Sabiha Gökçen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbyld:Sabiha Gokcen.jpg
Sabiha Gökçen
Sabiha mei in bom foar har Breguet 19

Sabiha Gökçen (Bursa, 21 maart 1913 - Ankara, 22 maart 2001) wie in Turksk gefjochtspiloat. Se wie de earste frouljuspiloat fan Turkije en de earste fouljus gefjochtsfleander fan de wrâld.

Gökçen wie in dochter fan Hafız Mustafa İzzet, in yn ûngenede rekke klerk dy't troch Sultan Abdülhamit II ferballe wie. Nei syn dea bleau de húshâlding yn grutte earmoed efter. Yn 1925, sy wie doe tolve jier, moete se Mustafa Kemal Atatürk, stifter fan it moderne Turkije en de earste presidint fan it lân, by syn besite oan de stêd Bursa. Sy fertelde him fan har grutte winsk om fierder te learen oan in kostskoalle. Atatürk besluet har te adoptearjen en liet har yn it presidinsjeel paleis yn Ankara wenje. Letter besocht se de Amerikaanske Akademy yn Üsküdar ûnder Istanbûl. Doe't yn 1934 yn Turkije in efternamme ferplicht steld waard, joech Atatürk har de namme Gökçen (Turksk foar "fan de loft").

Belang[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Turkije fan Atatürk stie Gökçen symboal foar de moderne Turkske frou, dy't frij wie om elts berop te kiezen dat se woe. Yn de praktyk foel dat bot ôf. Turkske froulju koene bygelyks earst yn de jierren 90 in militêre karriêre folgje. Har ynset tsjin de Koerdyske opstannelingen fan Dersim makke har foar Koerden tagelyk in symboal fan de Turkske militêre ûnderdrukking.[1]

De lofthaven fan Istanboel, Lofthaven Istanboel Sabiha Gökçen, waard yn 2001, flak foar har dea, nei har neamd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • Atatürk Arşivi - Sabiha Gökçen: 123456 (filmkes op Youtube)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Olson (2000)