Skanderbeg
Skanderbeg | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
echte namme | Gjergj Kastrioti | |
nasjonaliteit | Albaneesk | |
bertedatum | 6 maaie 1405 | |
berteplak | noardeastlik Albaanje | |
stjerdatum | 17 jannewaris 1468 | |
stjerplak | Lezhë (Albaanje) | |
dynasty | Kastrioti | |
etnisiteit | Albaneesk | |
gûverneur fan 'e Sandjak fan Dibra | ||
amtsperioade | 1440 – 1443 | |
hear fan Albaanje | ||
amtsperioade | 1443 – 1468 |
Skanderbeg (Albaneesk: Skënderbeu of Skënderbej; wiere namme: Gjergj Kastrioti; helenisearre foarm: George Castriotis; noardeastlik Albaanje, 6 maaie 1405 – Lezhë, 17 jannewaris 1468) wie in Albaneesk ealman, ofsier en politikus, dy't yn syn jonkheid yn it leger en de amtnerij fan it Osmaanske Ryk tsjinne, mar yn 1443 lieding joech oan in opstân yn it hjoeddeiske Albaanje en Masedoanje tsjin datselde Osmaanske Ryk. Dêrby hied er earst de stipe fan 'e Republyk Feneesje en letter fan it Keninkryk Napels. Hy hold in fearnsiuw lang stân, oant syn dea yn 1468, mar neitiid waard de rebûlje de kop yn drukt troch de Osmanen.
Hjoed de dei wurdt Skanderbeg sjoen as in Albaneeske folksheld en syn opstân as in ier foarbyld fan Albaneesk nasjonalisme, mar eins gie it barren oan 'e hiele súdlike helte fan Albaanje foarby, wylst in grut diel fan 'e folgelingen fan Skanderbeg út etnyske Serven, Montenegrinen, Flachen en Griken bestie. Hoewol't it religieuze aspekt tsjintwurdich ôfswakke wurdt troch de (fierhinne islamityske) Albanezen, moat de opstân fan Skanderbeg dochs fral sjoen wurde yn it ramt fan kristlik ferset tsjin 'e útwreiding fan 'e islaam. Skanderbeg foarme lange tiid in obstakel foar in fierdere Osmaanske opmars yn Jeropa en joech dêrmei de kristlike steaten yn Itaalje en op 'e noardlike Balkan de tiid om har op 'e striid tsjin 'e Osmanen ta te rieden.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skanderbeg syn wiere (Albaneeske) namme wie Gjergj Kastrioti. 'Gjergj' is de Albaneeske foarm fan 'Joaris', wylst de efternamme 'Kastrioti' ferwiist nei it plak Kastriot, yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Albaanje, dêr't syn famylje wei kaam. Etymologysk komt 'Kastrioti' fan it Latynske wurd foar kastiel, castrum, fia it Grykske κάστρο, kástro. Skanderbeg syn namme komt in soad foar yn 'e helenisearre foarm George Castriotis, en ek wol yn 'e Latynske foarm Georgius Castriotus en de Slavyske foarm Đorđe Kastriot of Ђорђе Кастриот.
Hy waard lykwols folle bekender ûnder syn bynamme Skanderbeg, yn it Albaneesk Skënderbeu of Skënderbej. Dat wie in ferbastering fan it Turkske اسکندر بگ, İskender beğ of İskender Bey, dat letterlik 'hear Aleksander' betsjut. Men giet derfan út dat dat in komplimint fan syn fijân wie, dy't syn militêre betûftens ferliek mei dy fan Aleksander de Grutte. Sels ûndertekene Skanderbeg offisjele dokuminten mei 'hear fan Albaanje (Latyn: Dominus Albaniae), mar fierders makke er nea oanspraak op aadlike titels.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iere jonkheid fan Skanderbeg is noch altyd net alhiel dúdlik, hoewol't de pleatsing (troch Fan Noli) fan syn berte yn it jier 1405 no frij algemien akseptearre wurdt. Syn berteplak moat yn elts gefal socht wurde yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Albaanje, dêr't syn heit Gjon Kastrioti en dêrfoar syn pake Pal Kastrioti in foarstedom bestjoerden dat de moderne distrikten Mat, Mirditë en Dibër omfieme. Syn mem wie in Servyske prinsesse dy't fan Voisava hiet, nei alle gedachten in telch út it Branković-laach. Fierders is it bekend dat Skanderbeg trije âldere bruorren hie, Stanisha, Reposh en Konstandin, en fiif susters: Mara, Jelena, Angjelina, Vlajka en Mamica.
Yn Osmaanske tsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it spanningsfjild tusken it roomsk-katolisisme en de eastersk-otterdoksy feroare de Kastrioti-famylje fan religy al neigeraden dat se bûnsgenoaten fan it otterdokse Keninkryk Servje of de roomske Republyk Feneesje wiene. Doe't Skanderbeg syn heit oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw in fazal fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken waard, bleau er lykwols kristen, al moast er wol militêre bystân oan 'e Osmanen leverje, lykas yn 'e Slach by Ankara, yn 1402.
Stanisha, de âldste broer fan Skanderbeg, waard nei alle gedachten troch de Osmanen opeaske ûnder it devşirme-stelsel, in soarte fan belesting yn 'e foarm fan jonges út kristlike gesinnen dy't neitiid grutbrocht waarden yn 'e islaam en treend waarden om te tsjinjen by de janitsaren, de elite-ynfantery fan 'e Osmanen. It tinken ûnder histoarisy is lykwols dat Skanderbeg sels net as ûnderdiel fan 'e devşirme, mar ynstee as gizelder foar syn heite trou oan 'e sultan by de Osmanen kaam. Dat moat omtrint 1423 west hawwe, doe't er likernôch achttjin jier wie. Gizelders lykas hy waarden net yn it tichthûs smiten, mar krigen ynstee oan it hof fan 'e sultan yn Adrianopel (it hjoeddeiske Edirne) in earsten militêre oplieding. Men giet derfan út dat Skanderbeg trije jier lang oan it hof fan Moerad II bleau en ûnderrocht krige oan 'e Skoalle fan Enderun. Yn dy perioade bekearde er him ta de islaam.
Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, waard Skanderbeg as ofsier yn Osmaanske tsjinst oansteld, en de folgjende jierren focht er oanhâldend mei de moslims tsjin 'e kristenen. Dat hold oan sels nei't syn heit yn 1430 tsjin 'e sultan yn opstân kommen en ferslein wie, wêrnei't de Kastrioti's it meastepart fan harren lân kwytrekken. Ek doe't Gjergj Arianiti en Ndreu Thopia, dy't frijwol buorlju fan 'e Kastrioti wiene, tusken 1432 en 1436 in opstân tsjin 'e Osmanen oanfierden, die Skanderbeg neat en bleau er Moerad trou. Dêrfoar waard er yn 1437-1438 beleanne mei de posysje fan subaşi (distriktsgûverneur) fan Krujë. Teffens hied er yn dy snuorje it befel oer in kavalery-ienheid fan 5.000 man. Yn 1440 waard er oansteld as sancakbey (provinsjegûverneur) fan 'e Sandjak fan Dibra.
Opstân tsjin 'e Osmanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurdt frij algemien foar wier oannommen dat Skanderbeg begjin novimber 1443, ûnder de Slach by Niš, mei sa'n trijehûndert oare Albanezen desertearre út it leger fan sultan Moerad II en oerrûn nei de krúsfarders fan 'e Hongaarske legeroerste János Huyadi, hoewol't inkele iere boarnen hawwe wolle dat dat in pear moanne letter barde, ûnder de Slach by Kunovica, op 2 jannewaris 1444. Neffens de meast wierskynlike ferzje fan it ferhaal late Skanderbeg syn mannen nei Krujë ta, dêr't er op 28 novimber arrivearre en prompt de stêd ynnaam troch in ferfalske brief fan Moerad sjen te litten wêryn't hysels ta gûverneur fan Krujë beneamd waard. Nei't er in stikmannich minder wichtige stêden yn 'e omkriten bemastere hie, wêrûnder Petrela, Prezë, Guri i Bardhë, Svetigrad en Modrič, liet er by wize fan formele ferklearring dat er him tsjin it Osmaanske Ryk kearde, in reade flagge mei in dûbelkoppige swarte earn hise. Dat wie in banier fan it wapen fan syn famylje, dêr't de hjoeddeistige flagge fan Albaanje op basearre is. Skanderbeg swarde de islaam ôf en naam it kristendom wer oan, en twong alle oare moslims yn 'e gebieten dy't er behearske itselde te dwaan as se net om hals brocht wurde woene.
Skanderbeg syn opstân kaam net samar út 'e loft fallen, mar wie winliken in fuortsetting fan 'e al jierrenlang smeulende opskuor yn it bercheftige en dêrom dreech te behearskjen noarden fan Albaanje. En yn augustus 1443 wie yn sintraal Albaanje, dus súdlik fan it no troch Skanderbeg bemastere gebiet, op 'e nij in rebûlje útbrutsen ûnder lieding fan Gjergj Arianiti. Op 2 maart 1444 ûntbea Skanderbeg de oare Albaneeske foaroanmannen yn Lezhë, in stêd dy't yn 'e hannen wie fan 'e Republyk Feneesje. Dêr waard ûnder Fenesiaanske beskerming de saneamde Liga fan Lezhë sletten, wêrfan't de leden njonken Skanderbeg sels de lieders fan 'e famyljes Arianiti, Dukagjini, Dushmani, Muzaka, Spani, Thopia, Zaharia en Zenevisi wiene. Ek de machtige Montenegrynske ealman Stefan Crnojević sleat him dêrby oan.
Doe't er de stipe fan dizze bûnsgenoaten hie, organisearre Skanderbeg in mobyl ferdigeningsleger dat yn lytseftige kloften operearre, sadat de Osmanen twongen waarden om harren legers ek te fersprieden, wat it foardiel fan harren nûmerike oermacht sterk ôfswakke. Skanderbeg focht in guerrilja-oarloch tsjin harren út, wêrby't er goed gebrûk makke fan it bercheftige terrein. De earste acht oant tsien jier hied er in leger fan nei skatting yn totaal sa'n 10.000 oant 15.000 man, dy't lykwols suver nea allegear op ien plak te finen wiene. Boppedat hied er inkeld oer syn eigen mannen it direkte befel; foar de rest moast er de oare eallju oertsjûgje om mei te gean yn syn polityk en strategy. Syn rippertwaar wie trouwens net beheind ta inkeld guerriljataktiken. Sa fersloech er yn 'e simmer fan 1444 yn 'e Slach by Torvioll yn in iepen fjildslach in 25.000 man tellend Osmaansk leger ûnder in Ali Pasja. Dêrby kamen 8.000 Osmanen om, wylst nochris 2.000 kriichsfinzen nommen waarden. Yn 'e folgjende pear jier fersloech Skanderbeg de Osmanen noch in pear kear: op 10 oktober 1445 yn 'e Slach oan de Mokra, en op 27 septimber 1446 yn 'e Slach by Otonetë.
Oarloch mei Feneesje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neigeraden dat de Albanezen mear súksessen boekten tsjin it Osmaanske Ryk, groeide der in kleau tusken harren en har Fenesiaanske bûnsgenoaten. De Republyk Feneesje makke graach fan Skanderbeg-en-dy gebrûk om in buffer te kreëarjen tusken de eigen gebieten oan 'e kust fan 'e Adriatyske See en it Osmaanske Ryk, mar doe't de rebellen te sterk waarden, begûnen de Fenesianen harren as in bedriging te sjen. Yn 1447 ûntstie der in heechoprinnend skeel oer it besit fan 'e fêsting Dagnum, dat de direkte oanlieding wie ta it útbrekken fan 'e Albaneesk-Fenesiaanske Oarloch fan 1447-1448. Nei't Skanderbeg mei de Montenegrynske eallju Đurađ Branković en Stefan Crnojević en de pleatslike Albaneeske befolking ferskate oanfallen op 'e Fenesiaanske besittings Bar en Ulcinj útfierd hie, ferklearre Feneesje him fûgelfaai en sette in priis fan hûndert goudene dukaten op syn holle.
