Kriichshear

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In kriichshear is in lieder dy't by steat is om sawol militêre, ekonomyske as politike macht út te oefenjen oer in diel fan in soeverein lân, troch syn fermogen om in legermacht op 'e foet te bringen dy't ûnder syn befel stiet. Sa'n legermacht, dy't ornaris beskôge wurde as in milysje, is trou oan 'e kriichshear persoanlik, ynstee fan oan it regear fan it lân.

Der besteane twa soarten kriichshearen as men útgiet fan harren relaasjes mei it lânsregear. Yn it foarste plak binne der kriichshearen dy't operearje binnen it politike ramt fan in lân troch mei it lânsregear te hantsjebakken, of om't se in ûnoffisjeel ferlingstik fan it lânsregear foarmje en dogge wat it regear nedich fynt mar sels net dwaan kin. Oard besteane der kriichshearen dy't ûnôfhinklik fan it lânsregear operearje en faak it tsjinstelde dogge fan wat it lânsregear wol. Sokken kinne beskôge wurde as rebellen, of, út it perspektyf fan it lânsregear wei, as rôverhaadlju of bindelieders. It is lykwols ek mooglik dat kriichshearen meitiid tusken de beide neamde rollen hinne en wer skowe, benammen as der in oarlochssitewaasje bestiet dy't lang oanhâldt en útfochten wurdt tusken wikseljende koälysjes fan dielnimmende partijen.

Kriichshearen komme faak oan harren macht as in lân of diel fan in lân (tydlik) sûnder (funksjonearjend) regear komt te sitten en der fan gefolgen anargy útbrekt. Soks komt gauris foar as der in oarloch of (noch faker) in boargeroarloch geande is. Histoaryske foarbylden fan sokke sitewaasjes binne de Fal fan it Westromeinske Ryk yn 'e fyfde iuw, doe't provinsjale gûverneurs harren opwurpen as selsstannich regearjende potentaten en harren ûnderdienen safolle mooglik útrûpelen. De ein fan it Karolingyske Ryk, yn 'e tsiende iuw, gie mank mei in sitewaasje dy't fierhinne itselde wie. Amtners dy't oarspronklik troch de kening beneamd wiene, loeken de macht nei harrensels ta. Harren posysjes waarden neitiid erflik, wat it begjin fan it feodaal stelsel wie.

Histoaryske foarbylden fan spesifike kriichshearen binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.