Ierdskodding fan San Francisco (1906)

Ut Wikipedy
City Hall (20 april 1906)

De Ierdskodding fan San Francisco yn 1906 wie in grutte ierdskodding dy't San Francisco, Kalifornje en de kust fan noardlik Kalifornje op woansdei, 18 april fan dat jier de moarns om 05:12 oere trof.

Alhoewol't de rûzings fan de ierdskodding tusken 7.7 en 8.25 op de momintmagnitudeskaal lizze, wurdt de mjitting fan 7.8 it meast akseptearre. It epysk sintrum fan de ierdskodding lei likernôch 3 kilometer út de kust en rûn by de San-Andreasbreuk lâns nei it noarden en suden ta oer in lingte fan 477 kilometer.

It skodzjen fan de ierde koe fan Oregon oant Los Angeles en yn it binnenlân oant sintraal Nevada field wurde.

Gefolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierdskodding en de dêr op folgjende brannen wurde as ien fan de grutste natuerlike rampen yn de skiednis fan de Feriene Steaten beskôge. It tal deadlike slachtoffers fan de ramp wurdt op mear as 3.000 rûsd. Mear as de helte fan de ynwenners rekke dakleas en likernôch 28.000 gebouwen gyngen ferlern.