Langsturtwezeling

Ut Wikipedy
langsturtwezeling
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai wezelingen fan 'e
   Nije Wrâld
(Neogale)
soarte
Neogale frenata
Lichtenstein, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De langsturtwezeling (Latynske namme: Neogale frenata, foarh. Mustela frenata) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale), dat foarkomt yn it grutste part fan Noard-Amearika en teffens yn hiel Midden-Amearika en yn dielen fan noardwestlik Súd-Amearika. Yn Noard-Amearika wurdt dit bist behalven long-tailed weasel ek wol bridled weasel ("leiewezeling") of big stoat ("grutte harmeling") neamd. De langsturtwezeling waard foarhinne yndield by de lytse marters (Mustela), mar nij ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat er eins nauwer besibbe is oan guon oare soarten út 'e Amearika's. Hy nimt yn Noard- en Midden-Amearika de ekologyske nys yn dy't yn Jeropa ferfolle wurdt troch de murd (Mustela putorius).

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtwezeling is lânseigen yn frijwol de hiele 48 legere Feriene Steaten, útsein de drûchste woastinen fan Arizona, westlik Nij-Meksiko en súdeastlik Kalifornje. Yn Kanada komt er foar yn it suden fan 'e provinsjes Britsk-Kolumbia, Alberta en Saskatchewan, en fierder eastlik teffens yn it suden fan Ontario, súdwestlik Kebek en yn Nij-Breunswyk. Yn Meksiko ûntbrekt er inkeld yn 'e Sonoarawoastyn en op it Kalifornysk Skiereilân. Fierder nei it suden ta heart hiel Midden-Amearika ta it ferspriedingsgebiet fan 'e langsturtwezeling, dat yn Súd-Amearika ek noch noardlik en westlik Kolombia, noardwestlik en noardlik Fenezuëla en sintraal Ekwador omfiemet, mei in útrinner yn 'e Andes troch Perû hinne oant yn Bolivia. In isolearre populaasje bestiet yn it noardwesten fan it Amazônegebiet, yn eastlik Kolombia, noardwestlik Brazylje en súdlik Fenezuëla.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtwezeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 21-28 sm, mei in sturtlingte fan 12-24 sm. Yn 'e measte populaasjes binne de wyfkes 10-15% lytser as de mantsjes. De pels is simmerdeis op 'e rêch, de boppekant fan 'e kop, de poaten en de sturt brún, en op 'e bealch, de binnenkant fan 'e poaten, de hals en it kin witich, krêmkleurich of gielich brún. De lange sturt hat in swarte útein. Yn Floarida en it Amerikaanske Súdwesten hawwe langsturtwezelings soms witige of gielige plakken yn it gesicht.

Yn it noarden fan syn ferspriedingsgebiet ferliest dit bist by 't winter syn brune kleur om, krekt as de harmeling (Mustela erminea), in wite pels te krijen. Inkeld de swarte sturtein behâldt dan syn kleur. Yn it suden fan it ferspriedingsgebiet, dêr't gjin snie falt, bart dit net. Langsturtwezelingen ferhierje twaris yn it jier, yn 'e hjerst (oktober oant mids novimber) en by 't maityd (maart en april). Dat proses duorret 3-4 wiken. Oars as by de harmeling, dy't it hiele jier troch tichtbehierre soallen hâldt, binne de soallen fan 'e langsturtwezeling simmerdeis keal.

Langsturtwezelingen hawwe goedûntwikkele anale geurklieren, dy't in sterke muskusrook produsearje. Oars as by stjonkdieren, dy't harren muskus spuitsje, wriuwt de langsturtwezeling syn geurklier oer oerflakken hinne dêr't er syn rook oan ôfjaan wol. Dat docht er sawol om syn territoarium ôf te setten as om rôfdieren te ûntmoedigjen as er him bedrige fielt.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtwezeling libbet yn hoalen ûnder de grûn, faak beskerme troch beamstobben of rotsblokken. Yn 'e regel graaft er net sels syn hoale út, mar nimt er ferlitten wenten fan grûniikhoarntsjes oer. Syn mei strie en hier fan proaidieren isolearre nêst, dat in diameter fan 22-30 sm hat, makket er op sa'n 60 sm ôfstân fan 'e yngong fan 'e hoale.

De peartiid falt foar langsturtwezelingen yn july en augustus, wêrnei't troch in ferlingde draachtiid de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel yn it limoer fan it wyfke tsien moanne lang tsjinholden wurdt. De eigentlike draachtiid begjint yn maart, as der fretten by 't folop beskikber is, en duorret likernôch 4 wiken. Yn april of begjin maaie smyt it wyfke dan in nêst fan 5-8 jongen, dy't blyn en foar in diel noch keal te wrâld komme en dan 3 g weagje.

