Noardlike reade wrotmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Noardlike reade wrotmûs
SouthernRedbackedVole23.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai: reade wrotmûzen (Myodes)
soarte
Myodes gapperi
Vigors, 1830
IUCN-status: net bedrige

De noardlike reade wrotmûs (Latynske namme: Myodes gapperi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e reade wrotmûzen (Myodes), dat foarkomt yn Kanada en de noardlike Feriene Steaten. Oer de namme kin maklik betizing ûntstean, mei't dizze soarte yn it Ingelsk de southern red-backed vole neamd wurdt, wylst de lytse reade wrotmûs (Myodes rutilus) yn it Ingelsk de northern red-backed vole is. De noardlike reade wrotmûs is nau besibbe oan 'e Kalifornyske reade wrotmûs (Myodes californicus), dy't mear nei it súdwesten ta libbet.

In noardlike reade wrotmûs.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noardlike reade wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 12-16½ sm, mei in sturtlingte fan sa'n 4 sm en in gewicht dat útinoar rinne kin fan 6-42 g, mei in gemiddelde fan 20⅔ g. It is in koart, rank bistke mei in brunige pels dêr't oer de rêch in readige streek trochhinne rint. De fangen en de kop binne grizich brún, wylst de bealch noch bleker útskaait.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardlike reade wrotmûzen libje yn nulle-, leaf- en mingde wâlden, en jouwe de foarkar oan in wat fochtich biotoop. It binne omnivoaren, dy't griene planten frette, mar ek skimmels, sied, nuten, woartels, beien, ynsekten en slakken. Faak lizze se foarrieden oan fan hâldber fretten, lykas nuten. Se binne it hiele jier rûn aktyf, mar almeast nachts. De wyfkes krije jiers 2-4 nêsten fan elk 2-8 jongen; dêrfoar brûke se de ûndergrûnske hoalen dy't troch oare bisten groeven binne. De gefaarlikste rôfdieren foar noardlike reade wrotmûzen binne hauken, ûlen en ferskate soarten martereftigen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.