Banff (Alberta)
Banff | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Alberta | |
Regio | Alberta's Rockies | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.584 (2012) | |
Oerflak | 4,9 km² | |
Befolkingsticht. | 1.555,0 / km² | |
Hichte | 1.400 m | |
Oar | ||
Stifting | 1885 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 51°10′41″N 115°34′19″W | |
Offisjele webside | ||
www.banff.ca | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Banff yn 'e provinsje Alberta.
|
Banff (útspr.: [bæmf]) is in stedsje (town) yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It leit op in hichte fan 1.400 m binnen de grinzen fan it Nasjonaal Park Banff, yn 'e Rocky Mountains, oan 'e Trans-Canada Highway, likernôch 126 km bewesten Calgary. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie it stedsje doe krapoan 7.600 ynwenners. Nei Lake Louise is Banff it heechst leine plak fan 'e provinsje. It wurdt omjûn troch ferskate bergen, te witten: de Mount Rundle, Sulphur Mountain, de Mount Norquay en Cascade Mountain. De Bowwetterfal yn 'e rivier de Bow leit deunby it stedsje, sij it in stikje leger. Banff is in kueroard en ien fan populêrste toeristyske bestimmings yn Kanada, dy't bekend stiet om syn natuerskientme en syn waarmwetterboarnen. Winterdeis wurdt der benammentlik skyd, mar by 't simmer komme der suver noch mear minsken, dy't har fermeitsje mei kuierjen, mountainbiken en berchbeklimmen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1883 ûntdieken spoararbeiders dy't wurken oan 'e Canadian Pacific Railway by tafal waarmwetterboarnen yn 'e heger Delling fan 'e Bow. Twa jier letter, yn 1885, stifte it Kanadeeske regear in federaal natoerreservaat fan 26 km² om 'e boarnen hinne. Datselde jiers waard der fuortby, oan it nije spoar, in delsetting stifte, dy't ferneamd waard nei Banff yn Skotlân, it berteplak fan George Stephen, de doetiidske direkteur fan 'e Canadian Pacific Railway. De spoarmaatskippij liet in stikmannich sjike hotels sette en begûn it gebiet oan te priizgjen as kueroard. Om dy hotels hinne groeide Banff meitiid út ta in plak fan ferskate tûzenen ynwenners. Yn 1990 waard Banff offisjeel in town, wêrmei't it it earste Kanadeeske plak yn in nasjonaal park wie dat dy status krige.
Banff hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei draait de ekonomy fan Banff frijwol útslutend op toerisme. By 't winter komme de lju der om te skyen, en simmerdeis om kuierjen, te mountainbiken en te berchbeklimmen. Fierders binne der noch de besikers dy't komme om it natuerskientme yn it omlizzende Nasjonaal Park Banff te bewûnderjen, en de minsken dy't komme om te kueren yn 'e waarmwetterboarnen. Populêre lokaasjes om te skyen binne de Mount Rundle (2.949 m), Cascade Mountain (2.998 m) en de Mount Norquay (2.134 m). Dy lêste berch hat ek tige gaadlik terrein om te mountainbiken. Mei de Banff Gondola, in kabelbaan, kinne toeristen Sulphur Mountain (2.281 m) op. Op Sulphur Mountain lizze ek de Banff Upper Hot Springs of Hegere Waarmwetterboarnen fan Banff.
De Minnewanka-mar leit op seis minuten ôfstân nei it noarden fan it stedsje, en is in tige populêre bestimming foar mountainbikers, kuierders en angelders, dy't yn 'e jachthaven in boatsje hiere kinne. Tunnel Mountain (foarhinne bekend as Sleeping Buffalo Mountain) leit binnen de beboude kom fan Banff, en is tige gaadlik foar koarte kuiertochten, mei't men binnen in healoere de top berikke kin. (De namme Tunnel Mountain giet werom op it feit dat men earst fan doel wie om it spoar troch in tunnel yn dizze berch oan te lizzen ynstee fan de Delling fan 'e Bow te folgjen.)
Fierders wurde yn Banff elts jier noch beskate grutte eveneminten holden, lykas it Banff World Television Festival, it Banff Mountain Film Festival, it Rocky Mountain Music Festival en it Bike Fest. It stedsje foarmet ek it begjinpunt fan 'e 4.417 km lange Great Divide Mountain Bike Route, in mountainbikerûte dy't de Grutte Wetterskieding folget, dus langoer troch de Rocky Mountains, om te einigjen yn Antelope Wells, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Banff hat in heechberchtmeklimaat, mei mylde simmers en stange winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 21,6 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat –5,2 °C. Der falt jiers trochinoar 469,9 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 191 sm snie (al is in sniebui by 't simmer alhiel net ûngewoan foar Banff).
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It Banff Trail
-
It Fairmont Banff Springs Hotel
-
De rivier de Bow, by Banff
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|