Wylst der yn it westen tsjin 'e Fenesianen fochten waard, foelen de Osmanen Skanderbeg op 'e nij út it easten wei oan, sadat er no in oarloch op twa fronten útfjochtsje moast. Op 14 maaie sloech in Osmaansk leger dat oanfierd waard troch Moerad II sels en syn soan Mehmed belis foar Svetigrad. Wylst it Albaneeske garnizoen fan 'e fêsting de Osmaanske bestoarmings ôfsloech, fierde Skanderbeg sels fanút de omlizzende bergen oanhâldend oanfallen út op 'e belegerders. Tuskentroch fûn er noch de tiid om op 23 july 1448 yn 'e Slach by Shkodër in Fenesiaansk leger ûnder Daniele Iurichi, de Fenesiaanske gûverneur fan Shkodër (Italjaansk: Scutari) te ferslaan. Uteinlik foel it belegere Svetigrad om't de Osmanen de wettertafier ûntdieken en ôfsniene. Hoewol't Skanderbeg troch dat ferlies net folle manskippen kwytrekke, wie Svetigrad in wichtige fêsting, dy't de tagong ta syn gebiet fanút it leechlân fan Masedoanje behearske.
Underwilens belegere Skanderbeg sels de kuststêden Durrës (Italjaansk: Durazzo) en Lezhë, dy't yn Fenesiaanske hannen wiene. Yn augustus weefde er yn 'e Slach by Oranik ôf mei it Osmaanske leger fan in Mustafa Pasja. Dyselde waard kriichsfinzen nommen en neitiid foar 25.000 dukaten wer frijkocht, mar net foar't er Skanderbeg ferteld hie dat it Feneesje wie dat de Osmanen allegeduerigen oantrune om fan it easten út Albaanje binnen te fallen. Nei de swiere nederlaach yn 'e Slach by Shkodër, dêr't se 2.500 man ferlern hiene, woene de Fenesianen lykwols wol omlyk, en op 4 oktober koe der troch bemiddeling fan Georgius Pelino, de abt fan Ratac, in fredesferdrach tekene wurde, wêrby't Feneesje de fêsting Dagnum hold, mar Buzëgjarpri, oan 'e mûning fan 'e rivier de Drin, oan Skanderbeg ôfstie. Dêropta soe Feneesje jierliks in jildbedrach fan 1.400 dukaten oan Skanderbeg betelje, dy't dêrnjonken (ek jierliks) belestingfrij twahûndert hynsteladings sâlt yn Durrës keapje koe.
Ien fan 'e wichtichste redens foar de gau-gau sletten frede mei Feneesje wie de opmars fan it Hongaarske leger fan János Hunyadi tsjin it Osmaanske Ryk, dêr't Skanderbeg him by jaan woe. Hoewol't er daliks nei it ûndertekenjen fan it ferdrach nei it easten ta opteach, waard er nei't it skynt opholden troch gefjochten mei de troepen fan Đurađ Branković, dy't tsjin dy tiid oerrûn wie nei de Osmaanske kant (hoewol't dat troch guon histoarisy ûntstriden wurdt). Fan gefolgen arrivearre Skanderbeg te let yn Kosovo, hoewol't er noch mar 30 km te gean hie doe't Hunyadi syn leger yn 'e Slach op it Lysterfjild (1448) troch de Osmanen ferslein waard.
It Earste Belis fan Krujë
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 1450 krong in Osmaansk leger fan likernôch 100.000 man noardlik Albaanje binnen om belis te slaan foar Krujë. Krekt as twa jier earder waard dat leger oanfierd troch sultan Moerad sels en syn soan Mehmed. Skanderbeg koe it tsjin sa'n oermacht net hâlde en nei't er de taktyk fan 'e ferkroeide ierde tapast hie, liet er in garnizoen fan 1.500 man yn Krujë efter ûnder lieding fan Vrana Konti, ien fan syn meast fertroude ûnderbefelhawwers, wêrnei't er himsels mei de rest fan syn leger yn 'e bergen weromloek.
Mei troepen dy't bestiene út Albanezen, Serven en Montenegrinen, mar ek guon Dútske, Frânske en Italjaanske aventoerslju, died er allegeduerigen oanfallen op 'e Osmaanske kampen om Krujë hinne en besocht er de Osmaanske befoarrieding ôf te snijen. It garnizoen sloech trije frontale bestoarmings ôf en Vrana Konti sels wegere in omkeapsom fan 300.000 sulverstikken. De Osmanen ferlearen 20.000 man by it belis fan Krujë, net inkeld oan 'e bestoarmings en de oanfallen fan Skanderbeg, mar ek oan 'e sykten dy't al rillegau yn harren kampeminten útbrieken. Tsjin septimber, mei de winter foar de doar en gjin útsicht op in oerwinning, wie Moerad twongen om 'e belegering ôf te brekken en him werom te lûken nei syn haadstêd Adrianopel (no: Edirne). Hy ferstoar dêr op 3 febrewaris fan it folgjende jier en waard opfolge troch syn soan, dy't op 'e troan kaam ûnder de namme Mehmed II.
Konsolidaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Albaneesk-Fenesiaanske Oarloch hie Skanderbeg de bannen mei kening Alfûns V fan Aragon oanhelle, dy't behalven oer Aragon ek regearre oer it Keninkryk Napels, dat de ûnderein fan 'e Lears fan Itaalje besloech. Alfûns wie de wichtichste rivaal fan 'e Republyk Feneesje yn it gebiet fan 'e Adriatyske See, dêr't syn dreamen fan in grut Mediterraan ryk allegeduerigen dwerseide waarden troch de Fenesianen. Hoewol't Skanderbeg him sawol de Fenesianen as sultan Moerad fan 'e lea witten hie te hâlden, wiene troch al it oarlogjen de rispingen yn syn domein mislearre, mei hongersneed as gefolch. Dêrom socht er nei de frede mei Feneesje noch mear de stipe fan Alfûns, dy't him yn jannewaris 1451 oanstelde as 'kaptein-generaal fan de kening fan Aragon'. Op 26 maart fan dat jier sleaten Skanderbeg en Alfûns it Ferdrach fan Gaeta, wêrby't Skanderbeg formeel as in soarte fan ûnôfhinklik operearjend fazal fan 'e Kroan fan Aragon erkend waard. Yn ruil dêrfoar ferplichte er himsels ta it jaan fan militêre stipe oan Aragon mocht dat ea nedich wêze.
