Bill O'Reilly

Ut Wikipedy
Bill O'Reilly
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme William James O'Reilly jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 septimber 1949
berteplak New York (New York)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
flagge fan de Feriene Steaten Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as radiokommentator
tillefyzjekommentator
skriuwer
medium radio, tillefyzje
jierren aktyf 1973 – hjoed-de-dei
offisjele webside
billoreilly.com

William James O'Reilly jr. (New York (New York) 10 septimber 1949) is in Amerikaanske sjoernalist, skriuwer, konservatyf polityk kommentator en eardere tillefyzjepresintator. Yn de lettere 1970-er en de 1980-er jierren wie er in ferslachjouwer foar pleatslike tillefyzjestjoerders yn de Feriene Steaten, en letter foar CBS News en ABC News. Hy wie de presintator fan it tabloid-programma Inside Edition fan 1989 oant 1995. O'Reilly kaam op keabeltillefyzje by de nijsstjoerder Fox News yn 1996 en wie de presintator fan The O'Reilly Factor oant 2017. Dat programma waard it meast besjoene programma op keabeltillefyzje foar 16 jier lang. Hy wie de presintator fan syn radioprogramma The Radio Factor fan 2002 oant 2009 en is in skriuwer fan ferskate boeken.

O'Reilly syn karriêre yn de media rekke yn it neigean nei't in ûndersyk fan The New York Times sjen liet dat er seis froulju krapoan $50 miljoen betelle hie foar skikkings oangeande seksuële yntimidaasjes. Nei't The New York Times sjen liet dat O'Reilly en Fox News skikkings fan $13 miljoen dien hiene foar fiif rjochtsaken oangeande seksuële yntimidaasje joech Fox News O'Reilly yn april 2017 dien. Hy sette dêrnei útein mei in podcast, No Spin News.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bill O'Reilly waard berne op 10 septimber 1949 yn Columbia Presbyterian Hospital yn Manhattan as soan fan William James Sr. en Winifred Angela (Drake) O'Reilly, dy't respektivelik út Brooklyn en Teaneck (Nij-Jersey) kamen. Hy is fan Iersk, en in bytsje fan Ingelsk, benammen koloniaal Amerikaansk, komôf. Doe't Bill O'Reilly berne waard, libbe syn famylje yn in lyts apartemint yn Fort Lee (Nij-Jersey). Yn 1951 ferhuze de húshâlding nei Levittown op Long Island. Bill'O Reilly hat in suster, Janet.

Bill O'Reilly gie nei de katolike skoalle St. Brigid yn Westbury en letter nei de katolike jongesskoalle Chaminade High School yn Mineola, dêr't er honkbal spile. Syn heit woe dat er dêrhinne gie, ynstee fan nei de iepenbiere skoalle. Yn dat tiidrek moete er de lettere popsjonger Billy Joel, dy't er in "gangster" neamde.

Nei't er yn 1967 fan Chaminade slagge, gie er nei Marist College yn Poughkeepsie, dêr't er in earestudint yn it fak skiednis wie. Hy gie ien jier nei Queen Mary College oan de Universiteit fan Londen. Dêr krige er yn 1971 in bachelorgraad yn skiednis. Hy spile ek semyprofesjoneel honkbal foar de New York Monarchs. Nei't er fan Marist College slagge, ferhuze er nei Miami dêr't er lessen Ingelsk en skiednis oan de Monsignor Pace High School joech. Yn 1973 gie er werom nei skoalle, nei Boston University, dêr't er in mastergraad yn it fak omropsjoernalisme krige. Doe't er yn Boston wie, wie er in ferslachjouwer en kollumskriuwer foar ferskate pleatslike kranten en rûn er staazje by de nijsstudio fan WBZ-TV.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1973 sette O'Reilly útein mei syn tillefyzjekarriêre as ferslachjouwer en waarman by WNEP-TV yn Scranton (Pennsylvania). Nei't er by WFAA-TV yn Dallas wurke hie, gie er oan de slach by KMGH-TV yn Denver, dêr't er in pleatslike Emmy Award krige.

Yn 1980 waard er ferslachjouwer by WCBS-TV yn New York, dêr't er syn twadde pleatslike Emmy Award krige troch in ûndersyk dy't er die nei korrupsje yn it stedsbestjoer.

Yn 1982 waard er in korrespondint foar CBS News, dêr't er ferslach makke fan de krigen yn El Salvador en de Falklâneilannen fan syn basis yn Buenos Aires ôf.

