Springe nei ynhâld

Guadalupeberchtme

Ut Wikipedy
Guadalupeberchtme
  berchtme
geografy
diel fan Noardamerikaanske Kordillera
regio Amerikaanske Súdwesten
lân Feriene Steaten
steaten Nij-Meksiko
Teksas
sifers
oerflak ±1.800 km²
lingte 105 km
breedte 32 km
heechste punt Guadalupe Peak
hichte 2.667 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 299–252 miljoen jr
stiensoarte kalkstien
kaart
De lokaasje fan it Guadalupeberchtme (read omsirkele) yn 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas.

It Guadalupeberchtme (Ingelsk: Guadalupe Mountains; Spaansk: Sierra de Guadalupe) is in berchtme yn 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas. It makket diel út fan 'e Laramide Berchtmekeatling fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. De heechste top is Guadalupe Peak, dy't in hichte hat fan 2.667 m boppe seenivo. It Guadalupeberchtme is lykwols in middelberchtme, mei't it "mar" 910 m opriist boppe de omlizzende heechflakte fan 'e Chihuahuawoastyn. It súdlike, Teksaanske part fan it berchtme hat in beskerme status yn 'e foarm fan it Nasjonaal Park Guadalupe Mountains.

It Guadalupeberchtme leit op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas. It noardeastlike diel, dat likernôch twatrêdepart fan it berchtme útmakket, leit yn súdeastlik Nij-Meksiko, wylst it súdwestlike diel, dat likernôch in trêdepart beslacht, yn 'e Transpecos fan West-Teksas leit. It Guadalupeberchtme wurdt yn it noarden ôffrede troch it plato fan 'e Llano Estacado, yn it easten troch de Delling fan 'e Pecos, yn it suden troch it Delawareberchtme, yn it westen troch it Brokeoffberchtme en yn it noardwesten troch it Sacramentoberchtme.

It Guadalupeberchtme.

It Guadelupeberchtme makket diel út fan 'e Laramide Berchtmekeatling, de eastlikste fan 'e trije lykstrekich oprinnende berchrigen fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. As sadanich foarmet it mei omlizzende berchtmen de ferbining tusken de Rocky Mountains, dy't fan noardlik Nij-Meksiko ôf nei it noarden rinne, en de Eastlike Sierra Madre yn Meksiko.

It heechste punt fan it Guadalupeberchtme is Guadalupe Peak, mei in hichte fan 2.667 m boppe seenivo. Dy top is mei-iens ek it heechste punt fan hiel Teksas. In oare bekende top yn it Teksaanske diel fan it Guadalupeberchtme is El Capitan, oan 'e súdwestlike útein fan 'e bergen, mei in hichte fan 2.458 m. As in berchtme in hichte fan boppe de 1.500 m hat, soe it eins in heechberchtme wêze moatte, mar it Guadalupeberchtme leit op in heechflakte dêr't it "mar" 910 m boppe-út riist, sadat it eins in middelberchtme is.

It Guadalupeberchtme makket diel út fan 'e Chihuahuawoastyn, dat de grutste woastyn fan Noard-Amearika is. It Teksaanske diel fan it Guadalupeberchtme is in beskerme natoergebiet yn 'e foarm fan it Nasjonaal Park Guadalupe Mountains. De súdwestlike útein fan 'e bergen leit op likernôch 140 km beëasten de grutte stêd El Paso. De noardeastlike útein yn Nij-Meksiko leit sa'n 16 km súdwestlik fan Carlsbad, yn 'e neite fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns, dat bekend stiet om syn prachtige grotten.

It Guadalupeberchtme is opboud út kalkstien mei in basis fan sedimintêr stiente. Hoewol't de krite no fier boppe seenivo leit, bestie der yn prehistoaryske tiden in ûndjippe see, dêr't sedimint ôfset waard dat letter ferstienne. Der binne út dat tiidrek gâns fossilen yn it Guadalupeberchtme te finen fan seedieren dy't yn 'e sedimintêre ôfsettings bewarre bleaun binne.

Lânseigen begroeiïng oan it Guadalupe Peak Trail, in kuierpaad nei Guadalupe Peak.

Argeologyske fynsten, lykas pylkpunten, kuorren en diggelguod, bewize dat it Guadalupeberchtme al mear as 10.000 jier minsklike bewenning ken. De ûnderskate Yndiaanske etnyske groepen dy't de bergen bewennen, wiene jager-sammelders dy't de pleatslik foarkommende bisten bejagen en ytbere planten gearfandelen. Under harren wiene minsken fan 'e Mogollonkultuer, dy't tusken 200 en 1500 bestie. Yn 'e histoaryske perioade waard it Guadalupeberchtme bewenne troch de Meskalearo-Apachen. De earste Jeropeänen dy't de bergen oandiene, wiene Spaanske ûntdekkingsreizgers, dy't fan 'e sechstjinde iuw ôf it Amerikaanske Súdwesten ferkenden.

It Guadalupeberchtme bleau oant de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it domein fan 'e Meskalearo-Apachen, mar nei de Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) naam de druk fan 'e blanke kolonisten ta. De saneamde Buffalo Soldiers, negroïde soldaten dy't by de kavalery fan it Amerikaanske Leger yn spesjale rezjiminten ûnder blanke ofsieren tsjinnen, waarden nei it Guadalupeberchtme ta stjoerd om mei de Meskalearo's ôf te weven. Yn 'e winter fan 1869 ferneatigen dyselden ûnder in luitenant H.B. Cushing yn 'e bergen twa Meskalearo-kampen. Uteinlings waarden de Yndianen út 'e bergen ferdreaun en noardlik dêrfan opsletten yn it Meskalearo Apache Yndianereservaat fan Nij-Meksiko.

Hunter Peak.

Neitiid waard it Guadalupeberchtme it domein fan blanke Amerikaanske feehâlders, dy't yn 'e bergen fleiskij weiden. In rjochter J.C. Hunter út Van Horn konsolidearre oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in soad fan 'e lytsere ranches ta de Guadalupe Mountain Ranch. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen holden har ek ferskate blanke banditen yn 'e bergen beskûl. Wallace Pratt, in geolooch foar de Humble Oil and Refining Company, kocht yn 1921 in oansjenlik stik grûn yn it súdlike Guadalupeberchtme oan, dêr't er twa fakânsjewenten bouwe liet. Dy waarden oant 1960 troch him en syn famylje brûkt. Ein 1960-er jierren donearre Pratt syn grûnbesit yn 'e bergen, in gebiet mei in oerflak fan 24,3 km², oan 'e Amerikaanske federale oerheid, om foar te kommen dat de natoerskientme fan it gebiet ferlern gean soe. Pratt makke dêrmei de oprjochting mooglik fan it Nasjonaal Park Guadalupe Mountains, dat yn 1972 stifte waard.

It Guadalupeberchtme hat relatyf hjitte simmers, hjersten mei myld waar en koele oant kâlde winters en maitiden. Winterdeis en yn 'e iere maityd kinne der sniestoarmen, izel en mist foarkomme. Ek stiet der yn dy tiid fan it jier gauris in stoarmeftige wyn. Oan 'e ein fan 'e simmer, ûnder de Noardamerikaanske moesson, is der gauris swierwaar yn it berchtme. De nachten binne koel, sels by 't simmer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.