Mount Rainier

Ut Wikipedy
Mount Rainier
Black triangle2.svg  berch
Mount Rainier út it noardeasten sjoen
Mount Rainier út it noardeasten sjoen
Mount Rainier (Washington)
Mount Rainier
Lokaasje Mount Rainier yn Washington
geografy
oare namme Tahoma
lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
steat Flag of Washington.svg Washington
berchtme Cascades
koördinaten 46° 51' 10" N 121° 45' 37" W
sifers
hichte b. seenivo 4.394 m
relative hichte 4.037 m
oar
soarte berch stratofulkaan
lêste útbarsting 1854
âldens < 500.000 jier
1e beklimming 1870
1e beklimmer Hazzard Stevens en B.P. Van Trump

Mount Rainier (útsprutsen: /reɪˈnɪɘr/), ek bekend as Tahoma, Tacoma, Tacobet, of təqʷubəʔ, is in stratofulkaan yn it Cascadesberchtme 87 km besúdeasten fan Seattle yn de Amerikaanske steat Washington. It is mei syn 4392 m hichte de heechste berch yn de Cascades en yn de steat Washington. De berch en it omlizzende gea hearre by it Nasjonaal Park Mount Rainier.

Mei syn 26 grutte gletsjers is Mount Rainier de berch mei de measte gletsjers yn de 48 tsjininoaroanlizzende steaten op it fêstelân fan Noard-Amearika. 91 km² fan it gebiet is hieltyd bedutsen mei snie en iis. Fierder binne der twa fulkanyske kraters, mei elts in diameter fan 300 meter. Geotermyske hite út de fulkaan hâldt de kraters frij fan snie en iis, en hat in útwreide netwurk fan gletsjergrotten foarme. In lyts kratermar, de heechste fan Noard-Amearika, leit yn it djipste punt fan de westlike krater. Dat mar is allinne troch de grotten te berikken.