Maskara

Ut Wikipedy
In maskarafleske mei in applikatorboarsteltsje oan 'e binnenkant fan 'e dop.

Maskara is in soarte make-up en in foarm fan kosmetika dy't bedoeld is om op 'e eachteisters te smaren om dy dûnkerder, langer en foller lykje te litten. De reden dêrfoar is dat soks as oantreklik beskôge wurdt, benammen foar froulju. Maskara is sadwaande in produkt dat hast allinne mar troch froulju brûkt wurdt. It komt foar yn ferskate kleuren, mar de gongbersten binne swart en dûnkerbrún.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is ûndúdlik wêr't de term "maskara" krekt wei komt, mar almeast wurdt oannommen dat it in lienwurd út it Spaansk is, fan máscara, dat "masker" of "besmodzging" betsjut. In oare mooglikheid is dat it fan it Italjaanske wurd maschera komt, dat ek "masker" betsjut. Besibbe wurden yn it Portegeesk binne máscara ("masker") en mascarra ("besmodzging"). It liket der sterk op dat al dizze wurden yn 'e neamde Romaanske talen úteinlings weromgeane op it Arabyske mascharah, dat "healwizeling" betsjut.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste foarm fan maskara waard brûkt yn it Alde Egypte, dêr't al om 4.000 f.Kr. hinne troch sawol manlju as froulju mei kohl de eachlidden en eachteisters swart makke waarden. Troch de ynfloed fan 'e Egyptyske kultuer bleau dy wizânsje yn eare yn 'e Babyloanyske, Grykske en Romeinske Aldheid. Mar nei de Fal fan it Romeinske Ryk rekke it oan it begjin fan 'e Midsiuwen yn Jeropa yn it neigean en waard fergetten, hoewol't it yn it Midden-Easten mank froulju as gebrûk fuortbestie. Pas yn 'e Fiktoriaanske Tiid, doe't yn 'e Westerske wrâld de maatskiplike opiny radikaal feroare, alteast wat it oanbringen fan kosmetika oangie om 'e skientme fan froulju te fergrutsjen, kaam maskara yn Jeropa mank de hegerein wer yn gebrûk.

In close-upfoto fan mei maskara besmaarde eachteisters.

Froulju makken yn 't earstoan harren eigen maskara fan in mingsel fan jiske of ruot en flearbeiesop. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûntwikkele de Frânske skiekundige Eugène Rimmel de earste kommersjeel ferhannele foarm fan maskara, troch it brûken fan it doe krekt ûntdutsen faseline. Dêrtroch waard de namme Rimmel synonym mei maskara en hjit dizze foarm fan kosmetika noch hieltyd sa yn in protte Jeropeeske talen, wêrûnder Spaansk, Portegeesk, Katalaansk, Baskysk, Turksk en Roemeensk. It bedriuw dat út it wurk fan Rimmel fuortkaam, Rimmel London, bestiet noch altyd. Oan 'e oare kant fan 'e Atlantyske Oseaan, yn 'e Feriene Steaten, makke Thomas Lyle Williams yn 1915 in selde soarte substânsje foar syn suster Mabel, dy't er yn 1917 begûn te ferkeapjen fia in bedriuw dat úteinlik Maybelline waard.

Yngrediïnten en swierrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moderne maskara ferskilt nei merk fan formule. De meast foarkommende yngrediïnten binne lykwols pigminten, oaljes, waaks en konservearringsmiddels. Kohl, dat yn 'e Aldheid in protte brûkt waard, hâldt it risiko fan leadfergiftiging yn en mei dêrom yn 'e measte Westerske lannen net mear tafoege wurde. Itselde jildt yn in protte lannen foar it gebrûk fan kwik. Nettsjinsteande dat kinne minsken dy't der gefoelich foar binne, in allergyske reäksje krije nei tapassing fan maskara, wat liedt ta opsette eachlidden en/of de ûntwikkeling fan ien of mear "strontsjes", fergroeiïngs fan 'e hûd fan it eachlid.

It oanbringen fan maskara.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maskara komt foar yn trije foarmen: floeistof, poeier en krêm. De floeistoffoarm, dy't yn 1957 troch Helena Rubinstein ûntwikkele waard, komt tsjintwurdich it measte foar. Sokke maskara sit yn in lyts plestik fleske mei in draaidop dy't oan 'e binnenkant in stâle mei in boarsteltsje hat. In protte maskara's binne net wetterfêst en soargje by bleatstelling oan rein of triennen foar swarte plakken op 'e eachlidden en de wangen. Ek by it útwriuwen fan 'e eagen kinne swarte fegen ûntstean. Der bestiet ek wetterfêste maskara, dêr't men sels mei swimme kin sûnder dat de make-up útrint, mar dêr hat men dan wer in spesjale, gefaarlik sterke remover foar nedich om it nei gebrûk te ferwiderjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.