Janitsaren

Ut Wikipedy
janitsaren
yeñiçeri
algemiene gegevens
lân Osmaanske Ryk
soarte ynfantery
bysûnderheden
haadkertier Adrianopel (1363-1453)
Konstantinopel (1453-1826)
sterkte 37.700 man (1609)
aktyf 13631826 (yn Algerije oant 1830)
konflikten
Slach op it Lysterfjild
Slach by Nikopolis
Slach by Ankara
Slach by Varna
Fal fan Konstantinopel
Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen
Osmaansk-Mammelûkske Oarloch (1516-1517)
Slach by Mohács
Earste Belis fan Wenen
Grutte Belis fan Malta
Twadde Belis fan Wenen
e.o.

De janitsaren (Osmaansk-Turksk: يڭيچرى, yeñiçeri; útspr.: [jeni'ʃeɾi], likernôch: "jee-ny-sjeery"; betsjutting: "nije soldaten") wiene in legerkorps yn it Osmaanske Ryk dat bestie út ynfantery-ienheden dy't as kargroepen beskôge waarden. It korps waard yn 1363 oprjochte en bestie lange tiid út ûntfierde en by wize fan belesting ta slaaf makke jonges út kristlike húshâldings. Dy waarden grutbrocht as moslims en krigen fan bern ôf oan in tige yngeande militêre oplieding. It wie harren ferbean om te trouwen of hannel te driuwen, en se wiene op it fanatike ôf trou oan 'e sultan. Se waarden ynset as syn liifwachten en as hofgarde, mar foarmen ek it earste steande leger út 'e moderne skiednis fan Jeropa.

Tsjin 'e santjinde iuw waarden de strange rekrutearringseasken loslitten, en fan dy tiid ôf joegen har in soad Osmaanske boargers by it korps fanwegen de hege sosjaal-ekonomyske status dy't de janitsaren hiene. Fan dat stuit ôf ûndergie it korps in proses dat wol omskreaun is as 'ferboargering', en ferlear it stadichoan syn militêre karakter. De janitsaren ûntjoegen har ynstee ta in soarte fan Pretoriaanske Garde, dy't nei eigen ynsjen sultans oanstelde en ôfsette, oant Mahmud II yn 1826 ûnder it saneamde Geunstich Ynsidint mei it korps ôfweefde, wêrby't sa'n 6.000 janitsaren sneuvelen of eksekutearre waarden.

Oarsprong en ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De formaasje fan 'e janitsaren fûn plak ûnder it regear fan sultan Moerad I (r. 1362-1389), de trêde hearsker fan it Osmaanske Ryk, en kin wierskynlik daterre wurde yn it jier 1363. Doe waard in belesting ynfierd fan in fyfdepart op alle slaven dy't bútmakke wiene yn 'e oarloch, en út dy boarne fan mankrêft waard in legerkorps opboud dat net ûnder it Osmaanske Ryk foel, mar ynstee dêrfan persoanlike trou oan 'e sultan ferskuldige wie. Neitiid waarden de rangen fan 'e janitsaren fan 'e 1380-er jierren oant 1648 oanfolle mei nije rekruten troch it devşirme-stelsel, dat eins in belesting yn 'e foarm fan slavernij wie. Dêrby waarden jonge jonges út net-islamityske húshâldings yn beslach nommen om as moslim grutbrocht en fan bern ôf oan ta soldaat oplaat te wurden.

Registraasje fan kristlike jonges foar de devşirme.

Dêrby gie it benammen om jonges út kristlike minderheden yn Anatoalje (lykas Armenen en Pontyske Griken) en fan 'e Balkan (lykas Griken, Bulgaren, Masedoaniërs, Albanezen, Serven, Kroäten, Hongaren en Roemenen). Joaden waarden nea oan 'e devşirme ûnderwurpen, en Turkske minderheden, lykas de (kristlike) Gagaûzen, likemin. Yn 't earstoan stiene alle net-Turkske kristenen likefolle bleat oan 'e devşirme, mar letter bestie der in dúdlike foarkar foar jonges út Bulgarije, Albaanje en Bosnje. Eltse fiif jier waard it hiele lân útkjimd troch Osmaanske regearingsfunksjonarissen, dy't de sterkste en sûnste soannen fan 'e kristlike ûnderdienen fan 'e sultan útsochten. Dy jonges, yn 'e regel yn 'e leeftyd fan seis oant fjirtjin jier, waarden dêrnei by harren âlden weihelle en in skoftke by Turkske gesinnen ûnderbrocht dêr't se de Turkske taal en gewoanten leare moasten. Teffens waarden se yndoktrinearre yn 'e islaam en ûnder twang besnien.