Yn 1986 gie O'Reilly nei ABC News, dêr't er twa Emmy Awards en twa Headliner Awards foar bysûnder ferslachjouwing fertsjinne.

Inside Edition[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1989 kaam er as presintator fan it tabloid- en rabbersprogramma Inside Edition fan CBS te wurkjen, trije wike nei't it programma úteinsette. Hy wie ien fan de earste Amerikaanske ferslachjouwers dy't yn Berlyn wie doe't de Berlynske Muorre delkaam. Ek wie er ien fan de earste ferslachjouwers dy't by de rebûlje yn Los Angeles 1992 wie. Yn july 1994 liet er witte dat er mei it programma ophâlde woe en yn 1995 waard er ferfongen troch Deborah Norville, dy't earder in presintator foar CBS News en NBC News wie.

Op 12 maaie 2008 dûkte der in filmke op Youtube op fan in outtake fan Bill O'Reilly út 1990 doe't er by Inside Edition wurke. Dêryn âle er omraak op syn meiwurkers doe't er swierrichheid hie de einigjende sinnen fan de tilleprompter te lêzen yn it foarôf opnommen programma. Dêryn raasde er: "godferdomme, dan dogge we it mar streekrjocht".

The O'Reilly Factor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The O'Reilly Factor.
Bill O'Reilly op besite by Amerikaanske striidkrêften yn Irak yn 2006
Bill O'Reilly ynterviewt eardere presidint George W. Bush yn 2010
Bill O'Reilly yn 2010
Bill O'Reilly yn petear mei Jeffrey Jamieson

Yn oktober waard O'Reilly oannommen troch Roger Ailes, de algemien direkteur fan de nije nijsstjoerder op keabeltillefyzje Fox News dat foar in konservatyf publyk ornearre waard. O'Reilly waard de presintator fan it praatprogramma The O'Reilly Report dat al gau omneamd waard ta The O'Reilly Factor. It programma wie foarôf opnommen yn de studio yn New York en waard útstjoerd yn de haadstjoertiid (prime time) om 8 oere jûns (pleatslike tiid) en waard werhelle om 11 oere jûns. Hy wie it meast besjoene programma fan alle trije Amerikaanske keabelstjoerders (dêrt' de oaren CNN en MSNBC binne).

Progressive mediahifkers lykas Media Matters for America en Fairness and Accuracy in Reporting hawwe krityk utere op syn manier fan ferslachjaan oer ferskate ûnderwerpen, dêr't se him derfan beskuldigen de feiten te ferfoarmjen en mislate en falske statistiken te brûken. Yn 2008 dêr't der nei ferskate ûnwierheden op ferwiisd waarden, rôp Media Matters him út ta "falsk ynformateur fan it jier".

Op 27 augustus 2002 rôp O'Reilly alle Amerikanen op om Pepsi-produkten te boykotten, om't de sjongteksten fan rapper Ludacris, dy't reklamespotsjes foar Pepsi die, neffens O'Reilly oanset joegen ta "geweld mei gewearen, drugs en brekme oan respekt foar froulju". Twa jier letter ferwiisde Ludacris yn ien fan syn lieten nei O'Reilly mei syn rjochtsaak oangeande seksuële yntimidaasje tsjin Andrea Mackris wylst er noch troud wie.

Doe't O'Reilly op 18 maart 2003 gast wie yn it programma Good Morning America fan ABC, sei er ta: "as de Amerikanen Irak yn geane en Saddam Hussein omsmite, en as it skjin is (fan massaferneatigingswapens).... sil ik my oan it lân ferûntskuldigje en sil it regear fan Bush nea mear betrouwe". Doe't er op 10 febrewaris 2004 fannijs gast wie yn itselde programma waard er frege as er syn belofte wiermeitsje soe, en hy andere dêrop: "myn analyse wie ferkeard en it muoit my. Ik hie it ferkeard. Ik bin der alhiel net bliid oer. Ik bin no folle mear skeptysk foar it regear Bush oer as ik doe wie".

Yn begjin 2005 kreake er gauris George Tiller, in dokter yn Kansas dy't spesjalisearre wie yn abortus yn de twadde en tredde trimester, ôf, en ferwiisde nei him as "Tiller the baby killer" (Tiller de poppemoardner). Tiller waard op 31 maaie 2009 fermoarde troch Scott Roeder, in anty-abortusaktivist. Kritisi beskuldigen O'Reilly derfan dat er de oanset dêrta jûn hie. Oaren fûnen dat O'Reilly gjin skuld hie.