Guon histoarisy, wêrûnder Constantin Marinesco, hawwe útholden dat fan dit tiidstip ôf Krujë en de rest fan it domein fan Skanderbeg eins (de jure) oan 'e Kroan fan Aragon tahearde, dy't der nei ferrin fan tiid in ûnderkening foar oanstelde. Dat idee waard fan 'e hân wiisd troch oaren, lykas Athanas Gegaj, dy't skreau dat it disproporsjonele oerwicht tusken de Aragoneeske troepen yn it gebiet (sa'n 100) en it leger fan Skanderbeg (oant 15.000) dúdlik sjen lit wa't it der foar it sizzen hie. Yn elts gefal wurdt frij algemien oannommen, ek troch saakkundigen dy't de earste teory oanhingje, dat Skanderbeg de facto de folsleine sizzenskip oer syn gebieten útoefene. En hoewol't yn 'e argiven fan it Keninkryk Napels sprake is fan betellings oan en befoarrieding fan Skanderbeg, wurdt nearne it ôfdragen fan skatting troch Skanderbeg oan Alfûns neamd, útsein de pear kear dat Skanderbeg de kening inkele kriichsfinzen nommen Osmaanske ofsieren en bútmakke banieren tastjoerde, mar dat moat earder sjoen wurde as in geskink. Yn it Ferdrach fan Gaeta wie dan ek fêstlein dat Skanderbeg pas nei de definitive ferdriuwing fan 'e Osmanen út it gebiet dêr't er oanspraak op makke (hiel Albaanje en dielen fan Masedoanje) in regulier fazal fan Alfûns ûnder it gongbere feodale stelsel wurde soe mei alle rjochten en plichten dy't dêrmei mank giene, mar dy definitive ferdriuwing wie in sitewaasje dy't by Skanderbeg syn libben nea berikt waard.
Behalven dat er stipe fûn by Alfûns, besocht Skanderbeg syn posysje ek op oare manearen te konsolidearjen. Sa troude er in moanne nei it sluten fan it Ferdrach fan Gaeta, op 21 april 1451, yn it eastersk-otterdokse kleaster Ardenica, mei Donika, de dochter fan Gjerj Arianiti, ien fan 'e ynfloedrykste Albaneeske eallju fan dy tiid. It iennichste bern út dat houlik wie Gjon II Kastrioti. Datselde jiers, wylst de nije sultan Mehmed syn hannen fol hie oan rebûlje yn it easten, liet Skanderbeg Krujë fersterkje en boude er boppedat in nije fêsting yn Modrica, yn 'e Delling fan de Drin, net fier fan it yn 1448 ferlern giene Svetigrad. Dêrnjonken sleat Alfûns V fan Aragon dat jiers oanfoljende ferdraggen mei Gjergj Arianiti en mei Demetrius Palaiologos, de despoat fan de Moreä (in Byzantynsk restantsteatsje op 'e Peloponnesos). Ein maaie 1451 arrivearre in detasjemint fan 100 Katalaanske soldaten yn Krujë, oanfierd troch Bernard Vaquer. In jier letter stjoerde Alfûns in twadde ealman, Ramon d'Ortafà, dy't er ta ûnderkening beneamd hie. Noch wer in jier letter, yn 1453, brocht Skanderbeg in geheim besyk oan Napels en oan it Fatikaan yn Rome, om mei Alfûns en paus Nikolaas V de sitewaasje te bepraten dy't ûntstien wie troch de Fal fan Konstantinopel, earder dat jier, en de dêrmei mank geande definitive ein fan it Byzantynske Ryk.
Hoewol't it domein fan Skanderbeg yn 'e earste jierren nei it Belis fan Krujë wat op azem komme koe wylst Mehmed de lêste oerbliuwsels fan it Byzantynske Ryk opdweilde en ûnder syn bewâld brocht, diene de Osmanen yn 1452 in nije wraam op Albaanje. Dêrby waard in leger fan sa'n 25.000 man útstjoerd, ferdield oer twa kolonnes ûnder Tahip Pasja en Hamza Pasja. Yn antwurd dêrop brocht Skanderbeg in legermacht fan 14.000 man byinoar, wêrmei't er de fijân yn 'e mjitte teach. Op 21 july foel er earst Hamza oan, dy't er fersloech en op 'e flecht jage, wêrnei't er dyselde deis noch de troepen fan Tahip oanfoel en besingele. Dêrby liet Tahip sels it libben en flechten de restanten fan syn leger úteinlik alle kanten út en rekken fersille. In nije ynfal waard yn 1453 ôfslein, doe't Skanderbeg yn 'e Slach by Polog mei in flugge oanfal fan syn ruterij by stoarm en swierwaar it legerkamp fan Ibrahim Pasja binnenkrong, de Osmaanske generaal deade en syn leger yn gaos en dusoarder efterliet. Mei it nije prestiizje dat dizze oerwinnings him beaen, slagge it Skanderbeg ek om 'e al ferskate jierren slepende fete tusken himsels en it laach Dukagjini troch pauslike bemiddeling te besljochtsjen, wêrnei't yn 1454 in duorjend yntern fredesferdrach sletten waard.
Nije striid en ferrie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Mehmed yn 1453 Konstantinopel, de âlde en ûnnimber achte haadstêd fan it Byzantynske Ryk ynnommen hie, wêrby't de lêste Byzantynske keizer, Konstantyn XI, omkommen wie, begûn Skanderbeg te warskôgjen foar de ekspânsje fan it Osmaanske Ryk nei de Lears fan Itaalje. Folle stipe hoegde er lykwols net te ferwachtsjen: Alfûns stjoerde nochris 500 soldaten, Napolitanen diskear, en de paus parte him 3.000 dukaten ta. De Napolitaanske soldaten waarden yn 1455 ynset by it Belis fan Berat; dêr kamen se suver allegear by om en neitiid waarden se net mear ferfongen. De Fenesianen, dy't alhiel net gelokkich wiene mei de nauwe bân tusken Skanderbeg en Alfûns, talmen geregeldwei mei it beteljen fan 'e skatting oan Skanderbeg, sasear sels, dat der tusken 1448 en 1458 teminsten trije kear in driging mei oarloch oan te pas komme moast earst se ynbûnen.
Yn 1455 belegere Skanderbeg moannenlang de stêd Berat, oant it Osmaanske garnizoen ree wie en jou him oer. Dêrop hefte er it belis op, en spjalte er syn legermacht midstwa. Wylst er sels ôfsette mei likernôch de helte fan syn troepen, bleau ien fan syn legeroersten, Muzakë Thopia, efter om 'e oerjefte fan Berat te formalisearjen. Dat wie in kostbere flater, want de Osmanen seagen doe in kâns om it spul werom te draaien. Generaal Işak-Bey fersterke mei in grutte macht hynstefolk it garnizoen fan Berat, en doe't de striidmacht fan Thopia oan 'e igge fan 'e rivier de Osum oan it bekommen wie foarôfgeande oan 'e oerjefte fan 'e stêd, waarden se dêr troch Işak-Bey en syn troepen oerfallen, mei in slimmen nederlaach en hast 5.000 deaden oan Albaneeske kant ta gefolch. It grutste part fan Thopia syn ûnderhearrigen hie ta de troepen fan Skanderbeg syn skoanheit Gjergj Arianiti beheard, en sadwaande wie dy syn rol yn 'e striid doe suver útspile.
In oare oanhinger fan Skanderbeg, Moisi Golemi, rûn datselde jiers oer nei de Osmanen, en kearde yn 1456 oan it haad fan in Osmaansk leger fan 15.000 man werom nei syn heitelân Albaanje, dêr't er lykwols yn 'e Slach by Oranik troch Skanderbeg ferslein waard. Op 5 april kaam Golemi, dy't nei syn nederlaach by de Osmanen syn libben net mear wis wie, slûksturtsjend werom yn Krujë, dêr't er oan Skanderbeg oanbea om fannijs de wapens tsjin 'e Osmanen op te nimmen. Skanderbeg skonk him ferjeffenis, en neitiid bleau Golemi him trou oant syn dea yn 1464.
Yn 1456 stokelen de Fenesianen mank de Albaneeske klans, wêrfan't guon it tsjin Skanderbeg yn 'e kant setten en yn syn plak syn skoanheit Gjergj Arianiti, no in man op jierren, oanstelden as 'kaptein fan hiele Albaanje'. Yn 'e ûnderlinge striid tusken de klans wie Skanderbeg lykwols ornaris syn rivalen de baas, en ek diskear wer wist er de rebûlje del te slaan. Dêrby ûnteigene er de besittings fan 'e Zenevisi-famylje. Datselde lot trof de Servyske Balšić-famylje nei't ien fan Skanderbeg syn omkesizzers, Đorđe Strez Balšić, de fêsting Modrič yn wat no Masedoanje is, foar 30.000 sulverstikken oan 'e Osmanen oerdroech. Hoewol't de ferrieder syn die besocht te behimmeljen, waard de wiere tadracht ûntdutsen, wêrnei't Skanderbeg him nei Napels ta stjoerde, dêr't er yn it tichthûs smiten waard.
Noch mear ferrie folge, doe't datselde jiers (1456), Skanderbeg syn soan Gjon berne waard. Syn omkesizzer en neiste fertrouling Hamza Kastrioti, dy't himsels lange tiid Skanderbeg syn erfgenamt tocht hie, rûn dêrop nammentlik oer nei de Osmanen. Yn 'e simmer fan 1457 waard Albaanje binnenfallen troch in Osmaansk leger fan 70.000 man ûnder lieding fan Hamza en Işak-Bey, wêrmei't sultan Mehmed foar iens en foar altyd in ein oan 'e opstân fan Skanderbeg meitsje woe. Dy legermacht rjochte grutte skea en in protte bloedferjitten oan op it Albaneeske plattelân. Nei't er de fijân moannenlang ûntrûn wie en dêrmei sawol de Osmanen as syn Jeropeeske bûnsgenoaten kâldwei en mei opsetsin de yndruk jûn hie dat er diskear foargoed ferslein en miskien wol dea wie, foel Skanderbeg op 2 septimber 1457 it Osmaanske legerkamp oan dat op 'e flakte fan Ujëbardha opslein wie, likernôch healwei Lezhë en Krujë. Yn 'e Slach by Ujëbardha (ek wol de Slach by Albulena) kaam er de Osmanen folslein oer it mad. Syn troepen deaden dy deis 15.000 Osmaanske soldaten, namen nochris 15.000 kriichsfinzen en makken 24 rezjimintstanderts en alle foarrieden en rykdommen yn it legerkamp bút. Dit wie ien fan 'e meast ferneamde oerwinnings fan Skanderbeg, dy't ta in fiifjierrich bestân mei sultan Mehmed late. De oerrinner Hamza Kastrioti wie mank de kriichsfinzenen en waard nei it tichthûs yn Napels stjoerd.
Nei de Slach by Ujëbardha helle Skanderbeg de bannen mei de Pauslike Steat oan. Paus Kalikstus III stjoerde him jild, mar koe mar ien oarlochsgalei misse, hoewol't er ûnthiet om letter mear skippen stjoere te sillen. Op 23 desimber 1457 waard Skanderbeg troch Kalikstus ta kaptein-generaal fan 'e Kuery yn 'e oarloch tsjin it Osmaanske Ryk útroppen. Dêropta krige Skanderbeg de titel Athleta Christi ("Foarfjochter fan Kristus").
