Springe nei ynhâld

Noardamerikaanske Kordillera

Ut Wikipedy
Noardamerikaanske Kordillera
  berchtme
De Morainemar en de Delling fan de Tsien Toppen by Banff yn Alberta.
De Morainemar en de Delling fan de Tsien Toppen by Banff yn Alberta.
geografy
diel fan Amerikaanske Kordillera
regio westlik Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
Kanada
Meksiko
sifers
lingte 6.400 km
heechste punt Denali
hichte 6.168 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 80–23 miljoen jier lyn
stiensoarte ferskaat
kaart
De Morainemar en de Delling fan de Tsien Toppen by Banff yn Alberta.
De lokaasje fan 'e Noardamerikaanske Kordillera (read omrâne) yn Noard-Amearika.

De Noardamerikaanske Kordillera (Ingelsk: North American Cordillera) is in keatling fan in grut tal berchtmen, yntramontane bekkens en plato's yn it westen fan Noard-Amearika, dy't yn inoars ferlingde lizze of lykstrekich mei-inoar oprinne fan noardlik Alaska oant súdlik Meksiko. De Noardamerikaanske Kordillera is it noardlike diel fan 'e gruttere Amerikaanske Kordillera, dy't yn it suden trochrint oant yn Antarktika. It bekenste ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera wurdt foarme troch de Rocky Mountains. It heechste punt is de berch de Denali yn súdlik Alaska.

De Noardamerikaanske Kordillera strekt him út oer in oer in ôfstân fan 6.400 km fan noardlik Alaska oant súdlik Meksiko. It berchtmekeatling wurdt yn it westen begrinzge troch de Stille Oseaan en yn it easten troch (fan noard nei súd) de Artktyske toendra, de Kanadeeske taiga, de Grutte Flakten en de Golfkustflakte oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Geologysk sjoen begûn de ûntwikkeling fan dit keatling fan berchtmen yn it lette Kryt, sa'n 80 miljoen jier lyn. Lettere ûntjouwing fan 'e topografy fan 'e krite fûn plak yn it Eoseen (55–50 miljoen jier lyn) en yn it Oligoseen (34–23 miljoen jier lyn). Sûnt dy tiid is it gebiet ridlik stabyl bleaun.

It Tetonberchtme yn Wyoming, in ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains.

De Noardamerikaanske Kordillera bestiet rûchwei út fiif dielen: trije parallel rinnende keatlings fan berchtmen mei dêrtuskyn twa leger leine yntramontane (tuskenberchske) stripen lân. Begjinnend yn it westen, by de kust fan 'e Stille Oseaan, binne de trije berchkeatlings it Pasifysk Kustberchtme, de Nevadaberchtmekeatling en de Laramide Berchtmekeatling. De heechste berchtop fan it hiele systeem is de Denali, foarhinne bekend as de Mount McKinley, yn súdlik Alaska, mei in hichte fan 6.168 m.

Pasifysk Kustberchtme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Pasifysk Kustberchtme rint deunby by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns. It begjint yn Súdlik Sintraal-Alaska mei it Alaskaberchtme, it Kenaiberchtme en it Chugachberchtme, op nei de Kanadeeske grins oergeand yn it Wrangellberchtme, it Talkeetnaberchtme en it Saint Eliasberchtme. Dat is ien fan 'e heechste dielen fan 'e hiele Noardamerikaanske Kordillera, mei û.o. de Denali, de heechste berch fan it hiele kontinint. Fierder eastlik beslacht it Yukonberchtme it suden fan it Kanadeeske territoarium Yukon. Súdlik dêrfan rint it Grinsberchtme fan 'e Champagnepas en de Chilkatpas ôf yn in rûchwei súdlike rjochting oer de grins fan 'e Yukon en Súdeast-Alaska. Oan 'e binnenlânske kant fan it Grinsberchtme lizze it Tahltanheechlân en it Tagishheechlân.