In langsturtwezeling.

De ûntwikkeling fan langsturtwezelingjongen giet hurd, en mei 3 wiken hawwe de jongen in pels, krûpe se ta it nêst út en kinne se fêst fretten beplúzje. Tsjin dy tiid weagje se 21-27 g. Mei 5 wiken geane de eachjes iepen en wurde se aktyf. Dan begjint it wyfke se ek fan har molke ôf te wennen, en mei 6 wiken geane de jongen mei op jacht. Tsjin it begjin fan 'e hjerst binne se folwoeksen en geane se by de mem wei. Wyfkes binne mei 3-4 moannen as geslachtsryp, mar mantsjes wurde dat pas mei 15-18 moannen.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langsturtwezelingen binne lytse, mar ûnferfearde rôfdieren, dy't bisten oanfalle sels as dy folle grutter as harsels binne. Se frette benammen mûzen, rotten, iikhoarntsjes, grûniikhoarntsjes, pipermûzen, mol en kninen. Ut en troch steane ek lytse fûgels, fûgelaaien, reptilen, amfibyen, fisken, wjirms en ynsekten op it menu. Der is waarnommen hoe't langsturtwezelingen koloanjes flearmûzen ynkrongen om de jongen op te fretten.

Lytse proaidieren, lykas mûzen, wurde bestoarme en dan deade mei ien byt op 'e kop. Gruttere proaien, lykas kninen, wurde beslûpt. De langsturtwezeling springt dan by de knyn op 'e rêch en bringt in deadlike byt yn 'e nekke ta. Soms deadzje langsturtwezelingen mear proaien as se op kinne, benammen yn 'e maityd, as se jongen hawwe, en hjerstmis. Soms wurde sokke oerstallinge proaien opburgen om letter opfretten te wurden, mar mei't langsturtwezelingen de foarkar jouwe oan farsk deade proaidieren, litte se se meastal lizze. Nei't se in proai deade hawwe, slikje se it bloed op, mar oars as dat de folkloare oer dizze bisten hawwe wol, sûge se it bloed net aktyf út it lichem fan 'e proai wei.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtwezeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 43 erkende ûndersoarten fan 'e langsturtwezeling (Neogale frenata):

  • de Arizonalangsturtwezeling (N. f. arizonensis)
  • de behindige langsturtwezeling (N. f. agilis)
  • de Black Hills-langsturtwezeling (N. f. alleni)
  • de Boliviaanske langsturtwezeling (N. f. boliviensis)
  • de Cascadeslangsturtwezeling (N. f. saturata)
  • de Floaridalangsturtwezeling (N. f. peninsulae)
  • de gewoane langsturtwezeling (N. f. longicauda)
  • de gielbealchlangsturtwezeling (N. f. areoventris)
  • de Kalifornyske langsturtwezeling (N. f. xanthogenys)
  • de Kostarikaanske langsturtwezeling (N. f. costaricensis)
  • de leiewezeling (N. f. frenata)
  • de Nevadalangsturtwezeling (N. f. nevadensis)
  • de Newyorkske langsturtwezeling (N. f. noveboracensis)
  • de Nijmeksikaanske langsturtwezeling (N. f. neomexicanus)
  • de Nikaragûaanske langsturtwezeling (N. f. nicaraguae)
  • de Oregonlangsturtwezeling (N. f. oregonensis)
  • de Panameeske langsturtwezeling (N. f. panamensis)
  • de Teksaanske langsturtwezeling (N. f. texensis)
  • de tropyske langsturtwezeling (N. f. tropicalis)
  • de Tsjiapteekske langsturtwezeling (N. f. goldmani)
  • de Washingtonlangsturtwezeling (N. f. washingtoni)
  • N. f. affinis
  • N. f. altifrontalis
  • N. f. arthuri
  • N. f. celenda
  • N. f. effera
  • N. f. gracilis
  • N. f. helleri
  • N. f. inyoensis
  • N. f. latirostra
  • N. f. leucoparia
  • N. f. macrophonius
  • N. f. munda
  • N. f. nigriauris
  • N. f. notius
  • N. f. occisor
  • N. f. olivacea
  • N. f. oribasus
  • N. f. perda
  • N. f. perotae
  • N. f. primulina
  • N. f. pulchra
  • N. f. spadix

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.