Janine Lindemulder
Janine Lindemulder | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Janine, Janine Lindemuller, Dakota | |
echte namme | Janine Marie Lindemulder | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 novimber 1968 | |
berteplak | La Mirada (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur, produsinte | |
jierren aktyf | 1990 – 1991 & 1992 – 2000 & 2004 – 2010 | |
offisjele webside | ||
www.freejanine.com |
Janine Lindemulder, folút: Janine Marie Lindemulder (La Mirada (Kalifornje), 14 novimber 1968), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur, pornoprodusinte en mainstream-aktrise, wa har efternamme oft ek wol misstavere wurdt as Lindemuller, hoewol't se har ûnder har karriêre yn 'e regel koartwei Janine neame liet.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Janine Lindemulder waard berne yn it Kalifornyske La Mirada, en groeide op yn súdlik Kalifornje. Yn 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren besocht se troch te brekken yn 'e mainstream-filmyndustry, mar de iennichste rollen dy't se krije koe, wiene dy fan "it domme blûntsje". Har earste rol wie yn 'e Italjaanske film Bersaglio sull'Autostrada, dy't yn 'e Angelsaksyske wrâld útbrocht waard as Moving Target. Letter spile se yn Amerikaanske B-films, lykas Lauderdale en Spring Break USA, mar dy films wiene sa ûnsúksesfol, en har eigen optreden dêryn sa ûnopmerklik, dat it mei har aktearkarriêre op 'e non rûn.
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lindemulder begûn te posearjen foar neakenblêden, lykas de Penthouse, dêr't se foar it earst yn stie yn 1987, as de Penthouse Pet fan 'e moanne desimber. Hja liet har de folgjende tsien jier noch ferskate oare kearen fotografearje foar de Penthouse, en behelle yn 1990 it twadde plak yn 'e Pet of the Year-ferkiezing. Se ferskynde ek yn in Penthouse-fideo, titele Penthouse Satin & Lace. Dat late derta dat se frege waard foar de sêft pornografyske low budget-film Caged Fury (1990), oer in frouljustichtshûs, dêr't ek de mainstream-akteur Erik Estrada yn spile. Datselde jiers noch makke se har debút yn in hurd pornografyske film, en se spile yn ferskate minder bekende films fan dat soarte. Fan 1990 oant 1991 ûnderbriek se har karriêre om in bern te krijen.
Doe't Lindemulder yn 1992 weromkearde yn 'e pornoyndustry en in kontrakt ôfsleat mei de studio Vivid Entertainment, betinge se dat se tenei inkeld noch mei oare aktrises hoege soe te wurkjen. Sadwaande makke se oant 2000 allinnich mar lesbyske pornofilms, lykas de Where the Boys Aren't-rige. Nettsjinsteande dat (of miskien wol dêrtroch) waard se al hiel gau ûnbidige populêr. Njonken har aktearwurk foarme se yn dy tiid ûnder de namme Blondage ek in strippersduo mei har kollega-pornoaktrise Julia Ann, dêr't se stripklubs yn hiel Amearika mei ôfreizgen. Fierders wurke se ek as regisseur en produsinte fan pornofilms.
Yn 2000 loek Lindemulder har werom út 'e pornoyndustry, nei eigen sizzen om beukerskoalûnderwizeresse te wurden. Yn april 2004 kearde hja lykwols werom as pornoaktrise, yn 't earstoan op 'e nij by Vivid, al sleat se letter in kontrakt mei Digital Playground. Nei har comeback spile se sawol mei manlju as mei froulju, en hie se fannijs grut súkses mei har films, lykas Pirates, út 2005, en Janine Loves Jenna (mei Jenna Jameson), út 2007. Oant se de pornoyndustry yn 2010 definityf farwol sei, spile Lindemulder yn likernôch 130 pornofilms, en dêrby wûn se 7 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Boppedat is se ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame.
