Artdirector

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In artdirector, ek wol op 'e Ingelske wize stavere as art director (letterlik: "keunstregisseur") is in oantsjutting foar in ferskaat oan fierhinne gelikense beroppen yn it toaniel, de filmyndustry, tillefyzje, fideospultsjes, reklame, marketing, útjouwerij, moade en it ynternet. Sa'nent hat it tafersjoch oer de fisuele gearstalling fan in artistike produksje. Artdirectors binne ferantwurdlik foar de wize dy't de produksje brûkt om yn bylden mei it publyk te kommunisearjen en dêrtroch stimmings te stimulearjen en psychologysk oan 'e doelgroep te appellearjen. Dêrta nimt hy of sy beslissings oer de artistike styl fan 'e produksje en de fisuele eleminten dy't dêryn opnommen wurde.

Artdirectors binne benammen bekend út 'e film- en tillefyzjeyndustry, dêr't se as ôfdielingshaad (fan 'e artdirection) fungearje en ûnderhearrich binne oan 'e produksje-ûntwerper, dy't sels wer ûnder de produsint en de regisseur stiet. Behalven mei de produksje-ûntwerper wurkje artdirectors by film- en tillefyzjeproduksjes ek gear mei de setdresser en mei de (ûnder har pleatste) dekôrûntwerper. Yn dy kontekst is de artdirector ek ferantwurdlik foar it tawizen fan taken oan 'e leden fan 'e artdirectionôfdieling, it byhâlden fan it budget en de planning fan dy ôfdieling en it ferrjochtsjen fan in algemiene kwaliteitskontrôle fan it oplevere wurk. Teffens is er it oansprekpunt binnen syn ôfdieling foar de produsinten, de regisseur en leden fan oare ôfdielings, lykas de konstruksje-ôfdieling.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.