Op 27 juny 1458 ferstoar kening Alfûns V fan Aragon yn Napels. Doe't de deatynge him berikte, stjoerde Skanderbeg fertsjintwurdigers nei syn opfolger, kening Ferdinand I fan Napels. Hoewol't it ferstjerren fan Alfûns in ein makke oan 'e Aragoneeske dream fan in grut Mediterraan ryk, bleau de bân tusken Napels en Albaanje beholden, mei't Ferdinand grut respekt foar Skanderbeg hie. Yn beskate opsichten wie de dea fan Alfûns in foardiel foar Skanderbeg, mei't de minder feardige Ferdinand troch de Republyk Feneesje net as in reële bedriging sjoen waard. Dat makke bettere relaasjes mei de machtige hannelsrepublyk mooglik. Noardeastlik fan Skanderbeg syn domein waard yn april 1459 Stefan Branković, de hearsker oer it Servysk Despotaat, ôfset, wêrnei't er yn Albaanje yn ballingskip gie, dêr't er ûnder beskerming fan Skanderbeg stie. Yn novimber 1460 troude Branković mei Angjelina Arianiti, de suster fan Skanderbeg syn eigen frou Donika. Yn 1461 of mooglik yn 1466 sette Branković him yn it Keninkryk Napels nei wenjen.
Italjaanske Ekspedysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underwilens wie Ferdinand fan Napels yn 'e benearing rekke om't Giovanni Antonio del Balzo Orsini, de prins fan Taranto, ek oanspraak op 'e troan fan Napels makke. Dêrom died er in berop op Skanderbeg, dy't op 17 april 1461 mei in leger fan 1.000 man ruterij en 2.000 man fuotfolk oerstiek nei Itaalje. Orsini hie besocht him fan sa'n Italjaanske Ekspedysje te wjerhâlden troch oan te bieden in ferbûn mei him te sluten, mar yn in brief datearre op 31 oktober 1460 antwurde Skanderbeg dat Albanezen harren freonen net ferretten en dat se ôfstammelingen wiene fan Pyrrus fan Epierus (wêrmei't er ferwiisde nei de oerwinnings dy't dy Grykske kening yn it earste milennium f.Kr. yn súdlik Itaalje op 'e Romeinske Republyk behelle hie). Nei de oerstek fersloech Skanderbeg de Italjaanske en Frânske troepen fan Orsini yn 'e Slach by Barletta en de Slach by Trani, wêrmei't er Ferdinand syn ferslopjende gryp op 'e troan foargoed ferstevige.
Werom yn Albaanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn oerwinnings op Orsini moast Skanderbeg halje-trawalje werom nei Albaanje, doe't him trochdien waard dat yn syn ôfwêzichheid trije Osmaanske legers nei syn domein opteagen. It earste, ûnder it befel fan Sinan Pasja, fersloech er fuort nei syn weromkear yn 'e Slach by Mokra, yn it hjoeddeiske Masedoanje. It twadde leger, ûnder Hasan Pasja, weefde er mei ôf yn 'e Slach by Ohrid. It trêde leger, dat bestie út 30.000 man ûnder Karaza Bey, waard ferslein yn 'e Slach by Skopje. Nei dy trijefâldige nederlaach wie Mehmed II twongen om in tsienjierrich bestân mei Skanderbeg te sluten. Hoewol't de âlde opstanneling eins gjin wapenstilstân hawwe woe, waard er troch syn bûnsgenoat Tanush Thopia bepraat. Dyselde reizge neitiid ek nei Rome om 'e gong fan saken oan 'e paus út te lizzen.
Doe't in pear jier letter de Earste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1463-1479) útbriek, betteren de relaasjes tusken Skanderbeg en de Republyk Feneesje noch fierder op. De frede tusken harren fan 1448 waard op 20 augustus 1463 troch beide siden nochris bekrêftige, en de Fenesianen heakken dêr noch oan ta dat Skanderbeg en syn famylje it rjocht op polityk asyl yn 'e Republyk Feneesje hiene en dat fan in takomstige frede tusken de Republyk en it Osmaanske Ryk gjin sprake wêze koe as dêrby net ek de ûnôfhinklikens fan Albaanje fêstlein waard.
Yn novimber 1463 besocht paus Pius II in nije krústocht tsjin 'e Osmanen te organisearjen en dêrta nûge er alle kristlike lieders yn Jeropa út om mei te dwaan. De Fenesianen, dy't ommers dochs al yn oarloch wiene mei it Osmaanske Ryk, joegen dêr daliks gehoar oan, en Skanderbeg die itselde. Op 27 novimber ferbriek er it tsienjierrige bestân en ferklearre er de Osmanen wer de oarloch. Daliks foel er it Osmaanske leger fan Şeremet Bey oan, dat stjoerd wie om 'e Osmaanske fêstings yn 'e neite fan Ohrid fuort te sterkjen. Foar dy fjildtocht krige Skanderbeg de stipe fan Feneesje, dat in leger fan 1.000 man ûnder Antonio da Cosenza stjoerde. Nei't er Şeremet Bey derta ferlaat hie om him bûten de sterke muorren fan Ohrid te weagjen, fersloech er dyselde yn 'e Slach by Ohrid, wêrby't de Osmanen 10.000 man ferlearen. Dat wie in goed begjin foar de krústocht, mar it hiele fierdere plan kaam neat fan doe't paus Pius yn augustus 1464 op in krúsjaal momint yn 'e tarieding hommels kaam te ferstjerren. Fan gefolgen kaam Skanderbeg wer allinne foar de Osmanen oer te stean.
