Prêrjehin
prêrjehin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tympanuchus cupido | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
hjoeddeistige fersprieding histoaryske fersprieding |
De prêrjehin (wittenskiplike namme: Tympanuchus cupido), ek wol stavere as prêryhin of prairiehin en ta ûnderskie fan 'e nau besibbe lytse prêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus) ek wol de grutte prêrjehin neamd, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus). It is in stânfûgel, dy't yn 'e Feriene Steaten foarkomt op dielen fan 'e noardlike Grutte Flakten, mei inkele isolearre populaasjes mear nei it easten en suden ta. Troch habitatferlies en oerbejaging is de prêrjehin útstoarn yn it grutste part fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet, wêrûnder de súdlike Grutte Flakten, en ek de noardeastlike Atlantyske kuststripe, dêr't earder de heidehin (T. c. cupido) foarkaam, dy't in ûndersoarte fan 'e prêrjehin wie. De prêrjehin is in middelgrutte fûgel dy't bekend stiet om syn opfallende baltsgedrach. Oars as by de measte soarten rûchpoathinnen is de seksuele dimorfy by dizze soarte beheind. De IUCN klassifisearret de prêrjehin as gefoelich.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehin waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. Dizze fûgel waard doe de wittenskiplike namme Tetrao cupido taparte, en waard ûnderbrocht by de Jeropeeske rûchpoathinnen, lykas de auerhin (Tetrao urogallus) en de kuorhin (Lyrurus tetrix). De Dútske soölooch Constantin Wilhelm Lambert Gloger helle de prêrjehin dêr yn 1841 by wei om him yn it ôfspjalte skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus) te pleatsen. De namme Tympanuchus kombinearret de Aldgrykske wurden tympanon of tumpanon, dat "pauk" betsjut mei echeo, dat "leven meitsje" of "klinke" betsjut. De oantsjutting ferwiist nei it lûd dat prêrjehoannen útbringe by de balts.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is it ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehin beheind ta twa grutte, net op inoar oanslutende dielen fan 'e noardlike Grutte Flakten. It noardlike part omfettet it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota mei dêropta in lyts rântsje fan it midwesten fan Minnesota en it midnoarden fan Súd-Dakota. It súdlike part omfiemet sintraal en súdeastlik Súd-Dakota, sintraal, noardeastlik en súdeastlik Nebraska, noardlik Kansas en it uterste noardeasten fan Colorado. Fierders binne der noch inkele folle lytsere, isolearre populaasjes yn sintraal Minnesota, sintraal Wisconsin, súdlik Illinois, eastlik en súdwestlik Iowa, noardlik en westlik Missouri, súdwestlik Oklahoma en by de Golfkust fan súdlik Teksas lâns.
Foarhinne rûn it ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehin hielendal troch oan 'e Golf fan Meksiko ta yn súdlik Teksas en súdwestlik Louisiana en mooglik oant yn Tamaulipas yn Meksiko. It areaal besloech doe ek noardeastlik en westlik Noard-Dakota, noardlik en eastlik Súd-Dakota, noardeastlik Montana, noardwestlik en eastlik Nebraska, súdlik en eastlik Kansas, sintraal en eastlik Oklahoma, sintraal Arkansas, hast hiel Missouri, hiel Iowa en Illinois, súdwestlik Minnesota, westlik en súdlik Wisconsin, noardlik, westlik en súdlik Indiana, it westlike twatrêdepart fan Kentucky, it uterste midnoarden fan Tennessee, súdwestlik en noardwestlik Ohio en it suden fan Neder-Michigan. Yn Kanada kaam de prêrjehin doe foar yn it suden fan Alberta, Saskatchewan, Manitoba en Ontario. Dêrnjonken bestie der eastlik fan 'e Appalachen in aparte populaasje (de heidehin) yn it noardeasten fan Firginia, eastlik Maryland, hiel Delaware en it federaal distrikt Columbia, it súdeasten fan Pennsylvania, hiel Nij-Jersey, Long Island en it uterste súdeasten fan it fêstelân fan New York, hiel Connecticut en Rhode Island en de súdeastlike helte fan Massachusetts.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehin is in middelgrutte fûgel mei trochinoar in kop-sturtlingte fan 43 sm, in wjukspanne fan 691/2 oant 721/2 sm en in gewicht fan 700 g oant 1,2 kg. De sturt is koart en rûnich. By beide geslachten binne de fearren oer it hiele lichem fyn brún-wyt streke.
