele amnesty" kriget, wat betsjut dat er net slachte en opiten wurde sil.

In kalkoen tamakke foar Thanksgiving.

De rest fan it jier wurdt der yn 'e Angelsaksyske wrâld ek in protte kalkoen iten, mar dan fral as bôlebelis, kocht yn foarferpakte plakken. Kalkoenefleis wurdt faak oanpriizge as in sûn(er) alternatyf foar kowefleis en bargefleis om't der folle minder fet yn sit.

Behalven nuete kalkoen yt men yn 'e Feriene Steaten mei de kryst of Thanksgiving ek faak wylde kalkoen, dy't dan troch jagers sels sketten wurdt. Hoewol't nuete en wylde kalkoenen winliken deselde soarte binne, hat it fleis fan wylde kalkoen in hiel oare smaak as dat fan nuete kalkoen. It ferskil is ferlykber mei it ferskil tusken hinnefleis en it fleis fan wylde fûgels dy't yn Nederlân wol sketten wurde, lykas fazant. De smaak fan wylde kalkoen is folle sterker as dy fan nuete kalkoen, wat ferbân hâldt mei it fretten fan 'e bisten. Ek tusken wylde kalkoenen ûnderling bestiet in seizoenaal smaakferskil: oan 'e ein fan 'e simmer, as se moannenlang njonken plantaardich guod ek ynsekten fretten hawwe, smakket it fleis folle sterker as winterdeis, wannear't se in strikt plantaardich dieet folgje.

Oars as aaien fan hinnen, einen en kwartels wurde kalkoene-aaien oer it algemien net (mear) troch de minske iten. Dat hat dermei te krijen dat kalkoenen folle minder aaien lizze en dat alle aaien dêrom nedich binne om piken te produsearjen foar de kalkoenefokkerij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.