Yn april 1465 fersloech Skanderbeg yn 'e Slach by Vaikal it Osmaanske leger fan Ballaban Badera (of Ballaban Pasja), in etnysk Albaneeske sancakbey fan Ohrid. Yn dy fjildslach foel troch in mûklaach lykwols in groep fan 21 neiste fertroulingen fan Skanderbeg yn Osmaanske hannen, wêrûnder syn kavalerykommandant Moisi Golemi, syn kertiermaster-generaal Vladan Gjurica en syn omkesizzer Muzaka Kastrioti. Dyselden waarden troch Badera fuortendaliks nei Konstantinopel stjoerd, dêr't se oer in perioade fan fyftjin dagen libben strûpt waarden oant se it bestoaren, wêrnei't har liken yn stikken houd en oan 'e hûnen fuorre waarden. Skanderbeg syn smeekbeaen om him harren frijkeapje te litten waarden negearre. Letter datselde jiers besochten Badera en Jakup Bey om Skanderbeg mei in skjirrebeweging yn 'e tange te nimmen, mar yn 'e Twadde Slach by Vaikal makke er koarte metten mei Badera, wêrnei't er yn 'e Slach by Kashari, yn 'e neite fan Tirana, ôfweefde mei Jakup Bey. Nei ôfrin fan dy slaggen waarden alle Osmaanske kriichsfinzenen troch de Albanezen eksekutearre út wraak foar it lot fan Golemi, Gjurica en de oaren.
It Twadde Belis fan Krujë
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1466 joech sultan Mehmed sels lieding oan in Osmaansk leger fan 30.000 man dat yn Albaanje op 'e nij Krujë belegere. By dat twadde Belis fan Krujë waard de stêd ferdigene troch in 4.400 man tellend Albaneesk garnizoen ûnder Tanush Thopia. De Fenesianen makken fan Mehmed syn ôfwêzigens yn Konstantinopel gebrûk om in kampanje yn 'e Egeyske See te begjinnen, wêrby't in float ûnder Vettore Capello de eilannen Imbros en Lemnos ferovere en dêrnei de stêd Patras, oan 'e noardkust fan 'e Peloponnesos, belegere. Hoewol't de Osmaanske legeroerste yn Grikelân, Ömer Bey it belis al rillegau trochbriek, makke dit foar Mehmed dúdlik dat er eins net út Konstantinopel wei koe. Om't der alhiel gjin útsicht wie op 'e ferovering fan Krujë, kearde doe dêrhinne werom, wylst er syn leger by Krujë efterliet ûnder it befel fan Ballaban Badera. De Osmanen bouden yn 'e neite fan Krujë in eigen fêsting om harren belegering makliker te meitsjen. Dy fêsting, dy't se Il-basan neamden, woeks letter út ta Elbasan, wat no ien fan 'e grutste stêden fan Albaanje is.
Skanderbeg brocht de winter fan 1466 op 1467 yn Itaalje troch, dêr't er jild byinoar besocht te bringen om 'e oanhâldende oarloch mei de Osmanen fan te bekostjen. Op in stuit wied er yn Rome sa deunoan dat er syn hotelrekken net iens betelje koe. Paus Paulus II, dy't him lang net sa tagedien wie as eardere pausen, hold de hân op 'e knip en joech him úteinlik by syn ôfreis 2.300 dukaten mei. It Keninklik Hof yn Napels wie goederjousker, en dêr krige Skanderbeg sawol jild as wapens en oare foarrieden taparte. De konklúzje moat lykwols wêze dat Skanderbeg de kosten fan syn desennialange striid altyd foar it oergrutte part út eigen middels betelle, oanfolle mei guod dat bútmakke wie op 'e fijân.
Nei't er wer oerstutsen wie nei Albaanje, gie Skanderbeg in ferbûn oan mei syn eardere fijân Lekë Dukagjini, en tegearre fersloegen se op 19 april 1467 yn 'e Slach by Krrabë Osmaanske fersterkings dy't ûnder lieding fan Yonuz Badera, de broer fan Ballaban, ûnderweis wiene nei it Belis fan Krujë. Dêrby waard Yonuz kriichsfinzen nommen. Fjouwer dagen letter, op 23 april, foelen Skanderbeg en Dukagjini de Osmanen by Krujë oan, wêrby't de stêd ûntset waard. Ballaban Badera sneuvele by dat treffen troch de hân fan 'e Albaneeske heakbusskutter Gjergj Aleksi. Badera syn restearjende troepen, sa'n 10.000 man, rekken besingele en bepleiten in frije ôftocht. Skanderbeg wie ree om har dat ta te stean, nei't it skynt, mar Dukagjini en de oare Albaneeske lieders woene dêr neat fan witte en beävensearren dat de striid trochgie oant de Osmanen har oerjaan soene. Uteinlik wist in oansjenlik diel fan 'e Osmanen út te brekken en fia Dibra nei it suden te ûntkommen. Neitiid belegere Skanderbeg Elbasan, mar om't it him ûntbriek oan artillery en genôch troepen, slagge it him net om dy fêsting yn te nimmen.
Mei om't Skanderbeg mei syn oerwinning by Krujë op 'e nij grutte rom behelle hie, wie Mehmed II it oan syn ear ferplichte om yn 'e simmer fan 1467 wer tsjin him op te tsjen. Skanderbeg loek him werom yn 'e bergen, dêr't grutfizier Mahmud Pasja Anđelović him omdôch socht. Underwilens foel Mehmed sels oanhâldend de Albaneeske fêstings oan en died er ek útfallen nei de Fenesiaanske besittings oan 'e kust. Hoewol't it derûnder bringen fan Albaanje mislearre, krektlyk as it Trêde Belis fan Krujë, wie de ferwuostging dy't de Osmanen yn Albaanje oanrjochten ûnbidich. Yn jannewaris 1468 kamen Skanderbeg en de oare Albaneeske lieders yn it Fenesiaanske bolwurk Lezhë gear om har oer de sitewaasje te berieden en in nije strategy út te stippeljen. Yn dy snuorje rekke Skanderbeg oanhelle mei malaria en kaam er op 17 jannewaris 1468 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 62 jier. Hy waard begroeven yn 'e Sint-Nikolaastsjerke fan Lezhë, dêr't syn grêf nei de ferovering fan dy stêd troch de Osmanen iepenbrutsen waard, sadat de Osmaanske soldaten amuletten fan syn bonken meitsje koene. Se leauden nammentlik dat dy Skanderbeg syn moed en krigelens oerbringe soene op 'e drager.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Skanderbeg frege en krige Feneesje tastimming fan syn widdo om Krujë en de oare Albaneeske fêstings te ferdigenjen mei Fenesiaanske garnizoenen. Krujë sels waard yn 1477 foar de fjirde kear belegere, no troch Osmaanske troepen ûnder Gedik Ahmed Pasja. De stêd hold it út oan 16 juny 1478, doe't de úthongere ferdigeners har einlings oerjoegen. Der wie harren en har gesinnen in frije ôftocht ûnthjitten, mar doe't se ta de stêd út kamen, waarden de manlju ferriedlik troch de Osmanen fermoarde, wylst de froulju en bern ta slaaf makke waarden. Yn 1479 waard Shkodër belegere en ferovere troch Mehmed sels.
