Paris Hilton

Ut Wikipedy
Paris Hilton, 2021
Paris Hilton yn Cannes op it Filmfestival
Plysjefoto fan Paris Hilton

Paris Whitney Hilton (New York City, 17 febrewaris 1981) is in Amerikaanske society-stjer, model, sjongster, DJ en aktrise. Lykas har suster Nicky Hilton is hja in oerpakesizzer fan Conrad Hilton, de oprjochter fan de Hilton Hotels Corporation.

Paris Hilton begûn bekend te wurden by it publyk troch it yn trewyn bringen fan feesten. Sûnt hja mei doetiidske freon Rick Salomon yn in selsmakke seksfideo te sjen wie, dy't 'útlekt' wie op it ynternet, hat hja in model-, muzyk- en filmkarriêre opbouwe kind. De seksfideo waard letter ûnder de titel 1 Night in Paris op dvd útbrocht.

It grutte famyljekapitaal stelt har by steat oermjittich te libjen. Sy sil in part fan de Hilton Hotel Corporation ervje fan har heit. It fermogen fan de famylje Hilton wurdt rûzd op $ 2,3 miljard, wat omrekkene sa'n € 1,5 miljard is. Op 17 septimber 2007 krige Paris Hilton € 86 miljoen fan har pake.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzjeoptredens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 'Paris' my new BFF
  • The Simple Life
  • The Simple Life 2: Road Trip
  • The Simple Life 3: Interns
  • The Simple Life 4: Till Death Do Us Part
  • The Simple Life 5: Goes To Camp
  • Veronica Mars (gastrol)
  • The OC (lytse gastrol)
  • Las Vegas (lytse gastrol)
  • Eminem's video Just lose it
  • Supernatural, seizoen 5, ôflevering 5 as harsels

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hilton hat blauwe eagen troch it dragen fan kontaktlinzen. De wiere kleur fan har eagen is brún.
  • Hilton stammett neffens de Dútske genealooch Ralf Jahn fan keizer Karel de Grutte ôf. Dat is net sa bysûnder, statistysk is it sa dat in mannichte minsken yn de westlike wrâld fan him ôfstammet. Hja is ek besibbe âld-presidint Theodore Roosevelt en Elizabeth Taylor.
  • Zsa Zsa Gábor is har styf-âldebeppe. Sy wie troud mei Conrad Hilton, Paris har âldepake.
  • De fans fan Paris neame harren Little Hiltons, in oantsjutting dy't Paris sels ek brûkt foar har fans.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]