Mustafa Kemal Atatürk
Mustafa Kemal Atatürk (Salonika, 19 maaie 1881 - Istanbûl, 10 novimber 1938), berne ûnder de namme Mustafa, wie de grûnlizzer fan it moderne Turkije. De tafoeging Atatürk betsjut heit fan de Turken.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mustafa waard berne yn Salonika yn it Ottomaanske Ryk. Hy gong yn it Turkske leger en makke opgong yn de kadetteskoalle, dêr't hy de bynamme Kemal ('de folmakke') krige. Yn 1908 sette hy him as foaroansteand lid fan de Jonge Turken ôf tsjin sultan Abdûlhamit II, doe't dizze alderlei konservative herfoarmings trochfiere woe. Abdûlhamit waard ferfongen troch de mear pragmatyske Mehmet V.
Nei de Earste Wrâldkriich waard it Ottomaanske Ryk gruttendiels troch de alliearden beset. Mustafa Kemal kaam yn 1919 mei in part fan it leger yn opstân en ferwarde him sawol tsjin de alliearde besetters as de Ottomaanske sultan Mehmet VI Vahideddin. Tusken 1919 en 1923 stride de troepen fan Kemal sawol tsjin de Jeropeeske as de sultan gesinde troepen. Yn 1920 akseptearre Mehmet it Ferdrach fan Sèvres, wat troch in protte Turken as tige fernederjend beskôge waard. Hjirtroch krige de beweging fan Kemal in protte stipe ûnder de Turkske befolking. Op 23 april 1920 waard it nije Turkske Parlemint oprjochte, dat it rezjym fan Mehmet noch fierder ferswakke. Yn novimber 1922 waard Mehmet offisjeel ôfsetten en waard Mustafa Kemal as de nije lieder fan Turkije erkend. Nei de fredespetearen mei de allieerden waard it Ferdrach fan Lausanne sletten (1923), hokker ferdrach foar de measte Turken folle akseptabeler wie.
Turkije waard ûnder Mustafa Kemal in sekuliere republyk dêr't Mustafa Kemal de earste presidint en partijfoarsitter fan de CHP (Cumhuriyet Halk Partisi = Republikeinske FolksPartij) (1923-1938). Syn politike ideeën wurde it kemalisme neamd. Hy soarge foar in nije grûnwet en makke Ankara ta nije haadstêd fan Turkije. Ek fierde hy fiergeande sosjale en politike herfoarmings troch. Syn grutste herfoarming is de skieding fan tsjerke en steat, yn Turkije de skieding fan de islam en steat. Ek liet er it Arabyske alfabet troch it Latynske alfabet ferfange.
Yn 1934 krige Mustafa Kemal fan it Turkske folk de earenamme Atatürk (foar)heit fan de Turken. Nei syn dea waard hy opfolge troch Ismet Inönü, dy't sûnt 1923 premier west hie ûnder Atatürk en dy syn bewâld fuortsette.
Atatürk ferstoar yn 1938 op 57-jierrige leeftyd oan leversirrose. Hy rûn dat op omdat er sa'n soad fan de alkohoalyske raky dronk, in destillaat fan anys. Yn it hjoeddeiske Turkije genietet hy noch hieltyd in hast mytyske status en iepenbiere krityk op him is yn de media net tastien. Syn portret hinget noch hieltyd yn alle iepenbiere gebouwen en op Turkske lira stiet syn ôfbylding.
Krityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't Atatürk fan Turkije in moderne sekuliere steat makke binne der al krityske lûden oer him te hearen, de konservative islamityske geastlikheid wie net bliid mei de skieding fan religy en steat dy't hy trochsette. En syn 'wrâldske' op de westerske wrâld skoeide libbenswize joech allyksa krityk: Atatürk wie in leafhawwer fan wyn en oare alkohoalyske dranken, wat net yn oerstimming is mei de islam. Syn útsprutsen Turksk nasjonalisme dat hy - krekt as de nasjonaal-liberale Jonge Turken - foarstie en dêr't de net-Turkske befolkingskloften yn Lyts Aazje en Anatoalje lykas de Griken, Assyrjers en Armeenjers it slachtoffer fan wurde soenen, is him net troch eltsenien yn tank ôfnommen. Troch de measte histoarisy wurdt hy beskuldige as oanstifter fan de genoside op de kristlike Armeenjers.
It Turksk nasjonalisme en it stribjen nei in homogene etnyske steat soe ek nei it regear fan Atatürk foar lang slepende konflikten soargje mei de Koerden en op Syprus.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mustafa Kemal Atatürk wie tusken 1923 en 1925 boaske mei Latife Uşşaki. Ut dat houlik kamen gjin bern fuort. Nei syn houlik adoptearre hy sân dochters en ien soan: Sabiha (Gökçen), Rukiye, Zehra, Afet (İnan), Fikriye, Ülkü (Adatepe), Nebile en Mustafa.
Sabiha Gökçen wie de earste froulike loftfeartpionier fan Turkije.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Osmaansk generaal
- Osmaansk militêr yn de Balkanoarloggen
- Osmaansk militêr yn de Italjaansk-Turkske Oarloch
- Osmaansk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Osmaansk revolúsjonêr
- Turksk maarskalk
- Turksk politikus
- Turksk parlemintslid
- Premier fan Turkije
- Presidint fan Turkije
- Turksk revolúsjonêr
- Turksk nasjonalist
- Turksk militêr yn de Gryksk-Turkske Oarloch (1919-1922)
- Noardmasedoanysk persoan fan Turksk komôf
- Turksk persoan fan Masedoanysk-Turksk komôf
- Skiednis fan Turkije
- Persoan berne yn 1881
- Persoan stoarn yn 1938