Skanderbeg syn soan Gjon II Kastrioti joech neitiid lieding oan it Albaneeske ferset fuort en besocht tusken 1481 en 1484 om 'e nocht om 'e troch Mehmed ferovere gebieten werom te winnen. Yn 1492 fûn der yn 'e Labëria-krite yn súdlik Albaanje in grutte opstân plak, foar it ûnderdrukken wêrfan't sultan Bayazid II sels fanwegen kaam. Yn 1501 stiek Gjergj II Kastrioti, de pakesizzer fan Skanderbeg, mei Progon Dukagjini en 150 oant 200 oare Albaneeske ballingen út Itaalje oer nei Lezhë om in nije opstân te organisearjen, mar ek dat mislearre. Datselde jiers joech de Republyk Feneesje de havenstêd Durrës (Durazzo) op, de lêste Fenesiaanske besitting op 'e Albaneeske kust.
De tankberens fan kening Ferdinand fan Napels oan Skanderbeg einige net mei dy syn dea. Yn in brief fan 24 febrewaris 1468 seid er: "Skanderbeg wie as in heit foar ús". Hy bea de widdo en soan fan Skanderbeg asyl oan en wreide dat út nei alle Albaneeske opstannelingen. De grutte mearderheid fan 'e Albaneeske hegerein naam sadwaande yn it lêste trêdepart fan 'e fyftjinde iuw de wyk nei it Keninkryk Napels en it dêrmei yn in personele uny ferbûne Keninkryk Sisylje, dêr't de Albaneeske ballingen eigen wengebieten tawiisd krigen en eigen doarpen stiften. Dat is de oarsprong fan 'e noch altyd besteande Albaneeske minderheid yn Itaalje, wêrfan't de leden ek wol Italo-Albanezen of Arberesjen neamd wurde.
Skanderbeg syn famylje waard ûnder de namme Castriota opnommen yn 'e adel fan it Keninkryk Napels en krige it hartochdom San Pietro in Galatina en it greefskip Soleto taparte, yn 'e provinsje Lecce. Syn soan Gjon troude dêr mei Jerina Branković, de dochter fan 'e earder útwykte Servyske balling Lazar Branković en ien fan 'e lêste neikommelingen fan 'e keizerlike Byzantynske Palaiologos-famylje. Twa linen fan neiteam fan Skanderbeg libben lange tiid yn súdlik Itaalje. Ien dêrfan stamme ôf fan Pardo Castriota Scanderbeg en de oare fan Achille Castriota Scanderbeg, dat allebeide oerwûne soannen wiene fan Ferrante Castriota, de soan fan Gjon en Jerina. It iennichste wettige bern fan Ferrante wie syn dochter Irene Castriota Scanderbeg, dy't him skonken wie troch syn frou Andreana Acquaviva d'Aragona, hartoginne fan Nardò. Sy brocht it hartochdom San Pietro in Galatina en it greefskip Soleto – en it bloed fan Skanderbeg – yn it laach Sanseverino nei har houlik mei prins Pietrantonio Sanseverino (1508-1559). Harren soan wie Nicolò Bernardino Sanseverino (1541-1606).
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e heale iuw dat Skanderbeg as opstanneling aktyf wie, rûn de Osmaanske opmars yn súdwestlik Jeropa fêst. Dat wie net inkeld syn fertsjinste, want ek de wjerstân fan 'e Hongaarske legeroerste János Hunyadi en it ferset fan 'e foarsten Vlad III Dracula yn Walachije en Steffen de Grutte yn Moldaavje spile dêrby in grutte rol. Mar Skanderbeg kearde yn elts gefal eigenhandich tsjin dat de Osmanen fia de havens fan Albaanje de smelle Strjitte fan Otranto nei de hakke fan 'e Lears fan Itaalje oerstekke koene oant de Italjaanske foarstedommen ree wiene om sa'n ynfal ôf te slaan. Dat soks net tinkbyldich wie, bewiist it feit dat Mehmed II yn 1481 de havenstêd Otranto yn Súd-Itaalje ferovere en de hiele manlike befolking om hals bringe liet.
Hoewol't Skanderbeg eins benammen in foarfjochter west hie fan it kristendom tsjin islamityske oerhearsking, waard syn neitins ûnder de Albaneeske Nasjonale Untwekking fan it begjin fan 'e tweintichste iuw yn in ramt fan Albaneesk nasjonalisme pleatst as in symboal fan 'e eigen etnisiteit en kultuer. Mei't fierwei de measte Albanezen tsjin dy tiid moslims wiene, waard it religieuze aspekt fan syn striid nei de eftergrûn ferkrongen. Skanderbeg waard ta in folksheld makke, ferlykber mei William Wallace foar de Skotten en Grutte Pier foar de Westerlauwerske Friezen. Sadwaande stiet op in prominint plak op it Skanderbegplein yn it sintrum fan 'e Albaneeske haadstêd Tirana it mânske Skanderbeg Monumint. De folksferhalen dy't no oer Skanderbeg ferteld wurde, wolle hawwe dat er nea mear as fiif oeren nachts sliepte en dat er mei ien slach fan syn kromswurd twa manlju midstwa houwe koe. Sa waard er in figuer fan 'e folkloare, hoewol't ek de histoaryske persoan net fergetten rekke. Op 27 oktober 2005 naam it Amerikaanske Kongres in resolúsje oan "ta eare fan 'e 600e bertedei fan Gjergj Kastrioti (Skanderbeg), steatsman, diplomaat en militêr sjeny, foar syn rol yn it rêden fan West-Jeropa fan 'e Osmaanske besetting".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.
|