Springe nei ynhâld

Eyeliner

Ut Wikipedy
In frou dy't opmakke is mei turkwaze eyeliner.

Eyeliner (útspr': [ˈaːilaːinər], likernôch: "aai-laai-nur" mei de Wâldfryske aai) is in foarm fan make-up en kosmetika dy't brûkt wurdt om 'e bûtenrâne fan 'e eagen oan te setten om 'e eagen mear opfalle te litten. Dat wurdt dien troch in dúdlike begrinzging oan te bringen tusken de hûdskleur fan 'e eachlidden en it eachwyt. Foar itselde doel wurdt ek wol in eachpotlead brûkt; it ferskil is dat sa'n potlead in fêste kleurstof befettet, wylst eyeliner út in floeibere substânsje bestiet. Der binne ek produkten op 'e merk dy't beide skaaimerken kombinearje, lykas stiften.

Eyeliner.

Eyeliner is almeast swart, mar it wurdt ek yn oare kleuren ferkocht, sels guon dy't folslein ûnnatuerlik binne, lykas blau of pears. Troch in râne om 'e eagen oan te bringen, jout men de eagen mear ekspresje. Dêrby jildt de regel: hoe tsjûker de râne om 'e eagen, hoe dramatysker it effekt. Eyeliner en soartgelikense produkten wurde yn it gebrûk hast altyd kombinearre mei maskara, dat de eachteisters foller en langer lykje lit, en eachskaad, dat kleur jout oan 'e boppeste eachlidden. Op eachpotleaden hat eyeliner foar dat der strakkere linen mei te lûken binne, dy't better sitten bliuwe om't eyeliner frij fluch hielendal opdrûget, wylst de potleadstreken fan in eachpotlead nea hielendal ynlûke en opdrûgje, sadat se maklik út te wiskjen binne as se by fersin oanrekke wurde.

Histoarysk giet it gebrûk fan eyeliner-eftige produkten tebek oant 10.000 f.Kr., doe't bewenners fan it Alde Egypte, Mesopotaamje en it Yndysk subkontinint tinne swarte linen om 'e eagen hinne ferven. Saakkundigen binne fan betinken dat se dat net inkeld diene om estetyske redens, mar ek om 'e eagen tsjin 'e sinne te beskermjen (sa't spilers fan Amerikaansk fuotbal ek tsjintwurdich noch gauris in swarte streek ûnder de eagen oanbringe). Mooglik spile ek byleauwe in rol, yn 'e foarm fan beskerming tsjin it boaze each. Yn 'e Egyptyske Aldheid bestie eyeliner fral út kohl, dat galena befette. Dat waard yn Egypte ymportearre út 'e Hoarn fan Afrika en West-Aazje wei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.