De meast bejeftige jonge rekrúten waarden nei de Enderun-skoalle stjoerd, in ofsiersoplieding dy't ferbûn wie oan it hof fan 'e sultan. Dêrwei koe men opklimme ta hege posten. Ien fan 'e bekendste janitsaren wie Sokollu Mehmed Pasja, in Serf dy't it ta grutfizier brocht, ûnder trije sultans efterinoar tsjinne en mear as fjirtjin jier lang de feitlike hearsker fan it Osmaanske Ryk wie. Neffens de Grykske skiedkundige Dimitri Kitsikis wiene in soad kristlike gesinnen ree om akkoart te gean mei it beteljen fan 'e devşirme fanwegen de kâns op maatskiplike foarútgong dy't dat systeem bea. Janitsaren koene ofsieren wurde of sels yn politike funksjes beneamd wurde en nei ferrin fan jierren weromkeare nei harren bertekrite, dêr't se dan grif harren oarspronklike famylje befoardiele soene.

De janitsaren wiene kapıkulları (inkeltal: kapıkulu), letterlik: "doartsjinners", wat delkaam op slaven fan 'e Porte, it Osmaanske regear. Dat betsjutte dat se gjin frije lju wiene, mar ek gjin gewoane slaven (köle). Se wiene ûnderwurpen oan strange dissipline, en mochten net hannel driuwe en gjin burden groeie litte (mar wol snorren). Ek mochten se net trouwe, en ûnder harren oplieding moasten se selibatêr libje, mar neitiid mochten se wol seksuële relaasjes hawwe. Oan 'e oare kant waard harren (oars as gewoane slaven) wol in salaris betelle en krigen se in pinsjoen as se te âld wurden wiene foar it leger. Yn 'e praktyk foarmen se in aparte maatskiplike klasse op harsels. Meitiid waarden se troch har militêre ynfloed en har befoarrjochte posysje as fertroulingen fan 'e sultan ien fan 'e Osmaanske hearskjende klassen, wêrby't se de aristokrasy nei de kroan stieken.

In tekening fan in janitsaar, makke troch de Fenesiaanske skilder Gentile Bellini.

Tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw joegen de sultans ta oan 'e druk fan 'e janitsaren en waard tastien dat de bern fan janitsaren ek yn it korps opnommen waarden, wat de foargeande twahûndert jier strang ferbean west hie. Yn dyselde snuorje begûnen de janitsaren harren spesjale rjochten en privileezjes by wet fêstlizze te litten. Neffens skilderijen út dy tiid waard it doe blykber ek tastien dat se burden groeie lieten. Troch dizze feroarings begûnen de janitsaren doe foar it earst út eigenbelang ynteresse foar de polityk te toanen. Om har eigen macht te behâlden, holden se neitiid iuwenlang alle herfoarmings fan 'e Osmaanske kriichsmacht tsjin en kearden se ek politike en maatskiplike fernijings op. Neffens moderne histoarisy spilen de janitsaren dêrmei in wichtige rol yn 'e stagnaasje fan 'e ûntwikkeling fan it Osmaanske Ryk.

De lettere Turkske presidint Mustafa Kemal Atatürk yn it tradisjonele unifoarm fan 'e janitsaren ta gelegenheid fan in kostumearre bal oan it begjin fan 'e tweintichste iuw.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It korps fan 'e janitsaren wie ferdield yn orta's. In orta (ekwivalint oan in bataljon) waard oanfierd troch in çorbaci (sprek út: "tsjorbadzjy"). Sultan Suleiman de Grutte hie yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw 165 orta's janitsaren, en dat tal naam meitiid ta oant 196. Alle orta's mei-inoar foarmen it eigentlike janitsarekorps, dat de ocak hiet (sprek út: "odzjak"). Hoewol't de sultan yn namme de kommandant fan 'e ocak wie, stie dy feitliks ûnder lieding fan 'e ağa, dy't de befelhawwer fan alle janitsaren wie. De ocak wie ferdield yn trije dielen:
● de cemaat (sprek út: "dzjemaat"), besteande út 101 orta's (de grinstroepen)
● de bölük of beylik, besteande út 61 orta's (de liifgarde fan 'e sultan)
● de sekban of seymen, besteande út 34 orta's (de reserve)
Fierders wiene der noch 34 orta's kadetten (acemi), en teffens wie der permanint in semy-autonoom korps janitsaren yn Algiers legere. Hast it hiele korps bestie út ynfantery; de 64e en 65e orta omfiemen de iennichste kavalery-ôfdielings.

Nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan 'e janitsaren foarmen se net de haadmacht fan it Osmaanske leger. Yn 'e Midsiuwen makken se tradisjoneel ientsiende part fan alle Osmaanske troepen út, wylst de sipahi, de Turkske kavalery it meastepart fan 'e rest opmakke. Fuort nei de oprjochting fan it korps, ein fjirtjinde iuw, wiene der 1.000 janitsaren, en yn 1475 wiene der likernôch 6.000. Fan 'e 1530-er jierren begûn in dramatyske útwreiding fan it korps, dy't gearfoel mei grutte feroverings fan nije gebieten. Yn 1530 wiene der 8.400 janitsaren, yn 1547 goed 12.000, yn 1582 krapoan 17.000 en yn 1592 mear as 23.000. De groei berikte om 1700 hinne in hichtepunt, doe't der likernôch 68.000 janitsaren wiene.

Gewearen yn gebrûk by de janitsaren, út ein 18e, begjin 19e iuw.

Bewapening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 't earstoan wiene de janitsaren betûfte bôgesjitters, mar se fierden fjoerwapens yn sadree't dy yn 'e 1440-er jierren foar it earst beskikber kamen. Dêrnjonken wiene se ek kundige sappeurs, dy't ûnderlein wiene yn it ûndermynjen fan fijannige fêstingwurken. Yn man-tsjin-mangefjochten makken janitsaren gebrûk fan striidbilen en kromswurden lykas de yataghan en de kilij. Yn fredestiid wiene se oarspronklik inkeld mei daggen en kneppels bewapene, of it moast wêze dat se oan 'e grins legere wiene. Janitsaren dy't as paleiswachters fungearren, hie grutte heksebilen en helleburden. Tsjin 'e sechstjinde iuw wiene de janitsaren bewapene mei kundich makke musketten, wylst se ek gebrûk makken fan iere hângranaten en fjildstikken. Pistoalen brûkte se yn 't earstoan net folle, oant dy wapens populêr waarden ûnder de Kretinzyske Oarloch (1645-1669) tsjin 'e Republyk Feneesje.

Janitsaren yn gefjocht mei Johanniter ridders ûnder it Belis fan Roados, yn 1522.

Ynset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Osmaanske Ryk sette de janitsaren yn foar alle grutte militêre konflikten, wêrûnder de Slach op it Lysterfjild, yn 1389; de Ferovering fan Konstantinopel, yn 1453; de ferskate Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen tusken 1463 en 1718; de striid tsjin 'e Mammelûken, yn 1516-1517; de Slach by Mohács, yn 1526; it Earste en Twadde Belis fan Wenen, yn 1529 en 1683; en it Grutte Belis fan Malta, yn 1565. De janitsaren waarden yn 'e striid altyd oanfierd troch de sultan sels. Yn fjildslaggen wie it dêrby tradisjoneel harren taak om stân te hâlden yn 'e midden, wylst de beide úteinen fan 'e Osmaanske slachoarder, dy't bestiene út kavalery, besochten en nim de fijân yn 'e skjirre.

Opstannen en ûndergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de janitsaren har fan 'e sechstjinde iuw ôf bewust waarden fan har eigen wichtigens, begûnen se geandewei almar mear te longerjen op in better libben. Tsjin it begjin fan de santjinde iuw hiene se sa'n prestiizje en ynfloed dat se it Osmaanske regear dominearren. As se it net iens wiene mei in beskaat belied, kamen se yn opstân en twongen se dêrmei in feroaring fan dat belied ôf. Harren macht woeks sa oan, dat se by steat wiene om sultans nei eigen ynsjoch ôf te setten en oan te stellen. Yn dyselde snuorje waarden de drege treningseasken foar nije janitsaren opskoarre ynsafier't it dêrby om bern fan janitsaren gie. Dy en oare maatregels dy't de dissipline fersloppen, ferminderen de militêre wearde fan it korps.

Osmaanske artillery, in pasja te pearde en, loftsûnder, in janitsaar, ûnder it Belis fan Esztergom, yn 1543.

