Lytse prêrjehin

Ut Wikipedy
lytse prêrjehin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai prêrjehinnen (Tympanuchus)
soarte
Tympanuchus pallidicinctus
Ridgway, 1873
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De lytse prêrjehin (wittenskiplike namme: Tympanuchus pallidicinctus), ek wol stavere as lytse prêryhin of lytse prairiehin, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus). It is in stânfûgel, dy't foarkomt op in diel fan 'e súdlike Grutte Flakten yn 'e Feriene Steaten. De lytse prêrjehin is in middelgrutte fûgel, dy't nau besibbe is oan 'e grutte prêrjehin (Tympanuchus cupido). Oars as by de measte soarten rûchpoathinnen is de seksuele dimorfy by de lytse prêrjehin beheind. De soarte is yn 'e ferdrukking kommen troch habitatferneatiging troch de minske. It beheinde ferspriedingsgebiet yn acht nommen, hat de IUCN de fûgel dêrom klassifisearre as kwetsber.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse prêrjehin waard yn 1873 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch Robert Ridgway. Dyselde beskôge de fûgel as in ûndersoarte fan 'e grutte pêrjehin en joech him dêrom de wittenskiplike namme Cupidonia cupido pallidicincta. Letter waarden de prêrjehinnen yndield yn in eigen skaai, dat Tympanuchus kaam te hjitten (in Grykske gearstalling dy't letterlik "klinkend as in pauk" betsjut). De lytse prêrjehin bliek úteinlings in aparte soarte te wêzen. De soartspesifike wittenskiplike oantsjutting pallidicinctus is Latynsk en betsjut "bleekstreekt", fan pallidus ("bleek") en cinctus ("streekt").

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse prêrjehin libbet yn it súdwesten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Dêr komt er foar yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Kansas, it uterste súdeasten fan Colorado, it westen fan Oklahoma (benammen de eastlike helte fan 'e Oklahoma Panhandle), it noarden en noardwesten fan Teksas en it súdeasten fan Nij-Meksiko. Yn it ferline wie it ferspriedingsgebiet folle minder fragmintearre en fral yn Teksas gâns grutter, mei't it suver oan 'e Rio Grande ta rikte, dy't de grins mei Meksiko foarmet.

Der binne fossilen fan 'e lytse prêrjehin fûn by Rocky Arroyo yn it Guadalupeberchtme yn 'e Transpecos fan Teksas en it súdeasten fan Nij-Meksiko, dêr't de fûgel blykber djip yn 'e prehistoarje ek foarkaam, mar dat in ein bûten it histoarysk bekende areaal fan 'e fûgel leit. De ynkrimping fan it ferspriedingsgebiet nei wêr't de lytse prêrjehin libbe doe't de earste blanke kolonisten de súdlike Grutte Flakten berikten, moat neffens paleöntologysk ûndersyk omtrint 10.000 jier lyn plakfûn hawwe, oan 'e ein fan 'e lêste iistiid. It tinken is dat de fûgel it by de doetiidske klimaatferoaring net mear roaie koe yn it drûchste diel fan syn areaal.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse prêrjehin is in middelgrutte fûgel mei in kop-sturtlingte dy't yn trochsneed 38–41 sm bedraacht. De hoannen binne mei in gewicht fan trochinoar 790 g wat foarser as de hinnen, dy't trochinoar 700 g weagje. Beide geslachten hawwe in fearrekleed dat oer it hiele lichem fyn brún-wyt streke is. Dêrmei is de seksuele dimorfy by de lytse prêrjehin in stik beheinder as by de measte oare rûchpoathinnen.

In lytse prêrjehoanne.

Beide geslachten hawwe ek in koarte sturt dy't rûnich fan foarm is, en in toef fan ferlinge fearren boppe-op 'e kop, dy't rjochtop set of plat yn 'e nekke lein wurde kin. De toef is by hinnen sichtber koarter as by hoannen. It dúdlikste ûnderskie tusken de beide geslachten wurdt lykwols foarme troch de felgiele kaam dy't de hoannen boppe elts fan 'e eagen hawwe, as wie it in healrûne wynbrau, en troch de keale oranje kielpûden dy't hoannen oan wjerskanten fan 'e hals hawwe en dy't fol lucht pompt wurde kinne om mei te pronkjen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse prêrjehinnen libje op 'e iepen flakten op prêrjes mei begroeiïng fan aalstplanten (Artemisia).

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn peartiid, dy't foar de lytse prêrjehin yn april en maaie falt, komme de hoannen yn groepen gear op plakken sûnder folle begroeiïng. Dêr wediverje se mei-inoar om 'e belangstelling fan 'e hinnen troch it opfieren fan in balts. Ornaris dogge 10–15 hoannen dat op itselde plak, mar der besteane ek dokumintearre gefallen dat 40 hoannen of mear dêrfoar gearkamen. Elts fan 'e hoannen set by de balts in eigen lyts territoarium ôf, dêr't er pronkjend omstapt mei de sturt yn in waaierfoarm, de toef rjocht omheech en de kielpûden oan wjerskanten fan 'e hals fol mei lucht. Dêrby makket er djip yn it liif in lûd as fan in grutte tromme en ek in knippend leven mei de fearren fan 'e sturt.

In lytse prêrjehoanne.

Nei de pearing hat de hoanne fierders neat mear mei it hiele fuortplantingsproses út te stean. De hin giet in ein by it baltsterrein wei en siket in gaadlik plak op 'e grûn om yn 'e beskutting fan wat hegere planten in nêst te meitsjen. Dêr leit se 12–14 tige ljocht kleure aaien. De briedtiid duorret likernôch 24 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't it nêst al ferlitte kinne koart nei't se út it aai kommen binne. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee meinommen op sleeptou nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne. Mei in wike as fjouwer kinne se fleane en mei 10–12 wiken binne se selsstannich en geane se by de hin wei.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It menu fan 'e lytse prêrjehin bestiet foar it meastepart út sied en beien, mar simmerdeis fret er dêrnjonken griene dielen fan planten en teffens ynsekten, lykas sprinkhoannen, imerkes en toarren.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse prêrjehin hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste fan 'e trije gradaasjes fan "bedrige" is. Dat komt om't syn ferspriedingsgebiet sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw sa ynkrompen is, dat it noch mar 15% fan it oarspronklike areaal beslacht. De grutte fan 'e populaasje is yn dyselde tiid mei 99% efterút gien. De oarsaak dêrfan is habitatferlies troch de oanhâldende útwreiding fan minsklike aktiviteiten wêrfoar't it ekosysteem fan 'e aalstprêrje ferneatige (oftewol ûntgûn) wurdt dêr't de lytse prêrjehin foar syn bestean fan ôfhinklik is. Der besteane oanwizings dat de lêste desennia ek klimaatferoaring in negative ynfloed hân hat op dizze fûgel. De helte fan 'e hjoeddeistige wrâldpopulaasje fan lytse prêrjehinnen libbet yn 'e súdwesthoeke fan Kansas.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse prêrjehin is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.