Prêrjehinnen fertoane folle minder seksuele dimorfy as de measte soarten rûchpoathinnen. De hoannen binne justjes foarser en swierder as de hinnen, mar fierders ûnderskiede se har hast inkeld fan 'e hinnen troch de goudgiele kaam dy't se boppe elts fan 'e eagen hawwe, as wie it in healrûne wynbrau, en troch in rûn keal plak oan wjerskanten fan 'e hals, dêr't de hûd ek goudgiel fan kleur is. Dy plakken binne kielpûden, dy't folpompt wurde kinne om by de balts mei te pronkjen. Beide geslachten hawwe ek in toef fan ferlinge fearren boppe-op 'e kop, dy't rjochtop set of plat yn 'e nekke lein wurde kin. De toef is by hinnen sichtber koarter as by hoannen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prêrjehinnen libje op 'e iepen romte, dêr't se sterk de foarkar jouwe oan prêrjes mei lang gers. Se kinne in mingsel fan ikkers en prêrje ferdrage, mar wat mear yn kultuer brocht in gebiet is, wat minder prêrjehinnen der foarkomme sille. Yn sintraal Wisconsin wie it hjoeddeistige ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehin oarpronklik bosklân dêr't de fûgels net foarkamen. Mar de iere kolonisten besochten der te buorkjen en roaiden de bosk. Doe't it lân te ûnfruchtber bliek, ferlieten se it gebiet wer. Neitiid rekke it efterlitten ikkerlân oerwoekere troch prêrje, dy't in ûntwyk waard foar de prêrjehinnen dy't op 'e oarspronklike prêrje fierder nei it suden en westen ta net mear libje koene om't dy ûntgûn waard foar de lânbou.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehin is in stânfûgel, dy't it hiele jier troch yn itselde wengebiet ferbliuwt. Yn 'e peartiid, dy't foar dizze soarte yn maart en april falt, komme kloften fan inkele tsientallen prêrjehinnen gear op plakken mei koart gers of keale of rotsige grûn, dêr't de hoannen in lyts territoarium ôfbeakenje. Dêre fiere se harren balts op om hinnen oan te lûken. By de balts skoddet de hoanne syn fearren op, set de toef op syn kop rjochtop en foarmet syn sturt ta in waaier. Hy stapt pronkjend om en pompt de goudgiele kielpûden oan wjerskanten fan syn hals fol, wylst er út syn liif lûden fuortbringt as fan in grutte tromme, en in knippend leven makket mei de sturtfearren. De hinnen nimme sels net diel oan 'e balts, mar steane oan 'e sydline en beächtsje de hoannen oant se in kar meitsje en in hoanne útkieze om mei te pearjen. It is dêrby sa dat ien of twa fan 'e dominantste hoannen 90% fan 'e pearingskânsen krije, wylst de rest it neisjen hat.
Baltsgedrach fan prêrjehoannen
De pearing is de iennichste bydrage fan 'e hoanne oan it fuortplantingsproses. Neitiid ferlitte de hinnen it baltsplak en sykje binnen in diameter fan 3 km in gaadlik plak om in nêst te meitsjen. Dat dogge se op 'e grûn, ferskûle tusken it gers. De hin leit 5–17 aaien (by de attwaterprêrjehin, de súdlike ûndersoarte, 10–14 aaien), dêr't lykwols mar 3–10 fan útkommen, mei't de rest ferlern giet troch predaasje. De briedtiid duorret 23–24 dagen (trochinoar 26 foar de attwaterprêrjehin). De piken binne nêstflechters, dy't gau nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har op sleeptou nommen nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne. Mei 1–4 wiken kinne de piken fleane, en mei 10–12 wiken (foar de attwaterprêrjehin mei likernôch 6 wiken) geane se by de hin wei en binne se folslein selsstannich. In jier nei't se út it aai kommen binne, berikke se geslachtsripens.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it menu steane foar pêrjehinnen benammen sieden en beien, mar simmerdeis frette se ek wol blêden en stâlen fan planten en dêropta ynsekten lykas sprinkhoannen, imerkes en toarren.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e prêrjehin binne rôffûgels lykas hauken en ûlen, en lânrôfdieren as de prêrjewolf (Canis latrans) en de reade lynks (Lynx rufus). De aaien en piken fan prêrjehinnen wurde fretten troch it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), de waskbear (Procyon lotor), de Firginia-opossum (Didelphis virginiana) en ferskate soarten slangen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehin hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't it ferspriedingsgebiet beheind en fragmintearre is en de populaasje gâns ynkrompen is fan histoaryske oantallen. Yn 'e njoggentjinde iuw libben allinnich al yn Illinois miljoenen prêrjehinnen, mar yn 'e 1930-er jierren stoar de soarte hast út troch oerbejaging en habitatferlies. De totale wrâldpopulaasje fan 'e fûgel waard anno 2021 rûsd op 500.000 eksimplaren.