Mainstream-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1997 hie Lindemulder in lytse roltsje yn 'e semy-autobiografyske film Private Parts, fan radiopresintator Howard Stern, as de frou fan in ferweakke regisseur. Fierders wie se ferskate kearen te gast yn it radioprogramma fan Stern. Teffens stie se op 'e omslach fan 'e cd Enema of the State, fan 'e popgroep Blink-182, en figurearre se yn in stikmannich fideoklips, lykas dy fan it nûmer What's My Age Again?, op 'e nij fan Blink 182.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Janine Lindemulder hat trijeris troud west. Fan 1988 oant 1996 wie se troud mei Grant S. Motshagen, mei wa't se yn july 1991 in soan krige, Tyler Grant Motshagen. Fan 2002 oant 2004 wie se troud mei motorbouwer Jesse James, de oprjochter fan West Coast Choppers, mei wa't se op 1 jannewaris 2004 in dochter krige, Sunny James. Fan 2009 oant 2010 wie se troud mei Jeremy Aiken. Alletrije houliken einigen yn in skieding.
Wylst se troud wie mei Grant Motshagen trof Lindemulder op fakânsje op Hawaï de sjonger Vince Neil, fan 'e rockband Mötley Crüe, mei wa't se, tegearre mei in oare frou (wierskynlik Penthouse Pet Brandy Ledford) seksuële omgong hie. In fideotape fan it barren kaam op ûnferklearre wize yn it besit fan Vivid Entertainment, dat it útjoech ûnder de titel Janine & Vince Neil: Hardcore & Uncensored (yn deselde "rige" dêr't ek de bekendere sekstape fan aktrise Pamela Anderson en Mötley Crüe-drummer Tommy Lee diel fan útmakke).
It houlik mei Jesse James waard in dokumintêre oer makke troch it Discovery Channel, mei as titel Motorcycle Mania 3. Dêryn waarden Lindemulder en James folge fan 'e houliksseremoanje, yn oktober 2002, oant de relaasje yn 2003 alhiel misrûn en Lindemulder James behalven skelwurden ek in faas nei de holle slingere en dêrfoar arrestearre waard. De fâdij oer dochter Sunny waard oan James tawiisd, wat reden wie fan nije deilisskip tusken de beide âldelju, en wat der boppedat ta late dat Lindemulder ferskate kearen oppakt waard foar stalking.
Yn augustus 2008 waard Lindemulder feroardiele foar belestingûntdûking fan $ 294.000,—, en moast se in jier it tichthûs yn, njonken dat har in boete fan $ 100.000,— oplein waard. Fanwegen goed gedrach kaam se yn july 2009 earder frij.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1994 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Julia Ann) | Hidden Obsessions |
XRCO Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Julia Ann) | Hidden Obsessions | |
1997 | AVN Award | wûn | bêste opfiering fan in striptiis | Extreme Close-Up |
2000 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Julia Ann) | The Seven Deadly Sins |
wûn | bêste byrol fan in aktrise | The Seven Deadly Sins | ||
2002 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne fan in pearke (fideo) (mei Nick Manning) | Maneater |
2006 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Haley Paige) | The Villa |
nominearre | bêste sekssêne fan in pearke (film) (mei Dale DaBone) | The Villa | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (film) (mei Jassie, Julian en Evan Stone) | The Villa | ||
nominearre | bêste aktrise (film) | The Villa | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jesse Jane) | Pirates | ||
wûn | bêste aktrise (fideo) | Pirates | ||
XRCO Award | wûn | milf fan it jier | n.f.t. | |
2007 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Dasha) | Emperor |
nominearre | bêste orale sekssêne (film) (mei Rocco Siffredi) | Emperor | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Evan Stone) | Janine's Been Blackmaled | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Rocco Siffredi) | Emperor | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Mr. Marcus en Sean Michaels) | Janine's Been Blackmaled | ||
nominearre | bêste aktrise (film) | Emperor | ||
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) | Emperor | ||
XRCO Award | wûn | milf fan it jier | n.f.t. | |
ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. | ||
2008 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jenna Jameson en Justine Joli) | Janine Loves Jenna |
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Janine Loves Jenna | ||
2009 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise | Pipe Dreams |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside fan Janine Lindemulder
- Biografy en filmografy fan Janine Lindemulder yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |