Amerikaanske Kordillera

Ut Wikipedy
Amerikaanske Kordillera
  berchtme
De Andes yn Perû.
De Andes yn Perû.
geografy
diel fan Ring fan Fjoer
regio Amearika's en Antarktika
lân 17 lannen (sjoch tekst)
sifers
heechste punt Aconcagua
hichte 6.961 m
geology
yndieling heechberchtme
stiensoarte ferskaat
kaart
De Andes yn Perû.
        Noardamerikaanske Kordillera
           Middenamerikaanske Kordillera
     Súdamerikaanske Kordillera

De Amerikaanske Kordillera is in keatling fan berchtmen yn it westlike part fan 'e Amearika's. It is in hast oaniensletten rige fan berchtmen dy't fan 'e noardpunt fan Alaska troch Noard-, Midden- en Súd-Amearika rinne, hielendal oant de útein fan it Antarktysk Skiereilân op Antarktika. De bekendste dielberchtmen fan dit systeem binne de Rocky Mountains yn Noard-Amearika en de Andes yn Súd-Amearika. De heechste berch fan dit systeem is de Aconcagua yn Perû, mei in hichte fan 6.961 m. De Amerikaanske Kordillera foarmet de eastlike helte fan 'e fulkanyske Ring fan Fjoer om 'e Stille Oseaan hinne.

Noard-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Noard-Amearika foarmje de berchtmen fan 'e Amerikaanske Kordillera de Noardamerikaanske Kordillera. Dy rint fan 'e noardpunt fan Alaska oant yn súdlik Meksiko. Fan noard nei súd begjint dizze rige fan oerlaapjende en parallelle berchtmen mei it Brooksberchtme fan noardlik Alaska en it Alaskaberchtme fan sintraal Alaska. Dêrwei rint er troch it Yukonberchtme fan 'e Yukon yn Kanada nei de provinsjes Britsk-Kolumbia en Alberta, dêr't de Rocky Mountains it breedste en heechste berchtme wurde. Lykstrekich rinne dêrmei oan 'e westkant it Kolumbiaberchtme en it Pasifysk Kustberchtme troch Britsk-Kolumbia en ek oer de eilannen foar de kust fan 'e Stille Oseaan, lykas it grutte Vancouvereilân.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten rinne trije berchrêgen fan 'e Noardamerikaanske Kordillera: njonken de Rocky Mountains en it Pasifysk Kustberchtme ek de Cascades en de Sierra Nevada, dy't yn Noardlik Kalifornje yninoar oergeane. Fierder súdlik yn Meksiko fertûket de Kordillera him yn 'e Eastlike Sierra Madre en de Westlike Sierra Madre en teffens it Skiereilânsk Berchtme dat de wringe foarmet fan it Kalifornysk Skiereilân. De Noardamerikaanske Kordillera einiget yn súdlik Meksiko yn 'e Súdlike Sierra Madre.

De súdlike útein fan 'e Amerikaanske Kordillera (read) yn Grahamlân op it Antarktysk Skiereilân.

Midden-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e Súdlike Sierra Madre ôf giet de Amerikaanske Kordillera yn Midden-Amearika oer yn 'e Middenamerikaanske Kordillera, in rige fan legere berchtmen dy't troch súdlik Meksiko, Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Kosta Rika en Panama rinne.

Súd-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Súd-Amearika begjint de Súdamerikaanske Kordillera oan 'e kust fan 'e Karibyske See yn it grinsgebiet fan Fenezuëla en Kolombia. Dêrwei rint er yn 'e foarm fan 'e Andes nei de westkust fan it kontinint ta, dy't er folget troch it grûngebiet fan Kolombia, Ekwador, Perû, Bolivia, Sily en Argentynje om oan 'e súdpunt fan it Argentynske Patagoanje te einigjen op it eilân Fjoerlân.

Antarktika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e seeboaiem besuden Kaap Hoarn oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika rint de Amerikaanske Kordillera troch by de Skotiabôge lâns, om yn Grahamlân, op 'e noardlike útein fan it Antarktysk Skiereilân yn Antarktika wer boppe wetter te kommen. Dêr is sadwaande de wiere súdlike útein fan 'e Amerikaanske Kordillera.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.