Alfred Stieglitz
Alfred Stieglitz (Hoboken, Nij-Jersey, 1 jannewaris 1864 – 13 july 1946) wie in Amerikaanske fotograaf en pleiter foar de moderne keunst. Stieglitz wie ek bekend fan de keunstgaleryen dy't er begjin 20e iuw yn New York City hie; hy yntrodusearre in protte Europeeskse avant-garde keunstners yn Amearika. Hy wie troud mei de skilderesse Georgia O'Keeffe.
Yn syn lange karriêre makke Stieglitz goed 2500 ûntwikkele foto's. Nei syn ferstjerren makke syn frou (O’Keefe) in oersjochsamling fan de bêste en meast komplete foto's, meast foto's dy't hja sels as de bêste beskôge fan wat har man makke hie. Yn guon gefallen brûkte sy ferskillende ferzjes fan deselde foto.
Dy fotosearjes binne fan tige grutte wearde omdat se in byld jouwe fan Stieglitz' ynsjoch yn estetyske komposysjes. Se keas allinne de troch Stieglitz sels ûntwikkele foto's, omdat hy fûn dat in wurk net ôf wie at dy stap net trochmakke wie. Yn 1949 joech sy it earste part, dy't hja de "key set" neamde, fan 1317 foto's oan de National Gallery of Art yn Washington D.C.. Yn 1980 heakke sy dêr nochris 325 foto's oan ta; it wiene meast foto's fan harsels, dêr't in soad neakens ûnder wiene. Dat totaal wienen it 1642 foto's. It is meast grutte en folsleine samling fan Stieglitz syn wurk yn de wrâld. Yn 2002 publisearre de Nasjonale Galery in katalogus fan 1012 siden yn twa bannen, de folsleine set, mei sekuere beskriuwingen fan de foto's.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
The Hand of Man, 1903 -
Going to the Start, 1905
-
The Steerage, 1915 publisearre -
Katherine, 1905 -
Miss S.R., 1905 -
Dirigible, 1910 -
Old and New New York, 1910 -
Georgia O'Keeffe, 1918 -
A Snapshot: Parys, 1911 (ien fan twa mei deselde titel) -
A Snapshot: Parys, 1911 (ien fan twa mei deselde titel) -
<central>The Terminal (1893)
-
Winter – Fifth Avenue (1893) -
Venetian Canal (1894) -
Ellen Koeniger, Lake George, 1916. -
Georgia O'Keeffe, Hands, 1918
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- William Innes Homer: Alfred Stieglitz and the American Avant-Garde. Secker & Warburg, 1977, ISBN 0-436-20082-1.
- William Innes Homer: Alfred Stieglitz and the Photo-Secession. Little, Brown and Company, Boston 1983, ISBN 0-8212-1525-6.
- Robert Doty: Photo-Secession: Stieglitz and the Fine-Art Movement in Photography. Dover Publications Inc., 1978, ISBN 0-486-23588-2.
- Alfred Stieglitz. Könemann, Keulen 2002, ISBN 3-89508-607-X.
- R. Scott Harnsberger: Four artists of the Stieglitz Circle: A sourcebook on Arthur Dove, Marsden Hartley, John Marin, and Max Weber. Greenwood Press, 2002, ISBN 0-313-31488-8.
- Sarah Greenough: Modern art and America: Alfred Stieglitz and his New York galleries. National Gallery of Art (werprint) by Little, Brown and Company, 2001, ISBN 0-8212-2728-9.
- Sarah Greenough: The Alfred Stieglitz Collection of Photographs at the National Gallery of Art, Washington, Volume I & II; Harry N Abrams, 2002, ISBN 0-89468-290-3.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- George Eastman House: Alfred Stieglitz Kolleksje
- PBS webside oer Stieglitz
- Circle’s Edge, in projekt om manuskripten oer Stieglitz, Georgia O’Keeffe en Paul Strand te indeksearjen.
- de keunst fan Fotografy: Kaaifguren
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alfred Stieglitz fan Wikimedia Commons. |