Wytrussysk

Ut Wikipedy
Yn it donkerblauwe gebiet is it Wytrussysk de haadtaal

Wytrussysk of Belarussysk (беларуская мова, belaruskaja mova) is in taal dy't ta de Slavyske talen rekkene wurdt. Wytrussysk wurdt bûten Wyt-Ruslân ek troch Wytrussyske minderheden yn dielen fan Oekraïne en Ruslân sprutsen plus yn it easten fan Poalen en it súdeasten fan Litouwen.

It Wytrussysk wurdt skreaun yn it Syrillysk alfabet, soms ek yn it Latynsk alfabet, Łacinka neamd. Dat lêste ûntwikkele him yn de 18e iuw ûnder ynfloed fan it katolisisme en de Poalske beynfloeding fan it westen fan it lân, dat oant de Poalske dielingen diel útmakke fan de Rzeczpospolita.
By transkripsje (oersetting nei oare alfabetten/talen) komme meardere ferskillen oan it ljocht, benammen yn de transkripsje fan eigennammen.
It Wytrussysk is in Eastslavyske taal en fertoant dêrtroch de sterkste sibskip mei it Oekraynsk en it Russysk. Ek hat it Wytrussysk sterke ynfloeden ûndergien fanút it Poalsk. Taalkundich sjoen nimt it Wytrussysk in tuskenposysje tusken it Poalsk en it Russysk yn en is mei beide talen ûnderling fersteanber (sprekkers fan it Poalsk en Russysk sels kinne elkoar net ferstean). Dat is foar Poalske en Russyske nasjonalisten de oanlieding om it Wytrussysk as in dialekt fan it Poalsk respektivelik it Russysk te beskôgjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: