Noarderbedelte (Alaska)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Noarderbedelte
North Slope
Lokaasje fan North Slope en Noardwest-Alaska.png
sifers
soarte gebiet regio
ynwennertal 26.445 (2010)
oerflak 382.582 km²
befolkingstichtens 0,07 / km²
polityk
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Alaska.svg Alaska
borough ferskate (sjoch tekst)
haadplak gjint
grutste plak Barrow
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8

De Noarderbedelte (Ingelsk: North Slope) is in regio yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Dat gebiet beslacht de hiele noardkust fan 'e steat en alle lân benoarden it Brooks-berchtme. Faak wurdt by dy eigentlike Noarderbedelte ek noardwestlik Alaska foege, dat bestiet út it Seward-skiereilân, it lân om 'e Kotzebue Sound hinne, it eilân St. Lawrence yn 'e Beringsee en it eilân Lyts-Diomedes yn 'e Beringstrjitte. De Noarderbedelte stiet benammen bekend om syn ierdoalje, mei û.m. it Oaljefjild fan Prudhoe Bay en in grut diel fan it Nasjonaal Ierdoaljereservaat-Alaska. It omfiemet ek it grutte Arktysk Nasjonaal Faunareservaat. De oarspronklike bewenners fan it gebiet binne de Injûpiat (Iñupiat), in subgroep fan 'e Eskimo's.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noarderbedelte is in regio fan 'e Amerikaanske steat Alaska dy't op twa manearen definiëarre wurde kin. Yn 'e ingste definysje giet it inkeld om 'e eigentlike Noarderbedelte, in gebiet dat ynklamme leit tusken it Brooks-berchtme yn it suden, de grins fan it Kanadeeske territoarium Yukon yn it easten, de Beaufortsee yn it noarden en de Tsjûktsjensee yn it noardwesten. Sawol de Beaufortsee as de Tsjûktsjensee makket diel út fan 'e Noardlike Iissee. It omskreaune gebiet foarmet bestjoerlik de North Slope Borough. It bestiet benammentlik út toendra en beslacht in oerflak fan 230.035 km².

De eigentlike Noarderbedelte, sûnder noardwestlik Alaska.

De Noarderbedelte yn inge sin omfettet reuseftige ierdoaljefjilden yn 'e foarm fan it Oaljefjild fan Prudhoe Bay, yn 'e midden fan 'e noardkust, en it Nasjonaal Ierdoaljereservaat-Alaska ûnder it lân súdwestlik dêrfan. Oan 'e eastlike útein, tsjin 'e Kanadeeske grins oan, leit ek in grut diel fan it Arktysk Nasjonaal Faunareservaat yn 'e Noarderbedelte. Dat is mei in oerflak fan 65.000 km² wrâlds grutste faunareservaat en wurdt beheard troch de United States Fish and Wildlife Service. Oan 'e uterste westpunt fan 'e Noarderbedelte stiket it Lismore-skiereilân út yn 'e Tsjûktsjensee.

Yn bredere sin wurdt faak it noardwestlike part fan Alaska mei de eigentlike Noarderbedelte op ien bulte smiten. Dêrby giet it om 'e Northwest Arctic Borough, mei in oerflak fan 92.975 km², en it Folkstellingsgebiet Nome, mei in oerflak fan 59.572 km². It Folkstellingsgebiet Nome is in poer statistyske opdieling fan 'e Unorganisearre Borough, in distriktsfrij gebiet dat streekrjocht troch it regear fan Alaska bestjoerd wurdt. Mei noardwestlik Alaska derby beslacht de Noarderbedelte in oerflak fan 382.582 km².

