Springe nei ynhâld

Ynfantery

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotfolk)
Britske ynfantery yn 1916, ûnder de Earste Wrâldoarloch.

De ynfantery (fan it Frânske infanterie), foarhinne ek wol it fuotfolk neamd, is in ûnderdiel fan 'e lânmacht fan 'e legers fan alle lannen. It omskriuwt dy legerûnderdielen wêrfan't de soldaten te foet fjochtsje. De ynfantery hat it op it slachfjild yn 'e regel it swierst te ferduorjen en lijt ornaris de grutste ferliezen yn 'e striid.

De ynfantery ûnderskiedt him fan 'e oare beide tradisjonele lânmachtûnderdielen, de artillery (it swiere geskut) en de kavalery (foarhinne it hynstefolk, no de tanks en loftmobile troepen). Histoarysk sjoen is de ynfantery de âldste fan dy trije ûnderdielen, en ek hjoed de dei noch is de ynfantery foar in leger fan grutte wearde, mei't soldaten har geandefoets yn gebieten en op terreinen bejaan kinne dy't ûntagonklik binne foar ridend materieel (bergen, sompen, oerwâlden, ensfh.).

Moderne ynfantery beweecht him meastal net mear geandefoets fuort fan it iene slachfjild nei it oare, mar wurdt oer lân ferfierd mei meganisearre transport (legerfrachtweinen), oer wetter mei amfibyske lâningsfartugen, of troch de loft yn helikopters.

Soarten ynfantery

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk wiene der ferskate soarten ynfantery:

  • Aldheid:
  • Renêssânse:
  • 1700-1900:
    • fuseliers: bewapene mei gewearen (fan it Frânske fusil, "gewear")
    • grenadiers: karsoldaten of swiere ynfantery
    • jagers: lichte ynfantery, dy't û.m. ynset waard foar ferkenning
    • tirailleurs: lichte ynfantery dy't ta taak hie it front en de flanken fan swierdere ynfanteryformaasjes te bewekjen en foarôfgeande oan it eigentlike treffen in skermutseling mei de fijân oan te gean om te sjen hoe sterk oft dy wie

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations and notes en References, op dizze side.