Yn it súdlike part fan Súdeast-Alaska en yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia rint it Britsk-Kolumbiaansk Kustberchtme troch nei it suden oant de ûnderrin fan 'e rivier de Fraser (by Vancouver) en de Fraser Canyon (eastlik dêrfan). Dêrtroch wurdt de kust skaat fan it Binnenlânsk Plato yn it binnenlân fan Britsk-Kolumbia. It Britsk-Kolumbiaansk Kustberchtme foarmet yn Britsk-Kolumbia en Súdeast-Alaska de kust sels en dêr ferminge de bergen har mei de see om in dwaalhôf fan fjorden en tûzenen bercheftige eilannen te foarmjen, wêrûnder de Aleksanderarsjipel. It lânskip liket dêre sadwaande sterk op 'e fjordekust fan Noarwegen. It Britsk-Kolumbiaansk Kustberchtme bestiet út trije ûnderdielen: it Grinsberchtme dat yn it noarden trochrint oant yn 'e Yukon, it Kitimatberchtme fan 'e rivier de Nass súdoan nei Bella Coola, en it Pasifysk Berchtme dêrwei oant de rivier de Fraser.

De Denali, de heechste berch fan 'e Noardamerikaanske Kordillera, yn it Alaskaberchtme fan Súdlik Sintraal-Alaska.

Njonken it Britsk-Kolumbiaansk Kustberchtme omfettet it Pasifysk Kustberchtme yn Britsk-Kolumbia noch in twadde berchrêch: it Eilânberchtme. Dat rint foar it meastepart foar de kust oer de boaiem fan 'e Stille Oseaan en omfettet it Vancouvereilânberchtme op Vancouvereilân en it Keninginne Sjarlotteberchtme op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten omfettet it Pasifysk Kustberchtme yn 'e Amerikaanske steat Washington it Olympysk Berchtme op it Olympysk Skiereilân en besuden de mûning fan 'e rivier de Columbia ek it Oregonkustberchtme oan 'e westkust fan Oregon. Noch wer súdliker hearre de Kalifornyske Kustberchtmen ta it Pasifysk Kustberchtme. Benoarden de Baai fan San Francisco omfetsje dy û.o. it Klamathberchtme en it Sonomaberchtme. Súdlik fan 'e Baai fan San Francisco giet it om it Santa Cruzberchtme, it Gabilanberchtme, it Santa Luciaberchtme, it Diabloberchtme, it Tehachapiberchtme, it Temblorberchtme, it San Bernardinoberchtme, it Santa Ynezberchtme, it Santa Susanaberchtme, it Santa Monicaberchtme, it Santa Anaberchtme, it San Rafaelberchtme en it San Gabrielberchtme. Foar de kust fan Súdlik Kalifornje foarmje de Kanaaleilannen fan Kalifornje de toppen fan bergen dêr't it Santa Monicaberchtme op 'e seeboaiem trochrint.

It Olympysk Berchtme yn 'e Amerikaanske steat Washington.

Yn Meksiko heart it Skiereilânsk Berchtme, dat de rêchbonke fan it Kalifornysk Skiereilân foarmet, ta it Pasifysk Kustberchtme. En nei in stik see oan 'e útein fan it skiereilân is de Súdlike Sierra Madre, op it fêstelân fan súdwestlik Meksiko, in lêste fuortsetting fan it Pasifysk Kustberchtme. Súdlik dêrfan wurde de legere berchtmen fan Midden-Amearika net mear ta de Noardamerikaanske Kordillera rekkene, mar foarmje se de selsstannige Middenamerikaanske Kordillera.

Nevadaberchtmekeatling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nevadaberchtmekeatling, ferneamd nei de Sierra Nevada, begjint yn it noardlike binnenlân fan Britsk-Kolumbia mei it Binnenlânsk Berchtme (Interior Mountains), dêr't it Hazeltonberchtme, it Cassiarberchtme, it Ominecaberchtme en it Skeenaberchtme ûnder falle. Súdliker, yn eastlik-sintraal Britsk-Kolumbia, giet it Binnenlânsk Berchtme oer yn it Columbiaberchtme, dêr't de rivier de Columbia ûntspringt. It Columbiaberchtme wurdt yn it westen begrinzge troch it Binnenlânsk Plato en yn it easten troch de Rocky-Mountainstrôch. Dielberchtmen binne it Caribooberchtme (dat soms as diel fan it Binnenlânsk Plato sjoen wurdt), it Selkirkberchtme, it Purcellberchtme en it Monasheeberchtme.