Yn maaie 2000 waard de prêrjehin yn Kanada foar útstoarn ferklearre, hoewol't der út en troch noch altyd eksimplaren sinjalearre wurde yn it suden fan Saskatchewan en Alberta. Anno 2019 wiene der noch likernôch 200 prêrjehinnen yn Illinois, ferspraat oer lytse perseeltsjes beskerme prêrjelân. Yn steaten as Iowa as Missouri, dêr't histoarysk hûnderttûzenen prêrjehinnen libben, is de populaasje no sakke nei 500 eksimplaren. Yn Missouri is úteinset mei in konservervaasjeprogramma wêrby't men prêrjehinnen út Kansas en Nebraska hellet om yn it wyld út te setten. Sa hopet men de populaasje yn Missouri wer te fergrutsjen ta 3.000 eksimplaren. Yn sintraal Wisconsin libje noch sa'n 600 prêrjehinnen, in grutte tebekgong fan 'e 55.000 dy't dêr noch wiene doe't de jacht op dizze soarte dêr yn 1954 ferbean waard.
De wichtichste bedriging foar de prêrjehin is habitatferlies, mei't mear as 95% fan syn prêrjebiotoop ûntgûn is ta ikkers of greiden foar de lânbou. Ut in ûndersyk fan 'e Steatsuniversiteit fan Kansas bliek fierders dat prêrjehinnen net nêstelje woene tichter as 400 m by heechspanningskeabels en tichter as 550 m by ferhurde wegen. De oanwêzigens fan rôfdieren as it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), de waskbear (Procyon lotor) en de Firginia-opossum (Didelphis virginiana), dy't it op 'e aaien fan 'e prêrjehin foarsjoen hawwe, soarget foar in oansjenlik legere kâns foar aaien om útbret te wurden. En der binne folle mear fan sokke rôfdieren as foarhinne it gefal wie om't de minske gruttere rôfdieren, lykas de grizzlybear (Ursus arctos horribilis), de grize wolf (Canis lupus) en de poema (Puma concolor), dy't de populaasjes fan 'e lytsere rôfdieren binnen de stringen holden, yn it ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehin hielendal of frijwol hielendal útrûge hat.
Noch wer in oar probleem foarmet de fazant (Phasianus colchicus), in út Jeropa wei yntrodusearre eksoat, dy't nêstparasitisme bedriuwt troch syn eigen aaien yn 'e nêsten fan 'e prêrjehin te lizzen. Mei't de aaien fan 'e fazant gauwer útkomme, mient de prêrjehin dan dat it brieden klear is ferlit er it nêst mei de fazantepiken, sadat de eigentlike prêrjehinne-aaien net útkomme troch gebrek oan bebrieden. Yn gebieten dêr't de populaasjes prêrjehinnen lyts wurden binne, leit it gefaar fan yntylt op 'e loer, wat sokke populaasjes noch lytser makket trochdat in diel fan 'e jongen net libbensfetber is. Yn Illinois wurde dêrom yn sokke lytse populaasjes mei sin eksimplaren út Kansas en Nebraska yntrodusearre om der nij bloed yn te bringen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 3 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e prêrjehin (Tympanuchus cupido), wêrfan't ien útstoarn is:
- gewoane prêrjehin (T. c. pinnatus) (noardlike Grutte Flakten en inkele isolearre populaasjes mear nei it easten en suden)
- attwaterprêrjehin of Attwaters prêrjehin (T. c. attwateri) (in bedrige ûndersoarte, dy't inkeld noch foarkomt op twa plakken by de Golfkust fan súdlik Teksas lâns, te witten yn it Nasjonaal Faunareservaat foar de Attwaterprêrjehin by Eagle Lake, súdwestlik fan Houston, en op priveelân by Goliad, benoarden Corpus Christi; foarhinne kaam dizze ûndersoart foar by de hiele kust lâns fan Louisiana oant yn Tamaulipas yn Meksiko)
- heidehin (T. c. cupido) (kaam foarhinne by de Atlantyske kust lâns foar fan noardeastlik Firginia oant súdeastlik Massachusetts; útstoarn yn 1932)
It is mooglik dat de heidehin eins in aparte soarte wie. As dat ea bewiisd wurde kin, sil de wittenskiplike namme fan 'e prêrjehin automatysk feroarje yn Tympanuchus pinnatus en sille de beide oare ûndersoarten Tympanuchus pinnatus pinnatus en Tympanuchus pinnatus attwateri wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|