Yn ier 2007 joegen ûnderikers fan de School of Journalism fan de Universiteit fan Indiana in ferslach út, dy't it Talking Points Memo part fan O'Reilly syn programma analysearren. Hja kamen ta de konklúzje dat O'Reilly propaganda en skeldwurden brûkte en algeduerigen net-Amerikanen as drigings en nea as "slachtoffers of helden" seach.

Op 19 april 2017 makke Fox News buorkundich dat O'Reilly net weromkomme soe yn harren programmearring nei't der ferslach fan makke waard dat er krapoan $ 50 miljoen útbetelle hie oan skikkings mei seis froulju dy't him fan seksuële yntimidaasje beskuldigen. It programma gie ynearsten troch ûnder de namme The Factor, dy't presintearre waard troch Dana Perino. Op deselde dei makke Fox News bekend dat Tucker Carlson syn programma in oere earder útstjoerd wurde soe as ferfanging fan O'Reilly en dat The Five mei Jesse Watters Carlson syn programma op syn âlde tiid ferfange soe.

Nei Fox News[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bill O'Reilly sette op 24 april 2017 útein mei in podcast: No Spin News (betsjut:net ferdraaid nijs). Yn maaie 2017 kaam O'Reilly gauris as gast op freeds op de Glenn Beck Radio Program. Yn juny 2017 setten O'Reilly en Dennis Miller útein mei in publike sprektoer "The Spin Stops Here" (it ferdraaien hâldt hjir op).

O'Reilly ferskynde foar it earst op Fox News op 26 septimber 2017 doe't er troch Sean Hannity ynterviewd waard. Yn july 2020 waard O'Reilly syn programma No Spin News útstjoerd op de tige konservative keabelstjoerder Newsmax TV

Seksuële yntimidaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 13 oktober 2004 spande O'Reilly in rjochtsaak oan tsjin Andrea Mackris, in eardere produsint fan de The O'Reilly Factor, foar ôfparsing. O'Reilly beskuldige har dêrfan dat se him mei in rjochtsaak drige of it moast wêze dat er har mear as $60 miljoen útbetelje soe. Letter deselde deis spande Mackris in rjochtsaak tsjin O'Reilly oan foar $60 miljoen yn skea. Op 28 oktober 2004 kamen se ta in skikking, dêr't Mackris har beskulding fan seksuële yntimidaasje falle litte soe, en O'Reilly soe syn rjochtsaak tsjin har ynlûke. De betingsten waarden temûk holden, mar neffens in ferslach yn The New York Times yn 2017 betelle O'Reilly Mackris $9 miljoen en makken se buorkundich dat der "neat ferkeard dien waard".

Nei't de direkteur fan Fox News, Roger Ailes, fan seksuële yntimidaasje beskuldige waard troch eardere meiwurker Gretchen Carlson, sei O'Reilly yn 2016 dat Ailes it "doel" wie as in "ferneamd, machtich en woltierich persoan" en neamde him de "bêste baas dy't ik ea hân hie". Nei't Ailes dien krige en it netwurk in skikking mei Carlson die, sei O'Reilly: "foar ien kear yn myn libben, sil ik my de bek hâlde".

Justjes nei't Ailes dien krige, die Fox News in skikking mei eardere meiwurker Juliet Huddy, dy't O'Reilly fan seksuële yntmidaasje beskuldige. Hja sei dat O'Reilly besocht in romantyske relaasje mei har oan te gean, en makke ûnseedlike opmerkings. The New York Times makke ferslach dat er in skikking mei har dien hie foar $1,6 miljoen. Yn augustus 2016 spande eardere meiwurker Andrea Tantaros in rjochtsaak oan tsjin Fox News oangeande seksuële yntimidaasje, en beskuldige O'Reilly dêrfan dat er seksuële opmerkings foar har oer die. Dy rjochtsaak einige yn it neidiel fan Tantaros op grûnwurk fan spekulaasje.

The New York Times makke yn april 2017 ferslach fan dat O'Reilly en Fox News fan 2002 ôf fiif skikkings dien hiene. Ynearsten wiene allinnich de skikkings oan Mackris en Huddy bekend makke. Fox-meiwurkers Rebecca Diamond en Laurie Dhue diene skikkings yn respektivelik 2011 en 2016 en produsint Rachel Witlieb Bernstein die yn 2002 in skikking mei Fox News. De totale skikkings wiene likernôch $13 miljoen.