It noardwesten omfiemet it kustgebiet fan 'e Kotzebue Sound, dy't súdlik fan it Lismore-skiereilân djip yn Alaska op snijt. Dy krite is sa drûch dat it in woastyn neamd wurde soe as it net yn sa'n kâld klimaat lei. Fierders makket ek it grutte Seward-skiereilân diel út fan it noardwesten fan Alaska. Dat skiereilân stekt út nei it westen ta en foarmet sa mei it Sibearyske Tsjûkotka-skiereilân, dat nei it easten ta útstiket, de Beringstrjitte, dêr't de wrâlddielen Aazje en Noard-Amearika mar 82 km útinoar lizze. It Seward-skiereilân is yn it noarden sompich en yn it suden bercheftich. Oan 'e súdkant wurdt it begrinzge troch de Norton Sound, dy't diel útmakket fan 'e Beringsee. Ek Lyts-Diomedes, ien fan 'e Diomedeseilannen yn 'e Beringstrjitte, en St. Lawrence yn 'e Beringsee hearre by noardwestlik Alaska.

De eigentlike Noarderbedelte mei yn giel it Nasjonaal Ierdoaljereservaat-Alaska (NPRA) en yn grien it Arktysk Nasjonaal Faunareservaat (ANWR).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noarderbedelte, sawol yn inge as brede sin, is in tige tinbefolke gebiet, dêr't de bewenners yn 'e foarm fan lytse mienskippen by de kust lâns ferstruid binne. De Noarderbedelte yn inge sin hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe 9.430 ynwenners, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 0,04 persoanen de km². It grutste plak fan it gebiet is Barrow (Injûpiat: Utqiaġvik), mei 4.500 ynwenners. De Noarderbedelte yn brede sin hie yn 2010 in befolking fan 26.445 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 0,07 persoanen de km². It sintrum fan noardwestlik Alaska is Kotzebue (Qikiqtaġruk), dat 3.300 ynwenners hat. In trêde wichtich plak yn 'e regio is Nome (Siqnazuaq), mei 3.900 ynwenners, oan 'e súdkust fan it Seward-skiereilân.

De befolking fan sawol de eigentlike Noarderbedelte as it noardwesten bestie oarspronklik en bestiet noch fierhinne út etnyske Injûpiat (Iñupiat). Dat is in subgroep fan 'e Inûyt (Inuit), dy't wer ta it gruttere ferbân fan 'e Eskimo's hearre. Inkeld it eilân St. Lawrence, yn 'e Beringsee, heart net ta harren wengebiet, mar wurdt ynstee bewenne troch Middensibearyske Jûpik, in etnyske groep dy't ta de Jûpik (Yup’ik) heart, de oare grutte subgroep fan 'e Eskimo's. Nettsjinsteande dat de Injûpiat fan 'e eigentlike Noarderbedelte en dy fan 'e noardwestkust ta deselde etnyske groep hearre, hawwe se mar amper ûnderling kontakt en bestiet der net folle gefoel fan ferbûn-wêzen.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan 'e Noarderbedelte driuwt foar in grut part op 'e eksploitaasje fan ierdoalje. It Nasjonaal Ierdoaljereservaat-Alaska waard yn 1923 oprjochte om it gebiet mei de measte oalje feilich te stellen yn in tiid dat de Amerikaanske Marine de oerstap makke fan stienkoal nei ierdoalje as brânstof foar syn skippen. Yn 1968 waard lykwols it Oaljefjild fan Prudhoe Bay ûntdutsen, dat noch gruttere foarrieden oalje omfette, yn 1969 folge troch it Oaljefjild fan de Kuparuk (oan 'e rivier mei dy namme). De oalje wurdt troch it reuseftige Trans-Alaska Piipliedingstelsel nei de haven fan Valdez transportearre, oan 'e súdkust fan Alaska, dêr't it yn oaljetankers pompt wurdt om fierder ferfierd te wurden. Sûnt 2010 is yn 'e Feriene Steaten in kontroverse ûntstien om't de oaljemaatskippijen no ek yn it Arktysk Nasjonaal Faunareservaat nei oalje boarje wolle, wylst miljeu-aktivisten dêr neat fan witte wolle. Nettsjinsteande alle drokte dy't de oaljeyndustry yn it gebiet brocht hat, libbet de befolking fan 'e Noarderbedelte en noardwestlik Alaska foar it meastepart noch krekt sa't harren foarâlden dat diene, troch yn har libbensûnderhâld te foarsjen mei fiskerij en jacht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.