Patrizen

Ut Wikipedy
patrizen
In Tibetaanske patriis (Perdix hodgsoniae).
In Tibetaanske patriis (Perdix hodgsoniae).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
skaai: patrizen (Perdix)
Brisson, 1760

De patrizen (wittenskiplike namme: Perdix) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Ta dit skaai hearre trije soarten, dy't foarkomme yn Aazje en Jeropa. Ien soarte, de (gewoane) patriis, komt as eksoat ek foar yn Noard-Amearika, Súdlik Afrika en Australaazje.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skaai fan 'e patrizen waard yn 1760 troch de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson yntrodusearre. De wittenskiplike namme Perdix is it Latynske wurd foar "patriis", dat eins in lienwurd is op basis fan it Aldgrykske πέρδιξ, perdiks, mei deselde betsjutting. De fûgel waard yn it Gryksk lykwols ferneamd nei in figuer út 'e Grykske mytology, in Perdiks, dy't de omkesizzer fan Daedalus wie. Perdiks wie in jongeman dy't feroare waard yn in fûgel doe't syn omke him út jaloerskens fermoarde troch him fan in hege heuvel ôf te smiten dy't hillich wie foar de goadinne Pallas Atene. Sa leine de Griken út dat patrizen hege plakken mije en harren nêsten net yn beammen meitsje mar op 'e grûn.

De patrizen binne yndield by de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae), om't se frij nau besibbe binne oan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en de echte fazantfûgels (Phasianini). Mar it krekte plak dat de patrizen yn 'e ûnderfamylje ynnimme is noch net alhiel dúdlik, en sadwaande wurde se binnen it ferbân fan 'e echte fazanten klassifisearre as incertae cedis ("yndieling ûnwis"). Mei de oare 'patrizen' út subtropyske kontreien, lykas de stienpatrizen (Alectoris) en de Yndyske boskpatrizen (Rhizothera), dy't sa neamd wurde om't se de echte patrizen kwa lichemsbou belykje, binne de patrizen net bysûnder nau besibbe.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek inkele fossile soarten fan dit skaai bekend:

  • Perdix margaritae
  • Perdix palaeoperdix

De lêste soarte wie yn it Pleistoseen tige algemien yn Súd-Jeropa en foarme troch bejaging in wichtige itensboarne foar de Neändertalers en de Cro Magnon-minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.