De Mount Robson yn Britsk-Kolumbia.

Bewesten it Columbiaberchtme lizze trije heuvelrêgen of leechberchtmen dy't in oergong foarmje tusken de eigentlike bergen en it Binnenlânsk Plato. Dêrby giet it om it Quesnelheechlân, it Shuswapheechlân en it Okanaganheechlân. Soms wurde dy ta it Columbiaberchtme rekkene, mar formeel hearre se ta it Binnenlânsk Plato.

Yn Kanada sjocht men it Columbiaberchtme as los steand fan 'e Rocky Mountains, dêr't it tsjinoan leit, mar yn 'e Feriene Steaten wurdt it hiele berchtmesysteem as ien gehiel beskôge en sjocht men it Columbiaberchtme as ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains. It Salishberchtme en it Cabinetberchtme besuden de rivier de Kootenay, yn 'e Amerikaanske steat Montana, hearre ta itselde berchstelsel as it Columbiaberchtme, mar wurde altyd as diel fan 'e Rocky Mountains behannele.

De Tahoemar yn 'e Sierra Nevada.

Krekt foar de súdgrins fan Britsk-Kolumbia giet de Nevadaberchtmekeatling fierder mei de Cascades, dy't yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten fia sintraal Washington en sintraal Oregon trochrinne nei it noardeasten fan Noardlik Kalifornje. De Cascades besteane foar in part út fulkanen, mei as heechste de Mount Rainier, mei in hichte fan 4.392 m. De bekendste is grif de Mount St. Helens fanwegen syn grutte en tige gewelddiedige útbarsting yn 1980, dêr't 57 minsken by omkamen. De Noardlike Cascades yn it noarden fan Washington en it suden fan Britsk-Kolumbia, benammen inkele ûnderdielen, lykas it Skagitberchtme en it Okanaganberchtme, binne net fulkanysk en hawwe in hiel oar, rûger en mear alpine karakter as de súdlike dielen fan 'e Cascades.

Yn it noardeasten fan Noardlik Kalifornje, besuden de Mount Lassen, geane de Cascades oer yn 'e Sierra Nevada, dy't beëasten de Sintrale Delling fan 'e steat Kalifornje de grins mei de oanbuorjende steat Nevada markearret. Yn it suden rint de Sierra Nevada troch oan it saneamde Oerdwerse Berchtme (Transverse Ranges), dat yn east-westrjochting in ferbining mei it Pasifysk Kustberchtme foarmet en sa yn it suden de Sintrale Delling ôffredet. De heechste top fan 'e Sierra Nevada is de Mount Whitney, mei in hichte fan 4.421 m. Yn 'e Sierra Nevada leit ek de Tahoemar, de grutste berchmar fan Noard-Amearika.

De Westlik Sierra Madre yn Meksiko.

Yn westlik Meksiko is de Westlike Sierra Madre geologysk sjoen in fuortsetting fan 'e Sierra Nevada. Dat berchtme rint fan deunby de grins mei de Amerikaanske steat Arizona hielendal nei súdlik Meksiko, dêr't it gearkomt mei de Súdlike Sierra Madre, dy't ta it Pasifyske Kustberchtme heart. De Westlike Sierra Madre begrinzget de westlike râne fan it sintrale Heechlân fan Meksiko.

Laramide Berchtmekeatling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Laramide Berchtmekeatling is ferneamd nei it Laramieberchtme yn eastlik Wyoming, dat sels wer ferneamd is nei de Frânsk-Kanadeeske coureur des bois Jacques La Ramée, dy't yn 1820 yn dy omkriten spoarleas ferdwûn.

It Laramide Berchkeatling omfiemet it noardlikste part fan 'e Noardamerikaanske Cordillera en begjint yn noardlik Alaska mei it Brooksberchtme, dat it Binnenlân fan Alaska skiedt fan 'e Noarderbedelte. It rint troch yn Kanada, dêr't it it Britske Berchtme neamd wurdt. Wichtige dielberchtmen fan it Brooksbrchtme binne it De Longberchtme oan 'e westlike útein, deunby de kust fan 'e Tsjûktsjensee, it Endicottberchtme, dat it sintraal massyf foarmet, en it Richardsonberchtme oan 'e eastlike útein, yn 'e noardlik Yukon. It Brooksberchtme wurdt beskôge as in noardwestlike fuortsetting (of soms as in ûnderdiel) fan 'e Rocky Mountains. Yn it easten giet it Brooksberchtme oer yn it Mackenzieberchtme, dat troch de Yukon ôfbûcht nei it súdeasten.

