Springe nei ynhâld

Meksikaanske prêrjehûn

Ut Wikipedy
Meksikaanske prêrjehûn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai prêrjehûnen (Cynomys)
soarte
Cynomys mexicanus
Merriam, 1892
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Meksikaanske prêrjehûn (Latynske namme: Cynomys mexicanus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Mamotini) en it skaai fan 'e prêrjehûnen (Cynomys). Dizze soarte komt inkeld foar yn noardeastlik Meksiko, dêr't de behanneling troch boeren, dy't it bist as skealik ûngedierte sjogge, derta laat hat dat de Meksikaanske prêrjehûn no in bedrige bistesoarte is.

Meksikaanske prêrjehûnen binne lânseigen yn in frij beheind part fan noardeastlik Meksiko, dat de súdlike kontreien fan 'e steat Coahuila en noardlik San Luis Potosí beslacht. Se jouwe de foarkar oan gersflakten en steppes sûnder rotsige ûndergrûn op in hichte fan 1.600-2.200 m boppe seenivo.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meksikaanske prêrjehûn hat trochinoar in totale lichemslingte fan 35½-43 sm, mei in gewicht dat yn trochsneed 1 kg bedraacht. De mantsjes binne grutter as de wyfkes. De pels is gielich, mei dûnkerder hier op 'e earen en in wat ljochtere bealch. De sturt is koart, de eagen binne relatyf grut en de earen binne sa lyts dat se inkeld fan deunby sichtber binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meksikaanske prêrjehûnen binne oerdeis aktyf en libje yn eigengroeven hoalen dy't ûndergrûnsk mei-inoar yn ferbining steane en sa in koloanje of "stêd" (town) foarmje. Yn sokke koloanjes kinne hûnderten prêrjehûnen tahâlde, mar ornaris binne it minder as fyftich, mei ien mantsje as de ûnbekreaude lieder. De koloanje har ferskate yn-/útgongen en soms wenje oare bisten derby yn, lykas it bûnte grûniikhoarntsje (Xerospermophilus spilosoma) of de hoale-ûle (Athene cunicularia). Meksikaanske prêrjehûnen beskikke oer in tige kompeks kommunikaasjesysteem dat foar in grut part op fokalisaasjes berêst. Se kinne dravendewei in faasje berikke fan 55 km/h. Op har menu steane benammen gerzen en krûden, en hoewol't se eins herbivoar binne, frette se hiel selden wolris ynsekten. Har focht krije se hast folslein út har fretten.

In Meksikaanske prêrjehûn op wacht.

De Meksikaanske prêrjehûn hâldt in koarte wintersliep, dy't oer it algemien fan jannewaris oant april duorret. De peartiid begjint drekt dêrnei, wêrby't it wyfke nei in draachtiid fan in moanne ien kear jiers in nêst fan likernôch 4 jongen smyt. Dy jongen komme keal en blyn te wrâld, en brûke har sturtsjes yn 't earstoan as in soarte fan blinestôk. Mei 40 dagen geane de eachjes iepen en om ein maaie, begjin juny hinne wurde se ôfwûn. Tsjin 'e hjerst kinne se selsstannich libje, mar se binne pas mei in jier geslachtsryp. Yn it wyld hawwe Meksikaanske prêrjehûnen in libbensferwachting fan 3-5 jier. Natuerlike fijannen binne fral de prêrjewolf, reade lynks, sulverdas en ferskate soarten hauken, slangen en lytse marters. Foar jongen is ek ynfantiside troch soartgenoaten altyd in gefaar.

De Meksikaanske prêrjehûn hat de IUCN-status fan "bedrige". Yn 1956 kaam er noch yn in folle grutter gebiet foar, dat behalven dielen fan Coahuila en San Luis Potosí ek beskate kontreien yn 'e steat Nij-Leön omfieme. Mar dêr wied er tsjin 'e 1980-er jierren ferdwûn, en syn folsleine areaal beslacht no minder as 800 km², wat delkomt op krapoan 4% fan it eardere ferspriedingsgebiet. Fan gefolgen waard er yn 1994 útroppen ta in bedrige bistesoarte. De wichtichste oarsaak foar de efterútgong wie bestriding (benammen mei fergif en it gewear) troch boeren, dy't it bist as skealik ûngedierte en in obstakel foar har bedriuw beskôgen. Yn 2007 waard der in oerienkomst sletten tusken de Meksikaanske natoerbeskermingsorganisaasje Pronatura Noreste en partikuliere grûneigners, foar it meastepart feehâlders, wêrby't goed 170 km² lân apart set is foar de Meksikaanske prêrjehûn en dêrmei assosjearre bistesoarten, lykas beskate rôffûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.