Yn oktober 2017 waard it bekend dat O'Reilly troch eardere Fox-meiwurker Lis Wiehl derfan beskuldige waard in seksuële relaasje sûnder har ynstimming mei har begjinne te wollen. O'Reilly betelle Wiehl $32 miljoen.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bill O'Reilly wie troud mei Mauren E. McPhilmy. Hy moete har yn 1992 en harren troudei fûn plak yn St Brigid Parish yn Westbury (New York) op 2 novimber 1996. Hy hie in dochter Madeline, berne yn 1998, en in soan Spencer, berne yn 2003, mei har.

It pear gie op 2 april 2010 útinoar en skate op 1 septimber 2011.

Yn maaie 2015 lieten rjochtsdokuminten, oer in fâdijskeel tusken O'Reilly en McPhilmy, sjen dat der in beskuldiging fan húslik geweld wie. Nei dy beskuldiging liet O'Reilly troch syn abbekaat witte dat dy beskuldigings "100% falsk" wiene. In febrewaris 2016 ferlear O'Reilly in rjochtsaak oer fâdij oer syn beide bern.

Boeken fan Bill O'Reilly[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bill O'Reilly hat ferskate boeken skreaun, en in stikmannich yn de mande mei in oare skriuwer:

  • Those Who Trespass. Bancroft Press. ISBN 0-9631246-8-4.
  • The O'Reilly Factor: The Good, the Bad, and the Completely Ridiculous in American Life. Broadway Books. ISBN 0-7679-0528-8.
  • The No Spin Zone. Broadway Books. ISBN 0-7679-0848-1.
  • Who's Looking Out For You?. Broadway Books. ISBN 0-7679-1379-5.
  • The O'Reilly Factor For Kids: A Survival Guide for America's Families. Harper Entertainment. ISBN 0-06-054424-4.
  • Culture Warrior. Broadway Books. ISBN 0-7679-2092-9.
  • Kids Are Americans Too, tegearre mei William Morrow. ISBN 978-0-06-084676-3.
  • A Bold Fresh Piece of Humanity: A Memoir. Broadway Books. ISBN 978-0-7679-2882-3.
  • Pinheads and Patriots: Where You Stand in the Age of Obama, tegearre mei William Morrow. ISBN 978-0-06-195071-1.
  • Factor Words: A Collection of the O'Reilly Factor Favorite "Words of the Day". A Bill Me Inc. ISBN 978-1450789783.
  • Killing Lincoln: The Shocking Assassination that Changed America Forever, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9307-0.
  • Lincoln's Last Days: The Shocking Assassination that Changed America Forever, tegearre mei Dwight Jon Zimmerman. New York: Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9675-0.
  • Killing Kennedy: The End of Camelot, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9666-8.
  • Kennedy's Last Days: The Assassination That Defined a Generation. Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9802-0.
  • Keep It Pithy: Useful Observations in a Tough World. Crown Archetype. ISBN 978-0-385-34662-7.
  • Killing Jesus: A History, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9854-9.[173]
  • The Last Days of Jesus: His Life and Times. Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9877-8.
  • Killing Patton: The Strange Death of World War II's Most Audacious General, tegearre mei Martin Dugard Henry Holt and Co. ISBN 978-0-8050-9668-2.[174]
  • Bill O'Reilly's Legends and Lies: The Real West, tegearre mei David Fisher. Henry Holt and Co.
  • Hitler's Last Days: The Death of the Nazi Regime and the World's Most Notorious Dictator. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-62779-396-4.
  • Killing Reagan: The Violent Assault That Changed a Presidency, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co.[175]
  • The Day the President Was Shot. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-62779-699-6.
  • Killing the Rising Sun: How America Vanquished World War II Japan, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-6277-9062-8.[176]
  • Give Please a Chance, tegearre mei James Patterson. Jimmy Patterson. ISBN 978-0316276887.[177]
  • Old School: Life in the Sane Lane, tegearre mei Bruce Feirstein. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-2501-3579-7.[178]
  • Killing England: The Brutal Struggle for American Independence, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-6277-9064-2.[179]
  • Killing the SS: The Hunt for the Worst War Criminals in History, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 978-1-2501-6554-1.[180]
  • The United States of Trump: How the President Really Sees America. Thorndike Press. ISBN 978-1-4328-6935-9[181]
  • Killing Crazy Horse: The Merciless Indian Wars in America, tegearre mei Martin Dugard. Henry Holt and Co. ISBN 9781627797047.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.