Oerlis:Lytse marters

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

'prêrje'hûnen, wie hawwe it artikel prairie, it lêste sil wol oars moatte, as net? 195.85.146.131 23 jan 2013, 18.50 (CET)(Drewes om utens)[beäntwurdzje]

Oeps... Ik hie miskien earst even sjen moatten oft der al in side mei prairie wie. Neffens it nije Frysk Hânwurdboek kinne "prêrje" en "prêry" en "prairie" allegear, mar by de earste twa ferwiist it nei "prairie". Persoanlik spruts it wurdbyld fan "prêrje" my it meast oan, dat dêr haw ik doe mar foar keazen, mar "prairie" is dus ek goed. "Prêrje" eaget fansels wol Frysker. Ik soe foar "prêrje" kieze, mei trochferwizings fanôf "prairie" en "prêry". Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 19.14 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sjoch trouwens dat "Prairie" trochferwiisd nei de "Great Plains". Ik moat sizze dat ik dêr op ferskillende nivo's problemen mei haw. Yn it foarste plak leau ik dat "prêrje" in lânskipstype is en net in geografyske oantsjutting. Fierders fyn ik "Great Plains" foar de Fryske wikipedy in twifelige beneaming. Kin dat net better "Grutte Flakten (Noard-Amearika)" hjitte? Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 19.27 (CET)[beäntwurdzje]
Om my mei it wol "Grutte Flakten (Noard-Amearika)" wurde, mar dan graach wol mei in redirect fan "Great Plains" ôf. Prairie moat inkeld mar ferwize nei hokfoar Frysk wjergader wy mar fine kinne. Hielendal mei iens. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 23 jan 2013, 20.48 (CET)[beäntwurdzje]

fan "Meidogger oerlis:Geoffrey":

Der is wat diskusje ûntstien oer de siden Great Plains en Prairie. Ik leau dat dat guont fan jowes binne. Ik tocht, miskien wolle jo ek even meiprate, mar it stiet wat ferstoppe op in hiel oare side, dat ik jou jo sa mar even in seintsje. Sjoch: Oerlis:Lytse marters. Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 21.01 (CET)[beäntwurdzje]
Goed datsto der oan tinkst, mar ik fyn it allegear wol bêst, fiel jim frij. --Geoffrey (talk) 23 jan 2013, 22.10 (CET)[beäntwurdzje]