De earste kears dat de janitsaren yn opstân kamen, wie yn 1449, doe't se hegere soldij easken en ek krigen. Doe't sokke opstannen meitiid almar mear foarkamen en de politike ynfloed fan 'e janitsaren ek oan ien wei tanaam, ûntjoegen se har op deselde wize as de Pretoriaanske Garde yn it Romeinske Ryk of de streltsy yn it Keizerryk Ruslân: se waarden de foarnaamste bedriging foar de monarch dy't se eins beskermje moasten. Nei 1451 fielde eltse nije sultan him twongen om as ien fan syn earste regearingsbesluten de janitsaren allegear in leansferheging te jaan. Yn 1566 joech sultan Selim II de janitsaren boppedat tastimming om yn it ferfolch te trouwen, wêrmei't er sels dan wol harren tank wûn, mar wêrmei't er tagelyk harren eksklusive trou oan syn dynasty ûndermine.

Tsjin 1620 wiene de janitsaren in earnstige bedriging foar de stabiliteit fan it Osmaanske Ryk wurden. Troch harren ynklauwerigens en brekme oan dissipline wiene se yn it ryk suver net mear te hanthavenjen, wylst se alhiel yneffektyf wurden wiene yn 'e striid tsjin bûtenlânske fijannen. Yn 1622 hie de jonge sultan Osman II syn nocht nei in nederlaach yn 'e Earste Poalsk-Osmaanske Oarloch tsjin Poalen. Hy besleat om it korps fan 'e janitsaren te ûntbinen, mar ear't er dêr stappen ta ûndernimme kinnen hie, kamen de janitsaren, nei't se geroften oer de plannen fan 'e sultan heard hiene, yn opstân. Se namen Osman yn 'e hechten en de jonge sultan waard koarte tiid letter yn finzenskip fermoarde.

In ağa fan 'e janitsaren yn 1768.

Yn 1804 hie in kliber janitsaren yn Servje, dat doe ûnderdiel wie fan it Osmaanske Ryk, tsjin 'e wil fan 'e sultan yn de macht grepen yn 'e Sandjak fan Smederovo. Om't se bang wiene dat de sultan de Servyske befolking tsjin harren opsette soe, besleaten se dat gefaar previntyf wei te nimmen troch alle foaroansteande eallju yn sintraal Servje te fermoardzjen, in foarfal dat bekend waard as de Servyske Foarstemoard. Yn 'e stêd Valjevo waarden de ôfhoude hollen fan 'e eallju op it stedsplein fertoand, om as ôfskrikwekjend foarbyld te tsjinjen foar dejingen dy't tsjin 'e janitsaren gearspanden. Dat wurke lykwols dwersferkeard, en feroarsake de Earste Servyske Opstân dy't úteinlik ta de fêstiging fan it ûnôfhinklike Keninkryk Servje late.

Yn 1807 waard sultan Selim III by in opstân fan 'e janitsaren ôfset, om't dy besocht hie en modernisearje it Osmaanske leger nei Napoleontysk foarbyld. It slagge Selim syn oanhingers net om him wer yn it seal te helpen foar't de troch de janitsaren oanstelde Mustafa IV him fermoardzje liet, mar yn 1808 holpen se Mahmud II op 'e troan. Doe't de janitsaren dyselde bedrigen, liet er de finzen nommen Mustafa IV terjochtstelle, en úteinlik wisten hy en de janitsaren in kompromis te sluten. De folgjende jierren konsolidearre Mahmud op diskrete wize syn posysje as sultan, wylst er yn it djipste geheim risselwaasjes trof om foargoed mei de janitsaren ôf te weven.

Yn 1826 wie de sultan ree om aksje te ûndernimmen. Troch in fatwa ynformearre er de janitsaren dat er in nij, modern leger oprjochtsje soe. Doe't se, sa't te ferwachtsjen foel, dêrtsjin yn opstân kamen, liet Mahmud harren kazernes troch syn artillery besjitte, wêrby't 4.000 janitsaren omkamen. Mei't se gjin effektive kriichsmacht mear foarmen, koe dêrnei mei de oerlibbenen koarte metten makke wurde. Nei't de janitsaren har oerjûn hiene, waarden nochris 2.000 fan harren eksekutearre, de lêsten yn 'e saneamde Toer fan it Bloed, yn Thessaloniki. De rest fan harren waard ferballe, en har besittings waarden troch de sultan konfiskearre. Dat hiele barren kaam neitiid bekend te stean as it Geunstich Ynsidint. It autonome janitsarekorps yn Algiers bestie noch fjouwer jier fuort, oant dat yn 1830 ek ûntbûn waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.