It Brooksberchtme yn noardlik Alaska.

Yn it noarden fan Britsk-Kolumbia sit it Mackenzieberchtme fêst oan 'e noardlike útein fan 'e Rocky Mountains (of it Rotsberchtme, sa't it foarhinne oerset waard). De Rocky Mountains rinne dêrwei yn in frij rjochte line eastsúdeastlik fia eastlik Britsk-Kolumbia en westlik Alberta nei de grins mei de Feriene Steaten. Yn Kanada wurde de Rocky Mountains ferparte yn trije dielen, fan noard nei súd it Muskwaberchtme, it Hartberchtme en it Kontinintaal Berchtme. De earste beide berchtmen foarmje tegearre de Noardlike Rocky Mountains. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten folgje de Rocky Mountains in noard-súdrjochting en omfetsje se dielen fan 'e steaten Washington, Idaho, Montana, Wyoming, Colorado, Utah en Nij-Meksiko. De heechste berch fan 'e Rocky Mountains is de Mount Elbert yn Colorado, mei in hichte fan 4.401 m. It berchtme foarmet de skieding tusken de Grutte Flakten fan Noard-Amearika yn it easten en, oan 'e oare kant, it Columbiaplato yn it noardwesten en de woastinen fan 'e Grutte Dobbe yn it súdwesten.

It Santa Feberchtme fan noardlik Nij-Meksiko markearret de súdlike útein fan 'e Rocky Mountains.

Gâns dielberchtmen wurde ta de Rocky Mountains rekkene. Oan 'e eastkant giet it û.o. om it Clarkberchtme en it Kananaskisberchtme yn Alberta, it Absarokaberchtme en it Beartoothberchtme yn Montana, it Big Hornberchtme en it Wind Riverberchtme yn Wyoming, it Frontberchtme yn Colorado en it Sangre de Christoberchtme yn súdlik Colorado en noardlik Nij-Meksiko. Foarbylden fan 'e westkant binne it Bitterrootberchtme op 'e grins fan Idaho en Montana, it Sawtoothberchtme yn Idaho, Wasatchberchtme yn Utah en it San Juanberchtme yn Colorado en Nij-Meksiko. Sinrale berchrêgen fan 'e Rocky Mountains binne û.o. it Tetonberchtme yn Idaho en Wyoming, it Uintaberchtme yn Utah en Wyoming, it La Salberchtme oan 'e grins fan Utah en Colorado, en it Abajoberchtme en Henryberchtme yn súdeastlik Utah. It Salishberchtme en it Cabinetberchtme fan noardlik Idaho en noardwestlik Montana wurde yn 'e Feriene Steaten ek ta de Rocky Mountains rekkene, mar yn Kanada ta it Columbiaberchtme, dat men dêr sjocht as in ûnderdiel fan it Nevadaberchtmekeatling. De súdlike útein fan 'e Rocky Mountains wurdt foarme troch it Santa Feberchtme fan noardlik Nij-Meksiko.

De Eastlike Sierra Madre yn Meksiko is geologysk sjoen in fuortsetting fan 'e Rocky Mountains. Dat berchtme rint oer in ôfstân fan likernôch 1.000 km yn súdsúdeastlike rjochting lykstrekich op mei de kust fan 'e Golf fan Meksiko en foarmet de skieding tusken it Heechlân fan Meksiko yn it westen en de Golfkustflakte yn it easten. De ferbining tusken de Rocky Mountains en de Eastlike Sierra Madre wurdt foarme troch in stikmannich lytsere berchtmen yn 'e Transpecos fan West-Teksas en yn súdeastlik Nij-Meksiko, lykas it Guadalupeberchtme, it Sacramentoberchtme en it Delawareberchtme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.