Springe nei ynhâld

Tamaulipas

Ut Wikipedy
Tamaulipas
Steat fan Meksiko
Lokaasje (read) yn Meksiko
Lokaasje (read) yn Meksiko
Symboalen

Bestjoer
lânMeksiko
haadplakCiudad Victoria
grutste stêdReynosa
gemeenten43
gûverneurAmérico Villarreal Anaya
Sifers
ynwenners3.527.735 (2020)
oerflak (km²)80.249 km²
befolkingstichtens44 ynw./km²
hichte (maks.)oant 3.664 m
Oar
steat sûnt7 febrewaris 1824
ISO-koadeMX-TAM
tiidsôneUTC−6
simmertiiddiel fan 'e grinsregio
(oant 2022)
koördinaten24°17′N 98°34′W
websidetamaulipas.gob.mx

Tamaulipas (Spaansk: Estado Libre y Soberano de Tamaulipas) is in dielsteat yn it noardeasten fan Meksiko. De steat grinzget yn it noarden oan 'e Feriene Steaten (steat Teksas), yn it westen oan Nuevo León, yn it suden oan San Luis Potosí en Veracruz en yn it easten oan 'e Golf fan Meksiko. De haadstêd is Ciudad Victoria, mar de grutste stêd fan 'e steat is Reynosa.

Foar de Spaanske kolonisaasje waard it gebiet bewenne troch ferskate lânseigen folken, wêrûnder de Huasteken en ferskate nomadyske groepen dy't faak ûnder de namme Chichimeken oantsjut wurde. De ferbining mei de Olmeken is minder wis en wurdt net altiten oannommen. De namme 'Tamaulipas' is nei alle gedachten ôflaat fan it Huasteekske wurd Tamaholipa, wat sa't it liket "plak mei hege heuvels" betsjut.

Yn 1746 waard it gebiet ûnder de namme Nuevo Santander in provinsje fan Nij-Spanje. Nei de Meksikaanske Unôfhinklikensstriid waard Tamaulipas yn 1824 offisjeel erkend as ien fan 'e dielsteaten fan it nije lân.

Yn 'e 19e iuw wie de steat faak it toaniel fan konflikten (Meksikaanske-Amerikaanske Oarloch, ynterne striid tusken Liberalen en Konservativen en de Frânske ynvaazje) fanwegen syn lokaasje oan 'e grins mei de Feriene Steaten en de strategyske haven fan Tampico.

Yn 'e 20e iuw ûntjoech de steat him ta in wichtich agrarysk en yndustrieel gebiet, mei in sterke fokus op 'e hannel oer de grins en de oalje-yndustry yn it suden.

Geografy en natuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Rio Guayalejo en Cerro del Bernal.

It lânskip fan Tamaulipas is tige ôfwikseljend. It noarden en de kust binne foar it grutste part flak, wylst foar it westen en suden de útrinners fan 'e Sierra Madre Oriental karakteristyk binne. It klimaat fariëarret fan in drûch steppeklimaat yn it noarden oant tropyske gebieten yn it súdeasten.

De steat hat wichtige natuergebieten, lykas it biosfearreservaat El Cielo, dat ien fan 'e meast biodiverse regio's fan Meksiko is. Hjir libje ferskate seldsume bistesoarten, lykas de jagûar, de swarte bear en de oselot. De kustline bestiet út lagunes en strannen, wêrfan Playa Miramar by Tampico ien fan 'e bekendste is.

Tamaulipas hat mear as 3,5 miljoen ynwenners. In grut part fan 'e befolking wennet yn e grutte stêden lâns de grins mei de Feriene Steaten, lykas Reynosa, Matamoros en Nuevo Laredo, dy't troch de hannel en de maquiladora-yndustry (fabryken dêr't ûnderdielen belestingfrij ynfierd wurde foar gearstalling en eksport)) hurd groeid binne.

De befolking bestiet benammen út mestizen. Hoewol't lânseigen talen minder sprutsen wurde as yn it suden fan Meksiko, binne der noch lytse mienskippen dy't de Huasteekske taal prate. De steat hat in sterke regionale identiteit, dy't him ûnder oare uteret yn 'e tradisjonele cuera tamaulipeca (learen klean).

Kultuer en toerisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steat stiet bekend om syn muzikale tradysjes, lykas de huapango en de muzyk fan 'e noardlike grinsregio (norteño).

Toeristen komme benammen foar de strannen yn it suden en de natuer- en fiskgebieten yn it noarden. Troch feiligensproblemen yn guon dielen fan 'e steat wurdt reizgers lykwols faak oanret om goed taret op reis te gean.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tamaulipas fan Wikimedia Commons.
Flagge fan Meksiko Steaten fan Meksiko Wapen fan Meksiko
AguascalientesBaja CaliforniaBaja California SurCampecheChiapasChihuahuaCoahuila de ZaragozaColimaDurangoGuanajuatoGuerreroHidalgoJaliscoMeksikoMichoacán de OcampoMorelosNayaritNuevo LeónOaxacaPueblaQuerétaro de ArteagaQuintana RooSan Luis PotosíSinaloaSonoraTabascoTamaulipasTlaxcalaVeracruzYucatánZacatecas
Federaal distrikt: Meksiko-Stêd
· · Berjocht bewurkje